Freark Hindrik fan Oranje-Nassau

(Trochferwiisd fan Freark Hindrik fan Oranje)

Freark Hindrik (Delft, 29 jannewaris 1584De Haach, 14 maart 1647), Prins fan Oranje, Greve fan Nassau, waard berne as ienige soan fan Willem fan Oranje en Louise de Coligny. Hy folge yn 1625 syn healbroer prins Maurits op as steedhâlder. As oerbefelhawwer (Kapitein-Generaal) fan it leger joech hy, krektas Maurits, de foarkar oan it belegerjen fan stêden boppe beslissende fjldslaggen, omdat de Spaanske ynfantery noch altyd tige duchtich wie. Hy krige dêrtroch de bynamme 'stêdetwinger'.

Freark Hindrik skildere troch Michiel Jansz van Mierevelt.

Steedhâlder

bewurkje seksje

Doe't syn broer Maurits fan Oranje op 23 april 1625 ferstoar, folge Freark Hindrik him op as steedhâlder en legeroanfierder. It jier dêrnei begûn hy mei syn neef Ernst Kasimir, steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte, in fjildtocht tsjin de Spaanske Nederlannen, en ferovere yn dat jier Oldenzaal. Yn 1627 wûn hy it Belis fan Groenlo.

Brabân en Gelre

bewurkje seksje

Yn 1628 wist de kaper Piet Hein in Spaanske Sulverfloat te feroverjen, dêr't er in ûnmeugende skat foar de Republyk mei wûn. Freark Hindrik koe dit goed brûke yn syn striid en it oare jier naam er de moerasdraak, De Bosk, yn.

Troch syn militêre sjeny slagge it him it grûngebiet fan de Republyk fierder út te wreidzjen nei it suden; By de Fjildtocht de Maas Bylâns, yn 1632, foel Opper-Gelre yn syn hannen troch it ynnimmen fan de stêden Fenlo en Roermond (by de lêste sneuvele Ernst Kasimir). Hy ferfolge syn paad nei Maastricht, dêr't in bestoarming fan de stêd mislearre. Troch in belis koe Freark Hindrik de stêd lykwols dochs ynnimme.

Koart nei dizze oerwinnings soe Freark Hindrik it plan hân hawwe om Brussel oan te fallen, mar hy hat dit om ûnbekende redenen net dien. Mûglik hat er harke nei de Hollânske steaten, dy't yn de tiid fan Prins Maurits ek al poer op de befrijing fan de Flaamske stêden tsjin wienen.

Frânske Bûnsmaten

bewurkje seksje

Yn 1635 rekken Frankryk en Spanje wer mei inoar yn oarloch, diskear yn de Tritichjierrige Oarloch. Freark Hindrik seach wol heil yn in bûnsgenoatskip mei Frankryk, en op 8 febrewaris 1635 ûndertekene hy mei de Frânske kardinaal Richelieu it Ferdrach fan Parys, dêr't by ôfsprutsen waard om nei de oerwinning op de Spanjerts de Súdlike Nederlannen ûnderling te ferdielen. De Republyk soe Brabân en Mechelen krije en Frankryk de rest. Dat hold yn dat Frankryk it grutste part fan Greefskip Flaanderen krije soe, ynklusyf de stêden Brugge en Gint; allinnich it noarden fan Flaanderen (Steatsk-Flaanderen) soe by de Republyk komme. Uteinlik luts Freark Hindrik him werom út kweatinken; hy woe leaver de Súdlike Nederlannen as buffer bewarje, as dat de Republyk oan it machtige Frankryk te grinzjen komme soe.

Freark Hindrik sette dan mar sûnder de Frânsken syn kampanje troch. Yn 1636 ferovere hy yn it easten it strategysk wichtige fersterke eilân Schenkenskâns yn de Ryn. Yn 1637 wûn hy it Fjirde belis fan Breda, wêrnei dy stêd foarfêst yn Steatske hannen bleau. Hy ferlear Venlo en Roermond lykwols wer oan de Spanjerts.

Nei Breda rjochte hy him op wat hy al jierren woe: de werovering fan de stêd Antwerpen op de Spanjerts, dy't yn 1585 foar de Opstân ferlern gien wie. Mar doe't Willem fan Nassau dat yn syn opdracht yn 1638 besocht, waard dy ferslein yn de Slach by Kallo.

Hjirtroch waard de Republyk in klap tabrocht, dy't Spanje daliks besocht te ferswierjen troch in twadde Armada te stjoeren. Troch Maarten Tromp waard dizze float yn 1639 lykwols ferneatige yn de Slach by Duins, dat dat gefaar wie doe foarby. Stadichoan tebekklauwend rjochte Freark Hindrik him benammen op Siuwsk Flaanderen, dêr't er Sas fan Gint en Hulst ferovere.

Yn 1646 besocht er foar it lêst nochris om Antwerpen wer yn te nimmen; hy sloech it belis foar de stêd, mar slagge der net yn dy te ûnderwerpen.

Prins Freark Hindrik ferstoar yn 1647, op 63-jierrige leeftyd, mar in jier foardat de Frede fan Münster tekene waard; de ûnderhandelings foar dat ferdrach wienen al útrûn troch syn efterút geande sûnens. Neffens Freark Hindrik hienen de ideeën fan Filips II de oarsaak fan de opstân west.

Hy waard opfolge troch syn soan, Willem II.

Houlik en bern

bewurkje seksje

Doe't prins Maurits yn 1625 op stjerren lei wie Freark Hindrik noch altyd frijfeint en stie er krektas syn healbroer bekend as rokkejager. Freark Hindrik hie by de boargemastersdochter Margaretha Catharina Bruyns in bastertsoan: Freark fan Nassau. Omdat prins Maurits altyd frijfeint bleaun wie, sette hy Freark Hindrik fanwege de fuortsetting fan de dynasty ûnder druk om te trouwen. Soe hy net trouwe, dan soe hy net de erfgenamt wurde fan Maurits.

De Dútske Amalia fan Solms, dy't as hofdame mei de 'winterkening' Freark V fan de Palts yn 1620 mei nei De Haach flechte wie, kaam yn byld. Freark Hindrik en Amalia trouden op 4 april 1625. Oars as Maurits ûntwikkelen Freark Hindrik en Amalia in hofhâlding fan keninklike alluere, wêrtroch't de hearskippij fan de Oranjes yndie it karakter fan in dynasty krige. Harren âldste soan Willem koe mei in Ingelske prinses trouwe. Amalia lei in juwielesamling oan en Freark Hindrik liet in tal paleizen en ferbliuwen bouwe of ferbouwe. Ek skilderijen, dêr't yn de Republyk doe safolle fan makke waarden, waarden sammele.

Harren soan Willem II waard yn 1626 berne. Yn totaal waarden der 9 bern berne wêrfan 4 jong ferstoaren:

Prinslik hof

bewurkje seksje

Freark en Amalia joegen De Haach hieltyd mear it karakter fan hofstêd. Dêr en ek op oare plakken yn Nederlân binne yn Frearks opdracht paleizen boud en ferboud; ûnder oaren liet hy paleis Hûs te Bosk, Hûs te Nijboarch en Hûs Honselaarsdyk bouwe, en liet er Paleis Noardein ferbouwe.

Freark Hindrik wie, troch de oanmoediging fan syn sekretaris Constantijn Huygens, in keunstsamler. Yn 1634 bestie de steedhâlderlike keunstkolleksje út sa'n hûndert skilderijen, wêrûnder in Rembrandt en in Rubens. Yn Hûs te Bosk is de Oranjeseal oan Freark Hindrik opdroegen. In muorreskildering mei de titel Freark Hindrik de Triomfator, lit de steedhâlder sjen as oerwinner fan syn fijannen.

Freark Hindrik en Amalia stribben dernei om opnomd te wurden yn de famylje fan Jeropeeske foarstehûzen. Se hiene de tiid mei, want ûnder it bewâld fan de prins stiigde de Hollânske wolfeart eksplosyf. It prinselik pear wist foar de bern foarname houliken te sluten. De erfprins boaske Maria Stuart, dochter fan kening Karel I fan Ingelân, en Louise Henriëtte waard erfprinsesse fan Brandenburch. Albertine Agnes boaske in Fryske Nassau. Fia har stammet de hjoeddeiske keninginne Beatrix ôf fan Willem fan Oranje.

 
>