Cuby and the Blizzards

(Trochferwiisd fan Cuby + Blizzards)

Cuby + Blizzards (ek wol ôfkoarte as C + B) wie in Nederlânske band út de provinsje Drinte. De band spile foaral bluesmuzyk en hat op toernee west mei in tal ynternasjonaal ferneamde bluesartysten, sa as John Mayall and the Bluesbreakers, Van Morrison en Eddie Boyd. Bekende nûmers binne "Somebody will know someday”, “Window of my eyes” en “Appleknockers flophouse”.

Cuby & the Blizzards yn it telefyzjeprogramma Twien, 1968
 
Cuby + Blizzards yn Fanclub (1966)

De band is ûntstien út the Rocking Strings, doe noch sûnder de sjonger Harry “Cuby” Muskee. De groep ferbleau meastentiids yn in âld boerespultsje fan Harry Muskee yn it doarpke Grollo. It earste album Desolation ferskynde yn 1966. De band bestie doe út Harry “Cuby” Muskee (sjonger), Eelco Gelling (gitaar), Willy Middel (basgitaar), Hans Kinds (slachgitaar) en Dick Beekman (drums). Foar de plaatopnames waard de band útwreide mei Henk Hilbrandie (piano).

Yn 1967 waard it album “Praise the blues” opnaam mei bluessjonger Eddie Boyd en yn itselde jier ferskynde “Groeten uit Grollo”, mei pianist Herman Brood en ûnder oaren de lieten “Another Day, Another Road” en “Somebody will know Someday”. Yn 1968 ferskynde it album “Trippin’ Thru’ A Midnight Blues” mei de single “The window of my eyes”, it meast suksesfolle nûmer fan Cuby + Blizzards. Nei in tal feroarings yn de ritmeseksje fan de band, waarden Herman Deinum (bassist) en Hans la Faille (drummer) oannaam. Herman Brood (pianist) hie swierrichheden mei syn drugsgebrûk en waard ferfongen troch Helmig van der Vegt, dy ’t al earder mei Herman Deinum en Hans la Faille spile hie yn de Swolske band “Blues Dimension”.

Mei dy besetting namen hja it album “Appleknockers flophouse” op en de lyknammige single. Yn 1972 stoppe de band, der waard in ôfskiedskonsert jûn yn Assen, dat foar de televyzje útstjoerd waard troch Nederpopzien fan de VARA. Yn de jierren njoggentich gong de band dochs wer fierder mei Harry Muskee, Herman Deinum, Helmig van der Vegt, Hans la Faille en as sologitarist de Grinzer Erwin Java.Yn 2000 is “Hotel Grolloo” útbrocht, mei in grut tal gastartysten dy ’t yn gearwurking mei Cuby + Blizzards bekinde en minder bekinde nûmers spilen. De gasten wienen ûnder oaren Barry Hay, Bennie Jolink, Daniël Lohues, George Kooymans, Huub van der Lubbe en Tineke Schoenmaker (Barrelhouse).

Yn 2009 waard it album Cats Lost, dat produsearre wie troch Daniël Lohues, útbrocht. Yn septimber 2011 ferstoar Harry Muskee, wêrmei’t in ein kaam oan de band. Yn it âlde boerespultsje fan Harry Muskee is no in Cuby + Blizzards Museum en yn de doarpskearn fan Grollo stiet in boarstbyld fan him.

  • Desolation (1966)
  • Praise the Blues (1967
  • Groeten uit Grollo (1967)
  • Trippin’ thru a Mindnight Blues (1968)
  • Live (1968)
  • Appleknockers Flophouse (1969)
  • Too Blind to See (1970)
  • King of the World (1971)
  • Simple Man (1971)
  • Sometimes (1972)
  • Afscheidsconcert (live; 1974)
  • Travelling with the Blues (live 1997)
  • Dancing Bear (2000)
  • Cats Lost (2009)