Britske prinsen-gemaal en keninginnen-gemalinne

Wikimedia-list

De Britske prinsen-gemaal en keninginnen-gemalinne (Ingelsk: royal consort) binne de oarehelten fan de Britske monargen, dy't fan 1707 ôf de monargen fan it keninkryk Grut-Brittanje en it Feriene Keninkryk wiene. De prinsen-gemaal wiene de oarehelten fan de keninginnen, wylst de keninginnen-gemalinne de oarehelten fan de kening wiene. Prins Philip, de oarehelte fan keninginne Elizabeth II wie de langst tsjinjende en âldste oarehelte fan in Britske monarch. Syn skoanmem, keninginne-mem Elizabeth Bowes-Lyon, dy't yn de âldens fan 101 jier ferstoar, wie lykwols âlder, mar hie net de posysje as keninginne-gemalinne, want har man, kening George VI ferstoar 50 jier earder.

Keninginne Elizabeth en har man, prins-gemaal Philip
Prins Albert, de prins-gemaal fan keninginne Fiktoaria

SkiednisBewurkje

Sûnt de Acts of Union yn 1707, doe't de keninkriken Ingelân en Skotlân feriene waarden, hawwe der trije prinsen-gemaal en sân keninginnen-gemalinne west. Keninginnen-Gemalinne tusken 1727 en 1814 wiene tagelyk ek karfoarstinnen fan Hannover, om't harren oarehelten de karfoarsten fan Hannover wiene. De personele uny tusken it Feriene Keninkryk en Hannover einige yn 1837 mei de kroaning fan keninginne Fiktoaria, om reden fan de Salyske Wet yn Hannover, dy't ferbea dat froulju de titel oernimme koene wannear't der manlike erfgenamten wiene. Yn 1866 waard it Keninkryk Hannover troch Prusen anneksearre.

Hûs StuartBewurkje

Namme Ofbyld Wapen Berne Houlik Ferstoarn
prins Georg fan Denemark
Hûs Aldenburch
 

 

2 april 1653 keninginne Anne
28 july 1683
28 oktober 1708

Hûs HannoverBewurkje

Namme Ofbyld Wapen Berne Houlik Ferstoarn
prinsesse Karoline fan Brandenburch-Ansbach
Hûs Hohenzollern

 

 

1 maart 1683 kening George II
22 augustus 1705
20 novimber 1737
prinsesse Charlotte fan Meklenburch-Strelitz
Hûs Meklenburch

 

 

19 maaie 1744 kening George III
8 septimber 1761
17 novimber 1818
prinsesse Karoline fan Breunswyk
Hûs Breunswyk

 

 

17 maaie 1768 kening George IV
8 april 1795
7 augustus 1821
prinsesse Adelheid fan Saksen-Meiningen
Hûs Wettin

 

13 augustus 1792 kening Willem IV
13 july 1818
2 desimber 1849
prins Albert
Hûs Saksen-Coburg en Gotha

 

 

26 augustus 1819 keninginne Fiktoaria
10 febrewaris 1840
14 desimber 1861

Hûs Saksen-Coburg en Gotha (letter Windsor)Bewurkje

Namme Ofbyld Wapen Berne Houlik Ferstoarn Opm.
prinsesse Aleksandra fan Denemark
Hûs Glücksburg
    1 desimber 1844 kening Edwert VII
10 maart 1863
20 novimber 1925
Victoria Maria fan Teck
Hûs Wuertemberch
    26 maaie 1867 kening George V
6 july 1893
24 maart 1953
Lady Elizabeth Bowes-Lyon     4 augustus 1900 kening George VI
26 april 1923
30 maart 2002
prins Philip
Hûs Glücksburg
    10 juny 1921 keninginne Elizabeth II
20 novimber 1947
9 april 2021
Camilla Parker Bowles     17 july 1947 Kening Charles III
9 april 2005
Twadde houlik fan Charles III

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.