Remco Heite
Hendrik Reint (Remco) Heite (Steggerda, 8 febrewaris 1946) is in Nederlânsk politikus fan de PvdA.
Heite is ôfstudearre yn de Nederlânske taal en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam en waard yn 1975 learaar Nederlânsk oan it Professor Ter Veen Lyceum (no Zuyderzee College) yn Emmeloard. Yn 1982 waard er gemeenteriedslid yn Weststellingwerf en rillegau ek wethâlder. Fan 1987 ôf naam er as loko-boargemaster de honeurs waar fan de sike boargemaster Jan Schurer dy't yn junt 1989 kaam te ferstjerren. Hoewol't it net wenst wie, waard Heite letter dat jier fan loko-boargemaster ta boargemaster fan deselde gemeente beneamd. Ut reden fan swierrichheden mei syn sûnens joech Heite yn 2005 it boargemasterwêzen oer.
By syn ôfskied waard it Remco Heite Schaaktoernooi hâlden, wat op it heden (2015) noch bestiet. Heite hat in soad niget oan skaken. Hy garret skaakboeken en hat sels ek boeken oer skaken en skakers skreaun.