Gruthartoch
Gruthartoch is in aadlike titel dy't leger fan stân is as kening, mar heger as hartoch of (soeverein) prins en likernôch fan gelikense hichte as aartshartoch en grutfoarst. In froulike gruthartoch of de frou fan in gruthartoch is in gruthartoginne. It gebiet dêr't in gruthartoch oer hearsket, is in gruthartochom. Saakkundigen binne fan betinken dat de titel 'gruthartoch' yn it Hillige Roomske Ryk ûntstien is, dêr't men nammentlik mei de term Großherzog ferwiisde nei de grutfoarsten fan 'e Midsiuwske Russyske stêdsteaten.
Tsjintwurdich is de iennichst oerbleaune regearjende gruthartoch de hearsker fan Lúksemboarch, dat as in gruthartochdom bestiet sûnt 1815. Fanwegen it feit dat it no it iennichste yn syn soarte is, wurdt Lúksemboarch ek wol koartwei "it gruthartochdom" neamd. De oansprektitel foar de gruthartoch fan Lúksemboarch is, krekt as by in kening: "Jins Keninklike Majesteit", en yn 'e trêde persoan inkeltal: "Syn Keninklike Majesteit".
Foarhinne bestiene der mear gebieten mei in gruthartoch oan it haad, benammen yn Dútslân:
- it Gruthartochdom Aldenburch (1829-1918)
- it Gruthartochdom Baden (1806-1918)
- it Gruthartochdom Berch (1806-1813)
- it Gruthartochdom Hessen (1806-1918)
- it Gruthartochdom Frankfort (1810-1813)
- it Gruthartochdom Fulda (1815-1866)
- it Gruthartochdom Meklenburch-Schwerin (1815-1918)
- it Gruthartochdom Meklenburch-Strelitz (1815-1918)
- it Gruthartochdom Poasen (1815-1918) (ûnderdiel fan it Keninkryk Prusen)
- it Gruthartochdom Saksen-Weimar-Eisenach (1815-1918)
- it Gruthartochdom fan de Underryn (1815-1918) (ûnderdiel fan it Keninkryk Prusen)
- it Gruthartochdom Würzburg (1806-1814)
Bûten de Dútske gebieten kamen gebieten mei in gruthartoch oan it bewâld mar in bytsje foar:
- it Gruthartochdom Litouwen (1236-1795) (fan 1569 ôf as ûnderdiel fan it Poalsk-Litouske Mienebêst)
- it Gruthartochdom Toskane (1569-1860)
- it Gruthartochdom Warsjau (1809-1813)
- it Gruthartochdom Finlân (1809-1917) (ûnderdiel fan it Keizerryk Ruslân)
Fierders wurdt de titel 'gruthartoch' ek wol brûkt foar de net-regearjende leden fan it Hûs Romanov, fan 'e tsaren fan Ruslân. Harren titel wurdt lykwols ek wol oerset as 'aartshartoch'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|