Floarida-skiereilân

It Floarida-skiereilân is in grut skiereilân dat yn it uterste súdeasten fan Noard-Amearika yn súdsúdeastlike rjochting útstiket, en dêrby de Atlantyske Oseaan, oan 'e eastkant, skiedt fan 'e Golf fan Meksiko, oan 'e westkant.

It Floarida-skiereilân yn read werjûn op in kaart fan 'e Amerikaanske steat Floarida.

It Floarida-skiereilân wurdt yn it easten begrinzge troch de Atlantyske Oseaan en yn it westen troch de Golf fan Meksiko. Súdlik fan it skiereilân leit de Strjitte fan Floarida, mei oan 'e oare kant rjocht nei it suden ta Kuba en nei it súdeasten ta de Bahama's. Yn it noarden sit it Floarida-skiereilân oan it fêstelân fan Noard-Amearika fêst en grinzget it oan 'e Amerikaanske steat Georgia. De súdwestlike útein fan it skiereilân bestiet út in ûnbidich gebiet fan sompen, de Everglades, dat no foar in grut diel in nasjonaal park is. Yn it súdlike part fan it skiereilân leit ek de Okeechobee-mar, ien fan 'e grutste marren yn 'e eastlike Feriene Steaten.

It Floarida-skiereilân makket yn syn gehiel diel út fan 'e Feriene Steaten, en leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4). It beslacht it grutste diel fan 'e Amerikaanske steat Floarida, dy't faak as synonym mei it skiereilân sjoen wurdt, mar dat net is. Floarida omfiemet nammentlik ek de arsjipel fan 'e Florida Keys, yn 'e Strjitte fan Floarida, en boppedat in nei it noardwesten ta útstekkend diel op it fêstelân fan Noard-Amearika, by de noardkust fan 'e Golf fan Meksiko lâns, dat bekendstiet as de Florida Panhandle (it "Panhânsel fan Floarida").

 
It Nasjonaal Park de Everglades.

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet troch de Jeropeänen waard it Floarida-skiereilân bewenne troch ferskate Yndiaanske folken: de Timûkûa yn noardlik en sintraal Floarida; de Aïs oan 'e Middenatlantyske kust; de Tokobaga yn 'e omkriten fan 'e Tampabaai; de Kalûsa yn súdwestlik Floarida; en de Tekwesta yn it súdeasten. De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't Floarida oandie wie de Spanjert Juan Ponce de León, yn 1513. Yn 1565 fêstige Pedro Menéndez de Avilés in delsetting te St. Augustine, oan 'e Atlantyske kust, dat sadwaande de âldste stêd fan Floarida is.

Neitiid belunen de Yndianen op it skiereilân sterk yn oantal, mei't hja slim te lijen hiene fan besmetlike sykten dy't troch de Spanjerts meibrocht wiene. Doe't Spanje syn koloanje Floarida yn 1763, oan 'e ein fan 'e Sânjierrige Oarloch, opjaan moast, ferfearen de lêste lânseigen Yndianen mei de Spaanske kolonisten nei Kuba ta. Neitiid stie Floarida tweintich jier ûnder bestjoer fan 'e Britten, dy't it gebiet opdielden yn twa aparte koloanjes: Britsk East-Floarida, dat it skiereilân besloech, en Britsk West-Floarida, besteande út de Florida Panhandle en it gebiet dat no de Hakke fan Alabama en de Hakke fan Mississippy foarmet. Wylst de earste Britske kolonisten har doe yn it noarden fan it skiereilân nei wenjen setten, fêstigen har dêr ek de Seminoalen, dy't yn Georgia ûnder druk stiene troch de opmars fan blanke kolonisten.

Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783) bleau East-Floarida trou oan 'e Britske Kroan. Nei ôfrin fan 'e oarloch twongen de Feriene Steaten de Britten om Floarida werom te jaan oan 'e Spanjerts. Tsjin dy tiid wie Spanje frijwol bankrot, dat dat lân wie doe net mear by steat om ynvestearrings yn it skiereilân te dwaan. Sadwaande ûntjoech Floarida him yn dy tiid ta in taflechtsoard foar ûntsnapte negerslaven en in basis dêr't de Seminoalen oanfallen wei útfierden op 'e Amerikaanske kolonisten yn Georgia. Dat late yn 'e jierren 1817-1818 ta de Earste Seminoalske Oarloch, wêrnei't de Feriene Steaten Floarida yn 1821 fan Spanje oerkochten. Yn 1845 waard Floarida as folweardige steat ta de Amerikaanske Uny talitten.

 
In lansearring fan 'e Space Shuttle op it Kennedy Space Center, oan 'e eastkust fan it Floarida-skiereilân.

Troch de almar fierder opkringende kolonisaasje kaam it op it skiereilân noch twa kear ta in militêr konflikt mei de Seminoalen, yn 'e Twadde Seminoalske Oarloch (1835-1842) en de Tredde Seminoalske Oarloch (1855-1858). Nei eltse Amerikaanske oerwinning waarden mear Seminoalen fan it skiereilân ôf deportearre nei it fiere Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma). Oan 'e ein fan 'e 1850-er jierren loeken har lykwols hûnderten Yndianen werom yn it sompelân fan 'e Everglades, yn 'e punt fan it skiereilân, dêr't se oant yn 'e tweintichste iuw feilich wiene foar de Amerikanen.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) waarden de havens fan it Floarida-skiereilân troch de Amerikaanske Marine blokkearre, mei't Floarida him oansletten hie by de Konfederearre Steaten fan Amearika. Inkeld tsjin 'e ein fan 'e oarloch waard der yn it noarden fan it skiereilân wat fochten. Pas yn 'e 1920-er jierren ûntstie der foar it earst belangstelling foar kolonisaasje fan it súdlike part fan it Floarida-skiereilân, mar dêr makke de Grutte Depresje in ein oan. Doe't nei de Twadde Wrâldoarloch betelbere airconditioning beskikber kaam, ûntjoech it suden him ta in treflik fakânsjegebiet en in gaadlik wenplak foar pensionado's.

Hoewol't it Floarida-skiereilân foarhinne lange tiid tige tinbefolke wie, útsein it aldernoardlikste part tsjin 'e grins fan Georgia oan, is it no fierwei it meast tichtbefolke diel fan Floarida. Yn totaal wennen der neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 doe sa'n 16,9 miljoen minsken (tsjin 1,4 miljoen yn 'e Panhandle en 77.000 op 'e Florida Keys). De grutste stêd op it skiereilân is Jacksonville, oan 'e noardeastkust, mar de grutste stêdekloft is dy fan Miami, yn it súdeasten. Der lizze 7 Yndianereservaten op it Floarida-skiereilân. Dat binne:

reservaat stamme
Big Cypress Yndianereservaat Seminoalske Stamme fan Floarida
Brighton Yndianereservaat
Fort Pierce Yndianereservaat
Hollywood Yndianereservaat
Immokalee Yndianereservaat
Tampa Yndianereservaat
Mikosûky Yndianereservaat Mikosûky Stamme fan Yndianen fan Floarida

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.