Nazareth is in Skotske hardrockband oprjochte yn 1968 yn Dunfermline. De band brocht yn 1971 syn debútalbum Nazareth út. Nazareth hat fiifentweintich studio-albums en acht live-albums útbrocht.

Nazareth
band
Nazareth 1971
Nazareth 1971
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Skotsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Hardrock
bestean 1968 -
label(s) Pegasus,
Peg,
Mooncrest,
Mountain Records,
A&M,
NEMS,
Vertigo,
Griffin Records,
Polydor,
Steamhammer,
Edel,
Union Square Music,
Frontiers
âld-leden Dan McCafferty (sang) (1968–2013) †
Darrell Sweet drums (1968–1999) †
Manny Charlton gitaar (1968–1990) †
Zal Cleminson gitaar (1978–1980)
Billy Rankin gitaar (1980–1983, 1990–1994)
John Locke toetsen (1980–1982) †
Ronnie Leahy toetsen (1994–2002)
Linton Osborne sang (2014–2015)
leden
Sang Carl Sentance
Gitaar Jimmy Murrison
Bas Pete Agnew
Drums Lee Agnew

Nazareth waard oprjochte yn 1968 en bestie oarspronklik út Dan McCafferty op sang, gitarist Manny Charlton, bassist Pete Agnew en Darrell Sweet op drums. De band bestie tsien jier yn dizze gearstalling, oant yn 1978 gitarist Zal Cleminson it fiifde bandlid waard. Sûnt dy tiid feroare de gearstalling geregeldwei troch sawol leden dy't fuortgiene as nij kamen , hoewol't de oprjochters lange tiid diel útmakken fan de groep. Nazareth brocht fiif albums út foar yn 1975 it sechsde ferskynde: Hair of the Dog. Doe stie ûnder mear it nûmer Love Hurts, dat Nazareths grutste hit waard.

Begjin 2013 hearden de orizjinele leden McCafferty en Pete Agnew noch (en sûnder tuskenskoften) ta Nazareth. Gitarist Charlton ferliet de band yn 1990 en ferstoar yn 2022. Drummer Darrell Sweet ferstoar yn 1999 op 51-jierrige leeftiid oan in hertoanfal en waard ferfongen troch Lee Agnew, de soan fan Pete.

Yn 2013 by optredens yn Kanada en Switserlân waard sjonger McCafferty net goed op it poadium. Letter moast er troch syn oanhâldende sûnensproblemen Nazareth ferlitte. De sjonger waard ferfongen troch Linton Osborne, dy't op syn beurt yn 2015 opfolge waard troch Carl Sentance.

Studio-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht op Label Single(s)
Nazareth novimber 1971 Pegasus Dear John,
Morning Dew (Bonnie Dobson cover),
Exercises july 1972 Peg
Razamanaz maaie 1973 Mooncrest Broken Down Angel,
Bad Bad Boy,
Razamanaz
Loud 'n' Proud novimber 1973 This Flight Tonight (Joni Mitchell cover)
Rampant 26 april 1974 Shanghai'd in Shanghai
Hair of the Dog 3 april 1975 Love Hurts (The Everly Brothers cover),
Hair of the Dog
Close Enough for Rock 'n' Roll 1976 Mountain Records Carry Out Feelings,
Loretta
Play 'n' the Game I Want To (Do Everything for You) (Joe Tex cover),
Somebody to Roll,
I Don't Want to Go On Without You (The Drifters cover)
Expect No Mercy 1977 Gone Dead Train,
Shot Me Down,
Place in Your Heart
No Mean City 1979 A&M May the Sunshine,
Star
Malice in Wonderland 1980 Holiday
The Fool Circle febrewaris 1981 NEMS
2XS jannewaris 1982 Vertigo Love Leads to Madness,
Games,
Dream On
Sound Elixir juny 1983 Where Are You Now
The Catch 1984 Party Down,
Ruby Tuesday (The Rolling Stones cover)
Cinema 1986 Cinema
Snakes 'n' Ladders jannewaris 1989 Piece of My Heart (Erma Franklin cover)
No Jive 1991 Griffin Records Every Time It Rains,
Tell Me That You Love Me
Move Me 1994 Polydor Move Me
Boogaloo 25 augustus 1998 Steamhammer
The Newz 31 maart 2008 Edel
Big Dogz 15 april 2011
Rock 'n' Roll Telephone 3 juny 2014 Union Square Music
Tattooed on My Brain 12 oktober 2018 Frontiers
Surviving the Law 15 april 2022
Album Utbrocht op Label
'Snaz 1981 A&M
BBC Radio 1 Live in Concert 1991 Windsong International
Live at the Beeb 1998 Snapper
Back to the Trenches 22 maaie 2001 Receiver
Homecoming 23 april 2002 Eagle
Alive & Kicking 18 novimber 2003 Direct Source
The River Sessions Live 1981 2004 River Records
Live in Brazil 2007 MNF Brazil

Kompilaasje-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht yn
Greatest Hits 1975
Hot Tracks 1976
The Very, Very Best of Nazareth 1984
The Ballad Album 1985
The Ballad Album Vol.2 1990
The Singles Collection 1990
From the Vaults 1993
The Singles Collection 1994
Greatest Hits Volume II 1998
The Very Best Of Nazareth 2001
The Ballads 2002
Maximum XS 2004
Golden Hits Nazareth 2004
The Anthology 2009
The Singles 2012