Gerben Karstens
Gerben Karstens (Leien, 14 jannewaris 1942 – Dongen, 8 oktober 2022) wie in Nederlânsk hurdfytser. Karstens wûn yn 1964 meardere etappes yn de Grutte Omgongen.
Gerben Karstens | ||
sporter | ||
Gerben Karstens | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gerben Karstens | |
bynamme | de clown, de notariszoon, Le Karst | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 14 jannewaris 1942 | |
berteplak | Leien | |
stjerdatum | 8 oktober 2022 | |
stjerplak | Dongen | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
O.S. | Tokio 1964 | |
debút | 1962 | |
karriêre-ein | 1980 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1964 |
Karriêre
bewurkje seksjeKarstens wûn as amateur tegearre mei Evert Dolman, Jan Pieterse en Bart Zoet de gouden medalje op de Olympyske Simmerspullen fan 1964 op it ûnderdiel 100 kilometer ploegetiidrit.
Gerben Karstens wie in sprinter en wûn etappes yn alle trije de grutte omgongen. (seis yn de Omgong fan Frankryk, ien yn de Omgong fan Itaalje en fjirtjin yn de Omgong fan Spanje). De iennige oare Nederlanners dy't dit prestearren, wiene Jeroen Blijlevens, Erik Breukink, Jean-Paul van Poppel en Tom Dumoulin. Yn 1974 hie er twa dagen de giele trui oan yn de Ronde fan Frankryk.
Hy wie in opfallend figuer yn it peloton fanwege syn grappen en grollen. Sa is er ea demarrearre út it peloton om him dêrnei yn de boskjes te ferstopjen oant de hurdfytsers foarby riden wiene, wêrnei't er oan de efterkant fan it peloton wer oansleat, Wylst it peloton foaryn sykjen bleau nei de "ûntsnapte" Karstens. Om syn clowneske gedrach waard er yn it peloton de clown neamd. Oare bynammen wiene de notariszoon enLe Karst.
Gerben Karstens wie ek reedrider en lid fan de kearnploech yn de tiid fan Rudie Liebrechts. Hy die mei oan de Nederlânske kampioenskippen reedriden allround 1963 en waard doe achtste.
Gerben Karstens ferstoar op 8 oktober 2022, yn 'e aldens fan 80 jier.
Dielnimming oan grutte omgongen
bewurkje seksjeDielnimming oan de Omgong fan Frankryk
bewurkje seksje- 1965 - 59e; winner 21ste etappe.
- 1966 - 46e; winner 3e en 9de etappe.
- 1967 - 30e;
- 1969 - 65e;
- 1971 - 63e; winner 1ste etappe.
- 1972 - 60e;
- 1974 - 61e;
- 1975 - 50e;
- 1976 - 84e; winner 18e en 22ste etappe.
- 1977 - 52e;
- 1978 - Net finisht
Dielnimming oan de Omgong fan Spanje
bewurkje seksje- 1966 - 21e; winner 11e, 15de en de 17de etappe.
- 1967 - 51e; winner 7e, 10e, 17de en de 18de etappe.
- 1971 - 39e; winner 11e etappe.
- 1973 - Net finisht; winner 2e, 5e, 7de en de 12de etappe.
- 1974 - 48e; winner 16e etappe.
- 1976 - Net finisht; winner 12e etappe.
Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje
bewurkje seksje- 1973 - 23e; winner 5e etappe.
Ploegen
bewurkje seksje- 1965-1967 - Televizier
- 1968-1970 - Peugeot
- 1971 - Goudsmit-Hoff
- 1972 - Rokado
- 1973 - Ha-Ro
- 1973 - Rokado
- 1974 - Bic
- 1975 - Gitane-Campagnolo
- 1976-1978 - TI-Raleigh
- 1979-1980 - De Vleeschmeesters-Gazelle