Reitze Ketellapper
Reitze Ketellapper (folút: Reitze Anne Ketellapper; Sint-Anne, 22 oktober 1944 – Ljouwert, 27 july 2015) wie in Frysk politikus en garaazjehâlder. Hy siet 37 jier oan ien tried wei yn 'e gemeenteried fan Ljouwerteradiel, earst foar it CDA en letter foar in lokale partij. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren dominearre er yn Stiens de gemeentlike polityk, en ek nei de milenniumwiksel wied er noch geregeldwei yn it nijs.
Reitze Ketellapper | ||
politikus | ||
echte namme | Reitze Anne Ketellapper | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 22 oktober 1944 | |
berteplak | Sint-Anne (Fryslân) | |
stjerdatum | 27 july 2015 | |
stjerplak | Ljouwert (Fryslân) | |
etnisiteit | Biltsk | |
partij | CDA; Gemeentebelangen | |
lid fan de gemeenterie fan Ljouwerteradiel | ||
amtsperioade | 1978 – 2015 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeKetellapper waard yn 1944 berne yn Sint-Anne, op it Bilt. Mei fjouwer jier ferhuze er mei syn âlden nei Ljouwert, dêr't se fuortby it Cambuurstadion kamen te wenjen. De middelbere skoalle makke Ketellapper net ôf. Ynstee sette er al ier útein as keapman en ûndernimmer. Yn 1961, doe't er santjin jier wie, kocht er ferkocht er syn earste auto. Hy sette him úteinlik nei wenjen yn it Ljouwerteradielster doarp Koarnjum, dêr't er seis jier letter, yn 1967, syn eigen garaazje begûn. Op 25 july 1968 troude er mei Wietske de Bruin, mei wa't er trije bern krige: Sjoukje, Marten en Annemieke.
Yn 1978 gie Ketellapper de gemeentlike polityk yn en kaam er foar it lettere CDA yn 'e gemeenterie. Sechstjin jier lang fertsjintwurdige er dêr de kristen-demokraten, mar doe't him úteinlik dúdlik makke waard dat er net wer op 'e kieslist kaam, rjochte er yn 1994 syn eigen partij op, Gemeentebelangen Ljouwerteradiel. By de gemeenteriedsferkiezings fan dat jier litte it CDA in swier ferlies, wylst Gemeentebelangen yn ien klap de grutste partij fan 'e gemeente waard.
Sadwaande groeide Ketellapper yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren út ta de wichtichste politikus fan Ljouwerteradiel. Hoewol't it iere súkses fan 'e lokale partij by lettere ferkiezings belune, behold Ketellapper yn Stiens in foaroansteande posysje, sels nei 2014, doe't de fraksje fan Gemeentebelangen de helte fan syn seis sitten en dêropta ek syn wethâlderspost ferlear. Uteinlik bleau er oant de ein, 37 jier lang, lid fan 'e gemeenterie. By syn ferstjerren wied er dwaande mei syn tsiende termyn. Neffens partijgenoaten wie Ketellapper synonym mei Gemeentebelangen Ljouwerteradiel.
Ketellapper wie in markant persoan, dy't nei't sein wurdt altyd syn eigen taal spriek, in grienmank fan Biltsk, Ljouwertersk, Frysk en Nederlânsk. As politikus waard er kwalifisearre as "eigensinnich", "fêsthâldend", "fjoerskerp" en "in man fan it folk". Neffens Harm de Kroon, foarsitter fan 'e PvdA-fraksje yn 'e Ljouwerteradielster gemeenterie, besocht Ketellapper gauris de prinsipes út it sakelibben ta te passen yn 'e polityk, wat fansels lang net altyd slagge, en wie it faak dreech en beweech de man ta it sluten fan in kompromis. Reitze Ketellapper ferstoar yn 2015 te Ljouwert, yn 'e âlderdom fan 70 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|