Keninginne-gemalinne

In keninginne-gemalinne (mt.: keninginnen-gemalinne) is de aadlike titel dy't taparte wurdt oan 'e frou fan in regearjend kening. Oarsom wurdt de man fan in regearjend keninginne ornaris in prins-gemaal neamd. Yn 'e regel wurdt de tafoeging 'gemalinne' lykwols weilitten en sprekt men simpelwei fan 'keninginne', behalven as men it ferskil oantsjutte wol tusken in keninginne-gemalinne (dy't inkeld keninginne is fanwegen har houlik mei in kening) en in regearjend keninginne (dy't út eigen namme keninginne is).

Begjin 2017 wiene der yn 'e wrâld njoggen keninginnen-gemalinne fan ûnôfhinklike lannen (nammentlik fan Belgje, Bûtan, Jordaanje, Lesoto, Nederlân, Noarwegen, Spanje, Sweden en Tonga). De Nederlânske keninginne-gemalinne wie Máxima Zorreguieta, de frou fan kening Willem-Alexander.

Dêrnjonken wurdt de oarehelte fan 'e sultan fan Brûnei oantsjut as de raja isteri, wat ekwivalint is mei in keninginne-gemalinne. Men kin fierders de term 'gemalinne', in formele oantsjutting foar in froulike houlikspartner, ek taheakje oan oare titels: keizerinne-gemalinne (lykas de frou fan 'e keizer fan Japan), gruthartoginne-gemalinne (lykas de frou fan 'e gruthartoch fan Lúksemboarch), foarstinne-gemalinne (lykas de frou fan 'e foarst fan Lychtenstein), prinsesse-gemalinne (lykas de frou fan 'e prins fan Monako), ensfh.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.