Willibrord Frequin
Willibrordus Jan Louis Maria Frequin (Arnhim, 6 septimber 1941 – Laren, 26 maaie 2022) wie in Nederlânsk sjoernalist en telefyzjepresintator.
Willibrord Frequin | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Willibrord Frequin (2008) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Willibrordus Jan Louis Maria Frequin | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 6 septimber 1941 | |
berteplak | Arnhim | |
stoarn | 26 maaie 2022 | |
stjerplak | Laren | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sjoernalist, presintator | |
medium | Telefyzje | |
wurksum by | KRO, RTL 4, RTL 5, SBS 6 |
Frequin waard berne as âldste bern fan Louis Frequin, dy 't lange tiid haadredakteur wie fan it deiblêd De Gelderlander. Hy groeide op yn Nijmegen. Op skoalle bleau er hieltyd sitten. As lêste waard er as drege learling nei de kostskoalle it Canisius College yn Nijmegen stjoerd.
Frequin begûn yn 1963 syn sjoernalistike karriêre by de KRO as assistint-regisseur by Studio Sport en grutte eveneminten. Hy waard foaral bekend as reporter foar KRO’s Brandpunt. Yn dy hoedanichheid trof er ûnder oaren Paus Jehannes Paulus II en Mem Teresa. Yn 1976 wie Frequin de iennige ferslachjouwer dy't prins Bernhard fan Lippe-Biesterfeld streekrjocht frege wat er fûn fan de beskuldigingen tsjin him oangeande de Lockheed-affêre.
Yn jannewaris 1989 laten twa reportaazjes troch Frequin ta opskuor, in reportaazje oer de produksje fan XTC-pillen bliek nep, en in reportaazje oer de libbene hannel yn minskehollen die bliken dat de hannel sa libben net wie as dat Frequin bewearde. Uteinlik late dit ta Frequins ûntslach by KRO al bleau er dêr noch oant 1993 yn tsjinst. Yn de njoggentiger jierren gie Frequin oan de slach by RTL 4, RTL 5 en letter SBS 6 as presintator.
Syn sjoernalistike metoade wie agressyf en net botte objektyf, en waard al gau as kontroversjeel bestimpele. Persiflaazjes fan syn optreden en efterfolgingen ferskynden yn satiryske telefyzjeprogramma's. Frequin helle in pear kear sels it nijs om syn net al te sjoernalastike wize fan wurkjen en dêrút fuortfloeiende aksjes mei koartduorjende arrestaasjes ta gefolch.
Frequin boaske fjouwer kear, yn 2019 sels mei in 20 jier jongere frou. Hy krige twa dochters en in soan.