Bornrif (fjoertoer)

De fjoertoer fan It Amelân wurdt soms Bornrif neamd[1], al krige de fjoertoer by de bou gjin namme mei. De toer waard yn 1880 boud, yn opdracht fan Kening Willem III. De toer fan getten izer is ûntwurpen troch Quirinus Harder en waard boud troch in jitterij yn Dimter. De losse segminten binne nei It Amelân ferskepe en dêr op elkoar setten.

Bornrif
bouwurk
De fjoertoer fan It Amelân
De fjoertoer fan It Amelân
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente It Amelân
plak Hollum
adres Oranjewei 57
koördinaten 53° 27' NB, 5° 38' EL
bysûnderheden
type bouwurk fjoertoer
boujier 1881
arsjitekt Quirinus Harder
monumintale status ryksmonumint sûnt 1982
monumintnûmer 7693
oare ynformaasje
hichte 55,3 m
breedte 9,2 - 4 m
tal ferdjippings 14
offisjele webside
Webside
kaart
Bornrif (Hollum)
Bornrif

Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der in nij, swakker ljocht op de toer; sadwaande krige de toer doe de bynamme fan "skimerlampe". Yn 1952 waard der in nij, sterker ljocht op setten. Dit ljocht hat in sterkte fan 4.400.000 candela.

Sûnt ein 2004 is de toer eigendom fan de Gemeente It Amelân en sûnt 26 maart 2005 is de toer wer foar toeristen tagonklik. De toer is in museum dat ûnderdiel is fan it rêdingsmuseum Abraham Fock. Yn de âlde koepel fan de fjoertoer sit in diorama oer it rêdingswêzen. Boppe-yn is in wurkkeamer ynrjochte lykas dy troch de fjoertoerwachter brûkt waard, ek wurde der ekposysjes holden.

De fjoertoer is 55,3 meter heech en hat 14 ferdjippings. De treppe nei boppe hat 236 treden. It optyk komt fan de eardere Fjoertoer Westhaad yn Alddoarp.

Likernôch 80 meter súdeastlik fan d efoet fan de fjoertoer steane de eardere fjoertoerwachterswenten.


Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De vuurtoren die vuurtoren heet Persbureau Ameland 12 augustus 2019, oproppen op 11 oktober 2022
Fjoertuorren yn Fryslân  
BornrifHarnsDe LemmerNoardertoer (Skiermûntseach)Sudertoer (Skiermûntseach)StarumBrandarisFjoerdúnWarkum
  ·   ·