List fan keningen fan Grut-Brittanje

(Trochferwiisd fan Britske Kroan)

Dit is de list fan keningen en keninginnen fan Grut-Brittanje, dat yn 1707 ûntstie doe't it foartiid selsstannige Keninkryk Ingelân en Keninkryk Skotlân gearfoege waarden troch de Act of Union. Yn 'e achttjinde iuw wiene de keningen en keninginnen fan Grut-Brittanje fia in personele uny tagelyk kening of keninginne fan Ierlân, mar yn 1801 gie ek dat keninkryk, troch in nije Act of Union, op yn it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân.

Kening Charles III
namme perioade dynasty opmerkings oarehelte
Anne 1707 - 1714 Stuart George fan Denemark
George I 1714 - 1727 Hannover (teffens karfoarst fan Hannover) Sofia Doroteä fan Celle
George II 1727 - 1760 Hannover (teffens karfoarst fan Hannover) Karoline fan Brandenburch-Ansbach
George III 1760 - 1820 Hannover (teffens karfoarst fan Hannover;
waard sljochtsinnich en moast it regear
út 'e hannen nommen wurde)
Charlotte fan Meklenburch-Strelitz
1811 - 1820 regintskip fan kroanprins George
George IV 1820 - 1830 Hannover (teffens karfoarst fan Hannover) Karoline fan Breunswyk
Willem IV 1830 - 1837 Hannover (teffens karfoarst fan Hannover) Adelheid fan Saksen-Meiningen
Fiktoaria 1837 - 1901 Hannover Albert fan Saksen-Coburg en Gotha
Edwert VII 1901 - 1910 Saksen-Coburg-Gotha Aleksandra fan Denemark
George V 1910 - 1936 Windsor (feroare de namme fan syn hûs yn
1917 yn Windsor, fanwegen de
anty-Dútske gefoelens yn 'e
Earste Wrâldoarloch)
Fiktoaria Marije fan Teck
Edwert VIII 1936 Windsor (die ôfstân fan 'e troan om trouwe
te kinnen mei de skieden
Amerikaanske Wallis Simpson)
Wallis Simpson
George VI 1936 - 1952 Windsor Elizabeth Bowes-Lyon
Elizabeth II 1952 - 2022 Windsor Philip, hartoch fan Edinburgh
Charles III 2022 - no Windsor Camilla Parker Bowles

Sjoch ek bewurkje seksje