Turnhout
Turnhout is in stêd yn it noarden fan België yn de provinsje Antwerpen en it haadplak fan it arrondissemint Turnhout en it gelijknamige kies- en gerjochtlik kanton. De stêd hie sa'n 43.000 ynwenners op 1 jannewaris 2016.
Turnhout | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | België |
Goa | Flaanderen |
Provinsje | Antwerpen |
Sifers | |
Ynwennertal | 45.874 (01/01/2021) |
Oerflak | 56,06 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 808,92 / km² |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Webside | www.turnhout.be |
Skiednis
bewurkje seksjeTurnhout ûntstie op it krúspunt fan twa grutte hannelsrûtes en ûnder de beskerming fan it jachtkastiel fan de hartoggen fan Brabân dat al foar 1110 bestean hawwe soe. Dat jachtferline wurdt no noch wjerspelige yn it wapen fan de stêd. Om 1212 krige de lytse delsetting stedsrjochten fan hartoch Hindrik I fan Brabân. Yn 1338 mocht de stêd in sneonsmerk hâlde, in tradysje dy't ek no noch yn eare hâlden wurdt. Yn 1466 beskreau in reizger de goedboude huzen fan de stêd en telde er fiif tsjerken.
Tsjin de 16e iuw wie Turnhout in ryk hannelssintrum wurden, mar de ein fan dy iuw brocht oarloch, brân, konfiskaasjes en epidemyen. Fanwegen ûnderdrukking en de Ynkwisysje flechten in protte progressiven nei Nederlân, sadat it goa om Turnhout ferearme rekke. De stêd en omkriten wiene ferskate kearen it toaniel fan striderij; twa fjildslaggen binne nei Turnhout ferneamd: ien yn 1597 en ien yn 1789. Beide wurde de Slach by Turnhout neamd.
Yn 1830 waard België ûnôfhinklik en Turnhout foel krekt besuden de nije grins mei Nederlân. Yn de fredestiid tusken 1831 en 1914 waarden it Kanaal Dessel-Turnhout-Schoten (1844-1846) en it spoar oanlein (1855).
Op 1 jannewaris 1859 ferlear Turnhout in part fan syn himrik oan Ald-Turnhout dy't fan doe ôf oan in selsstannige gemeente wie. It plan om Turnhout by de fúzje fan gemeenten fan 1 jannewaris 1977 ôf by Vosselaar, Ald-Turnhout en Beerse te bringen gie úteinlik net troch.
Ekonomy
bewurkje seksjeYn de lette midsiuwen wie Turnhout in bekend sintrum foar it weven fan bêdlinnen en de hannel in linnen. Yn de iere 19e iuw waarden dy yndustryen ferkrongen troch dy grûnfêste op papier. Philippus Jacobus Brepols wurdt beskôge as de stichter fan dy yndustry, dy't oant hjoed de dei behâlden bleaun is mei ferskate grafyske en logistike bedriuwen lykas Cartamundi, de wrâldlieder fan spylkaarten. Oare bekende bedriuwen mei in haadsit yn Turnhout binne Soudal en Miko. Yn 2011-2012 waard de yndustrysône útwreide om plak te meitsjen foar nije bedriuwen.
Geografy
bewurkje seksjeDe stêd hat likernôch 43.000 ynwenners, dêrfan 1448 ynwenners (3,36%) mei Nederlânske nasjonaliteit. Turnhout is dêrmei de op twa nei grutste stêd fan de provinsje en ien fan de 13 Flaamske sintrumstêden.
Kearnen
bewurkje seksjeTurnhout hat in tal buorskippen, ûnder oare Schorvoort, Parkwyk en Zevendonk.
Turnhout grinzet oan de gemeenten: Ravels, Ald-Turnhout, Kasterlee (dielgemeenten Tielen en Lichtaart), Vosselaar, Beerse, Merksplas, Baarle-Hertog (doarp Zondereigen) en over een kleine afstand ook aan de Nederlânske gemeente Baarle-Nassau.
Demografy
bewurkje seksjeUntjouwing ynwennertal
bewurkje seksjeStedsbyld
bewurkje seksje-
Turnhout, Sint Piterstsjerke
-
Turnhout, stedhûs
-
Turnhout, treinstasjon
-
Turnhout, wettertoer