Maritym Sintrum Abraham Fock
Maritym Sintrum Abraham Fock, earder Rêdingsmuseum Abraham Fock is in museum yn Hollum op It Amelân. Yn it museum oan de Oranjewei siet oant 1988 it Rêdingsstasjon Hollum fan de Keninklike Noard- en Súdhollânske Rêdingsmaatskippij (KNZHRM).
Maritym Sintrum Abraham Fock | ||
bouwurk | ||
Maritym Sintrum Abraham Fock | ||
lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | It Amelân | |
plak | Hollum | |
adres | Hearwei 1 | |
koördinaten | 53° 26' 35" N 5° 38' 12" E | |
offisjele webside | ||
Webside | ||
kaart | ||
Yn it museum lizze oerbliuwsels fan fergiene skippen, mar ek âlde oarkonden en dokuminten oer it bytiden tragyske ferline fan It Amelân. Yn de filmseal wurdt ek in film oer it rêdingswêzen fertoand. De rêdingsaksjes út it ferline wurde simmerdeis neispile mei tsien hynders, dy't de rêdingsboat Abraham Fock út it boathús wei oer it strân en troch de brâning yn see bringe. Sa’n 15 kear yn it jier is der in demonstraasje fan de hynsterêdingsboat mei tsien hyns op it strân besuden Hollum. De lansearring fan de hynsterêdingsboat is in topattraksje op it eilân. De hynders binne dan ek by it sintrum te sjen.
Op 17 septimber 1988 waard de hynsterêdingsboat bûten tsjinst steld. It behear fan de boat en it boathûs kaam nei 160 jier ûnder behear fan in Stifting. By tsjintwurdige rampen fart de rêdingsboat Anna Margaretha út de Hollumerbocht wei út.
De Amelanner fjoertoer is ek part fan it museum. Yn de âlde koepel fan de fjoertoer sit in diorama oer it rêdingswêzen. Yn de âlde Kommisjekeamer wurde bysûndere (kapiteins)ferhalen útbylde.
-
Hynsterêdingboat Abraham Fock
-
Rêdingsflot
-
Rêdingtruck fan de KNRM
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |