Grutte Wetterpoarte (Delfsyl)

De Grutte Wetterpoarte (Nederlânsk: Grote Waterpoort) is ien fan de wetterpoarten yn de Grinslânske stêd Delfsyl en stite oan de ein fan de Havenstraat. De hjoeddeistige Wetterpoarte waard yn 1833 boud en ferfong in earderen ien. Delfsyl hat ek noch in oare wetterpoarte, de Lytse Wetterpoarte (Kleine Waterpoort of ek wol De Ruyterpoort). De funksje fan de Grutte Wetterpoarte is wetterkearing en -trochlit. Hy kin ek as weingat brûkt wurde.

Grutte Wetterpoarte
Grote Waterpoort
bouwurk
De Grutte Wetterpoarte fan Delfsyl
De Grutte Wetterpoarte fan Delfsyl
lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
plak Delfsyl
adres Waterstraat 1
koördinaten 53° 19' 53" N 6° 55' 45" E
bysûnderheden
type bouwurk Fêstingwurk
subtype Wetterpoarte
boujier 1833
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 12311
kaart
Grutte Wetterpoarte (Delfsyl-Sintrum)
Grutte Wetterpoarte

De Grutte Wetterpoarte waard yn de 1970-er jierren restaurearre.

By heech wetter wurdt de poarte sletten troch middel fan in metalen doar. Oan de havenkant is in stien mei in ynskripsje dy't de springfloed fan 1962 oanjout.

Eardere wetterpoarte

bewurkje seksje

De hjoeddeistige wetterpoarte waard yn 1833 boud dy't de eardere wetterpoarte, boud yn 1715, ferfong. By it Belis fan Delfsyl (1813-1814) waard de poarte sletten. Nei it belis kamen Ingelske mariniers de fêstingstêd Delfsyl yn troch de Grutte Wetterpoarte.

 
Stien mei ynskripsje dy't de floed fan 1962 oanjout