Dirk Boonstra (1893-1944)
Dirk Boonstra (Sint-Anne, 24 febrewaris 1893 - 9 septimber 1944, Hersbruck Dútslân) wie plysjeman yn Gryptsjerk yn de Twadde Wrâldoarloch.
Op 9 maart 1943 wegeren Boonstra en syn kollega-plysjes Jan Deddens, Klaas Berga, Tönnis Bulthuis, Theodorus Buunk, Tjerk van der Hauw, Geert Holvast, Roelf Mulder, Willem Vlijm en Jan Elzinga it befel út te fieren om alle oerbleaune Joaden út de omkriten fan hûs te heljen foar transport nei Kamp Westerbork. De plysjes waarden dêrnei fêstset yn Kamp Vught. Boonstra waard yn 'e maitiid fan 1944 oerbrocht nei Dachau, mar stoar letter yn in bûtenkamp fan konsintraasjekamp Flossenbürg by Hersbruch.
Fanwege dy aksje waarden Boonstra en syn kollega's op 14 novimber 1988 erkend as Rjochtfeardige ûnder de Folken troch Yad Vashem.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) Dirk Boonstra – op de webside fan Yad Vashem
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|