In pacemaker is in apparaat om it minsklik hert te ûndersteunen. Yn ymplantbere foarm waard it yntrodusearre yn 1959. Yn it earstoan waarden pacemakers brûkt om it te stadich hertritme (bradykardy) te korrizjearjen. Tsjintwurdich wurde se ek brûkt by in te fluch hertritme (tachycardy), en by pasjinten mei in risiko op in hertstilstân of mei hertfalen. It apparaat ta foarkommen fan in hertstilstân wurdt mei ymplantearbere kardioverter-defibrillator (ICD) oantsjutten, en by hertfalen wurdt it apparaat in biventrikulêre pacemaker neamd. Yngefal it hert stil komt te stean of ûngeregeld kloppet, sil de pacemaker in elektryske prikel jaan, wêrmei't de gewoane hertslach wersteld wurdt.

Pacemaker