Eelke Bakker
Eelke Bakker (Ballum, 28 july 1910 – Dokkum, 3 maaie 2020) wie in Frysk âld-boer en âld-yngenieur, dy't op 8 augustus 2018 de âldste Fryske man ea waard. Hy wie doe 108 jier en 7 dagen. Dêrmei ferbriek er it âlde rekôr, dat op 'e namme stie fan Yme van der Meer út Warkum, dy't yn 2001 yn 'e âlderdom fan 108 jier en 6 dagen ferstoar. (De âldste Fryske frou ea wie Johanna Zandstra-Giezen, dy't yn 1993 kaam te ferstjerren doe't hja 111 jier en 9 dagen âld wie.)
Eelke Bakker | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Eelke Bakker | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 july 1910 | |
berteplak | Ballum (it Amelân) | |
stoarn | 3 maaie 2020 | |
stjerplak | Dokkum (Noardeast-Fryslân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Amelânsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | boer, yngenieur | |
reden bekendheid |
âldste man fan 'e Benelúks |
Libben
bewurkje seksjeBakker waard yn 1910 berne yn it doarp Ballum op it Amelân. Yn 1928 ferhuze er mei 18 jier nei Eanjum, op it fêstelân fan Fryslân, dêr't er boer wurde koe. Letter wurke er as yngenieur foar it Ministearje fan Rykswettersteat, en yn dy hoedanichheid wied er belutsen by de bou fan 'e Ofslútdyk.
Bakker troude yn Mitselwier mei Bauktje Sonnema, dy't yn 2007 yn 'e âlderdom fan 92 jier kaam te ferstjerren. Mei har hie Bakker fjouwer bern: trije soannen en in dochter. Ien fan syn soannen ferstoar yn 2010. Yn 1959 fêstigen Bakker en de frou harren yn Dokkum. Yn 2009 krige er mei 99 jier in pacemaker ymplantearre. Dêrtroch bettere syn sûnens, dy't de foargeande jierren wat yn 'e minnichte rekke wie, wer flink op.
Sûnt 30 maart 2013 wie Bakker de âldste libbene man fan Fryslân, en troch it ferstjerren fan 'e 107-jierrige Jan Willem van de Kamp waard er op 31 maaie 2017 ek de âldste libbene man fan Nederlân. Doe't op 7 maart 2018 de yn Belgje wenjende Nederlânske preester Jacques Clemens ferstoar, waard er ek de âldste libbene man yn 'e Benelúks. Foar syn hege jierren wie Bakker noch tige fit: hy rûn sûnder rollator of gongelstôk en hie gjin ferlet fan in lêsbril of gehoarapparaat. It geheim om lang te libjen wie neffens him elte dei brea mei in soad spek te iten.
Bakker wenne oant syn dea noch selsstannich yn Dokkum, dêr't er op 3 maaie 2020 yn 'e âlderdom fan 109 jier en 280 dagen kaam te ferstjerren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar mear boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |