Rob Herwig
Robbert Herwig (Bussum, 9 septimber 1935 - Soest, 27 oktober 2022) wie in Nederlânsk publisist fan boeken oer túnkjen en keamerplanten.
Rob Herwig | ||
skriuwer | ||
Rob Herwig (2007) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Robbert Herwig | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 9 septimber 1935 | |
berteplak | Bussum | |
stoarn | 27 oktober 2022 | |
stjerplak | Soest | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk |
Herwig kaam út in famylje fan túnmannen en kwekers. Syn heit, A.J. Herwig (1883-1972) wie blommist, kweker, publisist fan túnboeken en radiosprekker. Yn 1965 frege syn heit oft er it skriuwen fan in boek foar it frouljusblêd Margriet oernimme woe om't de âlde Herwig, doe 82 jier âld, it allegear net goed mear sjen koe. It Groot Bloemen-en Plantenboek kaam yn 1966 út. Dit boek berikte in oplage fan 250.000 eksimplaren. Rob Herwig ferfolge syn karriêre as skriuwer by ferskate útjouwers. Herwig woe syn lêzers graach sjen litte dat er net allinnich oer teoretyske kennis beskikte, mar ek de praktyk fan it túnkjen behearske. Sa ûntstiene de modeltunen by syn pleats Nieuw Zeggelaar yn Lunteren. De measte tunen ûntwurp er net sels, mar waarden betocht troch ûntwerpers dy 't al namme makke hiene, lykas Mien Ruys, Arend Jan van der Horst, Piet Oudolf, Ton ter Linden en Dick Huigens. Yn it jier 2000 waarden de modeltunen sletten. De dochter fan Rob Herwig, Modeste Herwig is ek publisist fan boeken oer túnkjen.
Rob Herwig ferstoar op 27 oktober 2022 yn 'e âldens fan 87 jier.
Modeltunen
bewurkje seksje-
1979
-
1979
-
1980
-
1993
Wurk
bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|