Amalia fan Solms
Amalia van Solms (eins: Amalia fan Solms-Braunfels; Braunfels, 31 augustus 1602 - De Haach, 8 septimber 1675), grevinne fan Solms-Braunfels, wie de frou fan Freark Hindrik fan Oranje.
Amalia fan Solms waard berne as dochter fan Jehan Albrecht I fan Solms-Braunfels en Agnes fan Sayn-Wittgenstein. Har jeugd brocht se troch op it slot Braunfels oan de Lahn.
Op 18-jierrige leeftyd kaam sy as hofdame fan Elizabeth Stuart, frou fan Freark V fan de Palts, de 'winterkening' fan Bohemen (en neef fan de steedhâlder), nei De Haach. Hjir kaam se yn de kunde mei har efterneef Freark Hindrik. Hja boaske mei him op 4 april 1625. Freark syn healbroer Maurits hie dit op syn stjerbêd oan him frege.
Ut harren houlik kamen njoggen bern, wêrfan fjouwer de folwoeksen leeftiid net berikten:
- Willem II fan Oranje (27 maaie 1626 — 6 novimber 1650) (steedhâlder) troud mei Maria Stuart
- Louise Henriëtte fan Nassau (7 desimber 1627 — 18 juny 1667), troud mei keurfoarst Freark Willem I fan Brandenburch
- Henriëtte Amalia fan Nassau (26 oktober 1628 — desimber 1628)
- Elisabeth fan Nassau (4 augustus 1630 — 4 augustus 1630)
- Isabella Charlotte fan Nassau (28 april 1632 — april 1642)
- Albertine Agnes fan Nassau (9 april 1634 — 24 maaie 1696), boaske mei Willem Freark fan Nassau-Dietz
- Henriëtte Catharina fan Nassau (10 febrewaris 1637 — 3 novimber 1708), boaske mei Johan George II fan Anhalt-Dessau
- Hindrik Loadewyk fan Nassau (30 novimber 1639 — 29 desimber 1639)
- Maria fan Nassau (5 septimber 1642 — 20 maart 1688), boaske mei Maurits fan Simmern
Doe't Freark Hindrik nei it ferstjerren fan syn broer prins Maurits steedhâlder waard, wist hy syn ynfloed op it belied sterk út te wreidzjen. Hjirmei groeide ek de ynfloed fan Amalia.
Under Freark Hindrik en Amalia naam it seremonieel yn it Haachske hofleven frijwat ta. De bou fan in oantal paleizen, wêrûnder it hûs Honselaarsdyk, it paleis yn Rijswyk, it Hûs ten Bosch en oanskenlike ferbouwings oan it Alde Hof yn it Noardein, it kastiel fan Buren en it Hof fan Solms yn Oirschot, folgen. Amalia wie de driuwende krêft efter it houlik fan har âldste dochter Louise Henriëtte mei de karfoarst fan Brandenburch en har soan Willem II mei Maria Stuart. Nei de dea fan har soan nam sy de fâdij fan har beppesizzer Willem III op har.
Nei it ferstjerren fan har man yn 1649, stie Filips IV fan Spanje it grûngebiet fan Turnhout oan har ôf.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Portret yn Digitaal Frouljuleksikon fan Nederlân
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Amalia of Solms-Braunfels fan Wikimedia Commons. |