Fryske Marreprojekt

It Fryske Marreprojekt is in grutskalich projekt fan de Provinsje Fryslân dat ta doel hat it wettersportgebiet yn Fryslân te ferbetterjen en dêrtroch wurk yn de toeristyske sektor te behâlden en út te wreidzjen. De provinsje is yn 2000 útein setten mei it projekt. It projekt hat in stik as wat doelen, de wurkgelegenheid yn de wettersportsektor moat mei 30% omheech en de libbenstierigens en it fêstigingsklimaat moat ferbettere, dat moat barre troch in bettere trochstreaming fan it weiferkear, koartere wachttiden foar de brêgen en it fersterkjen fan de natoer.

Haven by De Skâns oan 'e Lauwersmar.
Akwadukt Jeltesleat is ien fan de fiif akwadukten dy't oanlein is yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt.
It Ie Akwadukt.

Yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt wurde 500 kilometer oan kanalen en fearten útbaggele. Dêrnjonken wurde sa'n 50 fêste brêgen ferhege sadat dêr gruttere skippen farre kinne. Fierders wurdt der ek noch wurke oan it ferminderjen fan de wachttiden by brêgen. Op fiif plakken wurde de brêgen ferfongen troch in akwadukt. Der wurde ek 12 beweechbere brêgen oanpast. Der wurde 2000 oanlisplakken oanlein yn de doarpen en stêden, mei sanitêre foarsjennings. Dêrneist wurde der ferskate fytspaden oanlein.

Trajekten bewurkje seksje

It Fryske Marreprojekt is yn 13 trajekten ferparte:

Akwadukten bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje