Manuel (Manny) Charlton (La Línea de la Concepción, Spanje, 25 july 1941 - Teksas, Feriene Steaten, 5 july 2022) wie in Skotsk gitarist. Hy waard bekend as mei-oprjochter fan Nazareth.

Manny Charlton
sjonger en/of muzikant
Manuel Charlton (1976)
Manuel Charlton (1976)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Manuel Charlton
nasjonaliteit Britsk
berne 25 july 1941
berteplak La Línea de la Concepción flagge fan Spanje
stoarn 5 july 2022
stjerplak Teksas flagge fan de Feriene Steaten
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
sjenre Hardrock
ynstrumint Gitaar
grutste hit(s) Love Hurts
jierren aktyf 1958-2022
offisjele webside
Offijele webside Manny Charlton

Foardat er by Nazareth kaam, spile Charlton yn in pear bands, benammen de Mark 5 en letter de Red Hawks, oant er lid waard fan de band The Shadettes. Yn 1968 feroare de band syn namme yn Nazareth, ynspirearre troch de iepeningstekst fan The Weight, in liet fan The Band. Charlton wie ek jierrenlang de produsint fan de band, as opfolger fan Roger Glover fan Deep Purple, nei't de band besletten hie in nije rjochting yn te slaan foar it album Hair of the Dog.
Charlton produsearre ek it titelleaze Dan McCafferty-debútalbum yn 1975, mei in single Out of Time. Hy soe in rige suksesfolle Nazarethalbums produsearje, oant en mei No Mean City yn 1979.

Axl Rose fan Guns N' Roses woe yn't earstoan dat "de man dyt Nazareth's Hair of the Dog produsearre" produsearje soe wat it trochbrekken fan de band wurde moatte soe. Charlton krige it fersyk fan Geffen Records en produsearre yn juny 1986 ferskate opnamen yn Sound City Studios te Los Angeles. Oan de ein fan de sesje hiene se 25 nûmers op tape. Nei dit earste wurk gie Charlton werom nei Nazareth yn Jeropa en Guns N' Roses hierde Mike Clink yn om it album te produsearjen. Charltons produksjes binne opnaam as bonussen op de werútjefte fan Appetite for Destruction yn 2018.

Nei it ferlitten fan Nazareth yn 1990 spile Charlton in pear soloshows yn it Skotske klupsirkwy en brocht er syn earste soloalbum Drool út yn 1997, mei Neil Miller op sang. It jier dêrnei ferhuze er nei Teksas, dêr't er de Manny Charlton Band (MCB) oprjochte. De nije band brocht in pear albums út foardat se yn 2003 útinoar giene.

Tusken 2003 en 2005 brocht Charlton wer wat solowurk út en begjin 2006 kaam Charlton by de Sweedske rockband From Behind, dy’t harren debútalbum mei de titel Game Over útbrocht en troch Europa toerde om it album te stypjen foardat se ein 2007 útinoar giene. Charlton brocht doe in solo-album Americana Deluxe út, mei nûmers as Fleetwood Mac's Tusk.

Charlton wie in oantal jierren boaske mei Isabel mei wa't er in soan en dochter krige. Yn 1997 ferhuze Charlton nei Texas yn Amearika, dêr't er boaske mei in Julie. Yn 2015 ferhuze er nei Cordoba yn Spanje.

By in besite oan de Feriene Steaten ferstoar Charlton op 5 july 2022 yn Teksas, yn 'e âldens fan 80 jier.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Nazareth novimber 1971 Nazareth Dear John,
Morning Dew (Bonnie Dobson cover),
Exercises july 1972
Razamanaz maaie 1973 Broken Down Angel,
Bad Bad Boy,
Razamanaz
Loud 'n' Proud novimber 1973 This Flight Tonight (Joni Mitchell cover)
Rampant 26 april 1974 Shanghai'd in Shanghai
Hair of the Dog 3 april 1975 Love Hurts (The Everly Brothers cover),
Hair of the Dog
Close Enough for Rock 'n' Roll 1976 Carry Out Feelings,
Loretta
Play 'n' the Game I Want To (Do Everything for You) (Joe Tex cover),
Somebody to Roll,
I Don't Want to Go On Without You (The Drifters cover)
Expect No Mercy 1977 Gone Dead Train,
Shot Me Down,
Place in Your Heart
No Mean City 1979 May the Sunshine,
Star
Malice in Wonderland 1980 Holiday
The Fool Circle febrewaris 1981
2XS jannewaris 1982 Love Leads to Madness,
Games,
Dream On
Sound Elixir juny 1983 Where Are You Now
The Catch 1984 Party Down,
Ruby Tuesday (The Rolling Stones cover)
Cinema 1986 Cinema
Snakes 'n' Ladders jannewaris 1989 Piece of My Heart (Erma Franklin cover)
Drool 1999 Manny Charlton
Bravado 2000
Stonkin 2002 Manny Charlton Band
Klone This 2003
Say The Word 2004 Manny Charlton
Sharp 2004
Sharp Re-Loaded 2005
Game Over 2006 From Behind
Americana Deluxe 2007 Manny Charlton
Then There's This 2008
Hellacious 2013 Manny Charlton Band It Does Something
Solo 2016 Manny Charlton