Fjoertoer fan De Lemmer

De Fjoertoer fan De Lemmer is de fjoertoer dy't by de haven fan De Lemmer oan de Fjoertoerwei stiet. De orizjinele fjoertoer waard yn 1910 boud en yn 1968 sloopt.

Fjoertoer fan De Lemmer

Yn 1994 waard der foar de TF-searje ‘De Fjoertoer’ fan regisseur Pieter Verhoeff in replika fan de fjoertoer boud. De toer is gjin ticht bouwurk, mar in iepen stielkonstruksje.

Haven fan De Lemmer mei fjoertoer