Van Harenstsjerke

De Van Harenstsjerke yn Sint-Anne wie yn 1683 it earste foarbyld fan sintraalbou fan Fryslân. Bouhear fan de tsjerke wie diplomaat Willem van Haren (1627-1708). Op itselde plak stie earst in oare tsjerke, dêr't Rembrandt van Rijn yn 1634 yn troude mei Saskia Uylenburgh.

Van Harenstsjerke

Troch in brân yn it Van Haren-slot binne in soad dokuminten ferlern gien. Dêrtroch is net krekt bekend wa't de arsjitekt west hat fan de achthoekige tsjerke. Wol is bekend dat de tsjerke boud is foar mei-inoar 17.536 karolusgûnen. In knoarre jild foar dy tiid, opbrocht troch Willem van Haren, rykssubsydzje en rike boeren dy't har nei wenjen setten hienen op de nije fruchtbere klaaigrûnen. Oan de noardside fan de tsjerke waard yn 1686 in grêfkapel boud, dêr't meardere leden fan de Van Harenfamilie yn begroeven waarden.

Yn de tiid fan de Frânske oerhearsking binne alle famyljewapens yn de tsjerke blynkapt. Ek moast oer alle ikehout belesting betelle wurde. Dêrom hat alle ikehout ferve west, om ûnder de belesting út te kommen.

By de bou fan de tsjerke wie gjin jild foar in nije preekstoel. De preekstoel fan de âlde tsjerke waard brûkt. Dy wie tuitel en moast mei balken skoarre wurde. Yn 1700 waard de hjoeddeiske preekstoel skonken, troch famylje Fan Oranje-Nassau. De famylje Van Haren hie nauwe bannen mei de Oranjes. Dat kaam troch de kontakten dy't de heit fan Willem van Haren hie. Dy Willem van Haren I wie stâlmaster en eksekuteur oan it Hof fan Willem Loadewyk en hofmaster oan it Hof fan Ernst Kasimir. De kânsel soe skonken wêze troch Maria, jongste dochter fan Freark Hindrik en Amalia fan Solms. De preekstoel is in ryklik fersierd masterhoutsnijwurk fan Dútske komôf, de namme fan de makker is net bekend.

It tsjerke-oargel stamt út 1728. It is skonken troch grytman Willem van Haren (1655-1728), in neef fan de bouhear fan de tsjerke. De tekst ûnder it wapenskyld is Echte lieden hebben dit orghel alhier gesticht en vereerd. It oargel waard makke troch oargelbouwer Johannes Radeker. Yn 1981 waard yn de omlisting fan it âlde oargel in elektroanysk oargel setten.

Foar de preekstoel oer stiet de famyljebank fan de famylje Van Haren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: