Poalsk-Litouske Mienebest

(Trochferwiisd fan Poalsk-Litouske Mienebêst)
Keninkryk Poalen en Gruthartochdom Litouwen

Litousk: Lenkijos Karalystė ir Lietuvos Didzioji Kunigaikštystė
Poalsk: Królestwo Polskie I Wielkie Księstwo Litewskie
Wyt-Russysk: Каралеўства Польскае і Вялікае Княства Літоўскае

Flagge fan Wapen fan
Lokaasje fan
Taal Armeensk; Dútsk; Jiddysk; Latynsk; Litousk; Rûteensk; Poalsk
Haadstêd Keninkryk Poalen: Krakau, nei 1600 Warsjau Gruthartochdom Litouwen: Vilnius
Steatsfoarm Monargy
Tal ynwenners 6.500.000 (1582) oant 10.500.000 (1618)
Oerflak 1582: 815.000 km² 1618: 990.000 km²
Tiidrek 1569-1795
Munt

It Poalsk-Litouske Mienebest wie in federaal keninkryk dat yn 1569 fan it Keninkryk Poalen en it Gruthartochdom Litouwen foarme waard en troch in mienskiplike monarch bestjoerd waard. De federaasje wie yn de 15e en 16e iuw it grutste en ien fan de meast befolke lannen fan sintraal Europa. It besloech likernôch 1.000.000 km² en hie op it hichtepunt oan it begjin fan de jierren 1600 in multyetnyske befolking fan 11.000.000 minsken.

It mienebest waard op 1 july 1569 yn Lublin stifte en einige mei de Tredde Dieling fan Poalen yn 1795.

Ferlike mei oare steaten wie it bestjoerlike systeem fan it mienebest unyk te neamen: karakteristyk foar it politike systeem wie de strange kontrole fan de keninklike macht. Dy kontrôle waard útfierd troch de wetjouwende lândei (sejm), dy't troch de adeldom (szlachta) kontrolearre waard. It systeem fan it mienebest wie de foarrinner fan de moderne konsepten fan demokrasy, de konstitúsjonele monargy en federaasjes. De twa steaten wiene formeel lyk oan inoar, mar feitlik wie Poalen de dominante partij fan de uny.

Religieuze tolerânsje

bewurkje seksje

Fierder foel it Poalsk-Litouske Mienebest op troch de hege etnyske diversiteit en de relative religieuze tolerânsje, fêstlein yn de op 28 jannewaris 1573 ûndertekene Warsjau-konfederaasje. De religieuze tolerânsje koe mei de tiid wol wat mear of minder wêze.

Nei desennia fan wolstân fersile it mienebest yn in tiidrek fan langere politike, militêre en ekonomyske delgong. De tanimmende swakte liede oant it ein fan de 18e iuw ta de ferdieling fan it mienebest ûnder de machtige buorlju: Eastenryk, Prusen en it Russyske Ryk. Noch koart foar de ûntbining naam it mienebest mei de grûnwet fan 3 maaie 1791 grutskalige herfoarmings oan, troch de Britske professor Norman Davies beskreaun as de earste yn syn soarte yn Europa.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Deensktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: da:Den polsk-litauiske realunion