Aleksandertsjerke (Rinsumageast)
De Aleksandertsjerke oan de Juckemawei in protestantske tsjerke yn Rinsumageast.
Aleksandertsjerke | ||
bouwurk | ||
De tsjerke fanút it súdeasten | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Rinsumageast | |
adres | Juckemawei 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 12e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 11675 [1] | |
offisjele webside | ||
www.claercamp.com |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke wie oarspronklik in trijebeukige dowestiennen tsjerke út de 12e iuw en wijd oan paus Aleksander I. Yn de 16e iuw waard de tsjerke twabeukich, troch't de lytse sydbeuken ferfongen waarden troch in nije gruttere sydbeuk oan de súdkant. De sealdaktoer út de 13e iuw waard yn 1610 foar it grutste part fernijd. De klok út 1620 is getten troch Hans Falck.
De tsjerke hat ek ûnderdielen dy't út tichtbylizzende eardere gebouwen komme: twa pylders út it yn 1580 ophefte kleaster Klaarkamp en in poartsje fan Eysingastate. De tsjerke is in ryksmonumint. It oargel út 1892 is makke troch Bakker & Timmenga.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|