Braunfels is in stêd yn 'e Lahn-Dill-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Hessen. Stêden yn 'e omkriten binne Leun, Solms, Schöffengrund en Waldsolms. Wetzlar, de haadstêd fan it distrikt, leit 5 km nei it easten en 28 km nei it súdwesten leit Limburg an der Lahn.

Braunfels
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Hessen
lânkring Lahn-Dill-Kreis
Stedsyndieling 6 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 11.131 (2022)
Oerflak 47,28 km²
Befolkingsticht. 235 ynw./km²
Hichte 248 m
Oar
Postkoade 35619
Koördinaten 50° 31'N 8° 23'E
Offisjele webside
www.braunfels.de
Kaart
Braunfels (Hessen)
Braunfels
 
Slot Braunfels.

Braunfels wurdt tegearre mei it kastiel Slot Braunfels yn 1246 foar it earst neamd en hat sûnt 1607 stedsrjochten.

Der is in bân tusken it Nederlânsk Keninklik Hûs en Braunfels. Freark Hindrik fan Oranje syn oare helte, en mem fan steedhâlder Willem II fan Oranje-Nassau, Amalia fan Solms, is yn 1602 yn Braunfels berne en is in telch út it laach Solms-Braunfels, dy't it kastiel yn Braunfels bewenne. Willem III fan Oranje-Nassau, bernsbern fan Amalia fan Solms, krige gjin bern, dat dy tûke is mei him einige.

Gemeentlike yndieling

bewurkje seksje

Sûnt 1972 is Braunfels ien gemeente mei de doarpen Altenkirchen, Bonbaden, Neukirchen, Philippstein en Tiefenbach.

Berne yn Braunfels

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Braunfels fan Wikimedia Commons.