Gerard van Klaveren

Gerard van Klaveren (Terneuzen, 7 maaie 1951) is in Nederlânsk politikus en publisist.

Gerard van Klaveren
politikus
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
bertedatum 7 maaie 1951
berteplak Terneuzen
partij VVD
fraksjefoarsitter fan de VVD yn Opsterlân
amtsperioade 1982 - 1989
fraksjefoarsitter fan de VVD yn Fryslân
amtsperioade 1988 - 1995
deputearre fan Fryslân
amtsperioade 1995 - 2003
boargemaster fan Weststellingwerf
amtsperioade 2005 - 2017
foargonger Remco Heite
opfolger André van de Nadort
boargemaster fan It Amelân (wnd.)
amtsperioade 2018 - 2020
foargonger Albert de Hoop
opfolger Leo Pieter Stoel

Sûnt 2003 is er honorêr konsul fan Yslân en sûnt 2005 is er boargemaster fan de gemeente Weststellingwerf. Fan 1995 oant 2003 wie er deputearre fan Fryslân. Yn dy funksje joech er yn 1999 de oanset ta it Fryske Marreprojekt, in ynvestearringsprogramma fan 330 miljoen euro ornearre om de kwaliteit fan it toeristysk produkt De Friese Meren op te wurdearjen. Eerder wie er fan 1982–1989 fraksjefoarsitter fan de VVD-fraksje yn de gemeenteried fan Opsterlân en fan 1988 oant 1995 fraksjefoarsitter fan de VVD-fraksje yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Oarspronklik wie Van Klaveren makeler yn bedriuwhúsfêsting by DTZ.

Yn 1997 wie Van Klaveren inisjatyfnimmer ta it setten fan in stânbyld fan Harry (Cuby) Muskee, yn Grolloo, de sjonger fan Cuby + Blizzards. Dêrnei rjochte er yn 2000 de Stichting Erfgoed Muskee op, dy't yn 2011 yn Grolloo it Cubymuseum realisearre. Yn 2009 waard troch Van Klaveren de Stifting Liet International oprjochte. Dy stichting hat as doel sjongfestivals te organisearjen foar lieten songen yn Jeropeeske minderheidstalen.

Yn 1999 waard Van Klaveren troch de minister fan ekonomyske Saken beneamd ta foarsitter fan d eStjoergroep Setifisearring Makelers. De opdracht fan 'e stjoergroep wie: ûntwikkelje in troch de brânsj breed droegen sertifisearringsregeling. De minister oppenearre dat dat nedich wie, fanwegen de troch it kabinet foarstelde ôfskaffing fan de titelbeskerming en beëdiging fan makelers mei yngong fan 1 jannewaris 2001. De ornearre sertifisearringsregeling kaam yn 2000 ta stân.

Fanwegen de weromrinnende greidef☼gelstân en benammen dy fan 'e ljip, naam Van Klaveren as boargemaster fan Weststellingwerf it beslút en brek mei de jierrenlange tradyje en Fryslân en neim net it earste ljipaai yn ûntfangst. Hy wie dêrmei de earste boargemaster dy't dêrmei in punt makke.

Boeken/publikaasjes

bewurkje seksje

By útjouwerij W.J. Thieme & Cie. yn Sutfen ferskynden:

  • 1981 De Labrador Retriever
  • 1982 De Golden Retriever
  • 1985 De Flatcoated Retriever
  • 1985 De Friese Stabij en Wetterhoun
  • 1986 Het Kooikerhondje
  • 1989 Jachthonden

Fanwegen de Vereniging voor Stabij en Wetterhounen:

  • 1987 De Fryske Hounen