Jurassic World: Dominion

Jurassic World: Dominion is in Amerikaanske science fiction-aksjefilm út 2022 ûnder rezjy fan Colin Trevorrow, mei yn 'e haadrollen Bryce Dallas Howard, Chris Pratt, Isabella Sermon, Laura Dern en Sam Neill. De titel betsjut "Sjuerawrâld: Hearskippij", en ferwiist nei it Sjuera, in geologysk tiidrek doe't de dinosauriërs de wrâld behearsken, en nei de Ingelsktalige bibelske term dominion ("hearskippij"), dat God de minske oer alle bisten skonken hawwe soe. It is de sechsde lange film út 'e Jurassic Park-filmsearje en it ôfslutende diel fan 'e Jurassic World-trilogy.

Jurassic World: Dominion
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Colin Trevorrow
produsint Frank Marshall
Colin Trevorrow
útfierend
   produsint
Steven Spielberg
Colin Trevorrow
Alexandra Derbyshire
senario Emily Carmichael
Colin Trevorrow
kamerarezjy John Schwartzman
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Amblin Entertainment
Universal Pictures
The Kennedy/Marshall Company
Perfect World Pictures
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Bryce Dallas Howard
Chris Pratt
Isabella Sermon
Laura Dern
Sam Neill
byrollen Jeff Goldblum
DeWanda Wise
Campbell Scott
Mamoudou Athie
Omar Sy
B.D. Wong
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 23 maaie 2022
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 146 minuten (bioskoop)
160 minuten (dvd & blu-ray)
budget en resultaten
budget $185 miljoen
opbringst $1.003,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Jurassic Park
● foarich diel Jurassic World: Fallen Kingdom

It ferhaal giet oer in nije wrâld, wêryn't minsken, moderne bisten en de ûntsnapte dinosauriërs, dy't har oer de hiele wrâld ferspraat hawwe, leare moatte om gear te libjen. Owen Grady en Claire Dearing sette útein mei in rêdingsmisje om harren ûntfierde pleechdochter Maisie Lockwood werom te finen en te befrijen. Underwilens komme Ellie Sattler, Alan Grant en Ian Malcolm in gearspanning op it spoar fan 'e multinational Biosyn, in bedriuw dat besiket ryk te wurden fan 'e ferkeap fan genetysk modifisearre nôt troch reuseftige prehistoaryske sprinkhoannen wer ta libben te bringen, dy't alle oare nôt yn 'e wrâld opfrette. Jurassic World: Dominion krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

It is fjouwer jier nei de fulkaanútbarsting op Isla Nublar, dy't de evakuaasje fan 'e dêr libjende dinosauriërs needsaaklik makke, en ek nei it Lockwoodlângoed-ynsidint, wêrby't de dinosauriërs loslitten waarden yn 'e wyldernis fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten (sjoch: Jurassic World: Fallen Kingdom). De út útstoarne tastân werombrochte dinosauriërs hawwe har oer de hiele wrâld ferspraat en soargje foar in ekologyske ramp trochdat se as eksoat it hiele fiedselkeatling oer de kop helje. Dêrnjonken is der ek in libbene swarthannel yn dinosauriërs ûntstien, wêrby't de bisten bleatsteane oan alderlei foarmen fan bistemishanneling. De ynfloedrike multinational Biosyn Genetics, dat ienris de wichtichste konkurrint wie fan InGen, it bedriuw fan John Hammond, dat ferantwurdlik wie foar it werombringen fan 'e dinosauriërs, hat yn in ôfsletten delling yn 'e Italjaanske Dolomiten in wyldreservaat foar dinosauriërs opset. Dêr docht Biosyn ûndersyk nei it genoom fan 'e bisten, mei as bedoeling farmaseutyske tapassings.

Claire Dearing, de eardere bedriuwsliedster fan it ferdivedaasjepark Jurassic World, op Isla Nublar (sjoch: Jurassic World), is noch altyd belutsen by de troch har oprjochte Dinosaur Protection Group. Mei bistedokter Zia Rodriguez en kompjûterekspêr Franklin Webb docht se ûndersyk nei yllegale dinosaurusfokkerijen. Dearing wurdt dêrby dreaun troch skuldgefoelens, mar as se it dokumintearjen fan yllegale fokkerijen eskalearret ta gefaarlike sabotaazje- en rêdingsaksjes, hâlde Webb en Rodriguez it foar besjoen. Webb beslút in baan oan te nimmen dy't him oanbean is troch de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, dy't yn 'e feroare wrâld ek de yllegale hannel yn dinosauriërs yn 'e rekken hâldt (mei't de bisten as potinsjeel wapenreau sjoen wurde). Dearing har freon Owen Grady, in feteraan fan 'e Amerikaanske Marine, is behelle yn it fangen fan yn it wyld libjende dinosauriërs en it ferhúzjen fan sokke bisten nei it Biosyn-reservaat yn 'e Dolomiten.

Dearing en Grady wenje yn in ôfhandige blokhutte yn 'e Kalifornyske Sierra Nevada, dêr't se temûk harren fjirtjinjierrige pleechdochter Maisie Lockwood grutbringe. It famke is de mei genetyske manipulaasje ta stân kommen pakesizzer fan Benjamin Lockwood silger, dy't socht wurdt troch ferskate kriminele organisaasjes om har unike genoom te eksploitearjen. Wannear't Blue, de lêste oerlibbene fan 'e Velociraptors* dy't Grady traind hie, by de blokhutte opdûkt mei in aseksueel produsearre jong, neamt Maisie de lytse Velociraptor Bêta. Sels rekket se almar mear frustrearre troch de beheinings dy't fuortkomme út har opleine isolemint, en se is sa njonkelytsen safierhinne dat se it ferhaal fan Grady en Dearing oer lju dy't it op har foarsjoen hawwe, net mear leaut. Dêrmei is se lykwols mis, want streupers anneks hierlingen dy't ynhierd binne om it Velociraptor-jong te fangen, komme har oer it mad en ûntfiere har ek.
*) De Velociraptors út 'e Jurassic Park-franchise komme net oerien mei de leden fan it echte skaai fan dinosauriërs mei dy namme. Dy wiene ntl. in stik lytser en dêrmei ek oansjenlik minder gefaarlik. Koart foar't de earste film útkaam, waard by paleöntologysk ûndersyk lykwols de Utahraptor ûntdutsen, dy't wol deeglik yn hege mjitte oerien kaam mei de Velociraptor út 'e films. Troch nije ûntdekkings geane paleöntologen der no fan út dat Velociraptors eins oerdutsen wiene mei fearren ynstee fan dat se keal wiene mei in skobbe hûd, lykas yn 'e films.

Underwilens wurdt de nôtrispinge yn it Amerikaanske Midwesten en op 'e Grutte Flakten opfretten troch swaarmen reuseftige prehistoaryske sprinkhoannen út it Kryt, dy't fan noas oant sturtpunt wol 76 sm mjitte. Yn in tiid dat der wer folle gruttere, folle ymposantere útstoarne bisten omrinne, lûkt dat net safolle oandacht, mar troch de fraatsucht fan 'e ynsekten wankt der in wrâldwide hongersneed. Paleobotaniste dr. Ellie Sattler docht ûndersyk nei de sprinkhoannen en de ynfloed fan 'e bisten op 'e plantegroei, en konstatearret dat se alle nôt opfrette útsein it genetysk modifisearre nôt dat boeren oankocht hawwe fan Biosyn Genetics. Hja wurdt sadwaande erchtinkend oer wêr't de sprinkhoannen sa hommels wei kommen binne, yn acht nommen dat se Biosyn sa moai yn 'e kaart spylje.

Sattler kriget in útnûging fan in âlde bekende, wiskundige en gaosteorist dr. Ian Malcolm, om it haadkertier fan Biosyn yn 'e Dolomiten te besykjen, dêr't hy no wurket. Se freget paleöntolooch dr. Alan Grant om mei. Sattler en Grant hawwe inoar tweintich jier net sjoen, mar Grant is dúdlik noch altyd fereale op har, hoewol't sy dat net liket op te merken. Hy is net botte happich om syn opgraving yn Utah te ferlitten, mar dat feroaret op slach as Sattler him fertelt dat se ûnderwilens skieden is fan har man Mark.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Grady en Dearing sette de efterfolging yn op 'e ûntfierders fan Maisie, wêrby't Grady oan in oerstjoere Blue ûnthjit dat er har jong ek rêde en werombringe sil. Neitiid nimme se kontakt op mei Webb, dy't harren troch de ynformaasje dêr't er by de CIA ynsjoch yn hat, fertelle kin dat it famke mooglik meifierd is nei Malta. Grady en Dearing reizgje ôf nei Malta, dêr't se Grady syn eardere assistint-trainer Barry Sembène treffe. Dyselde hat de lieding oer in operaasje fan 'e Frânske geheime tsjinst tsjin 'e binde streupers fan in Rainn Delacourt, deselde dy't Maisie en Bêta ûntfierd hat.

Troch tadwaan fan 'e ûnmeilydsume swarthannelster Soyona Santos, dy't har fjouwer nuete Atrociraptors efter de geheim aginten oanstjoerd en letter ek efter Grady en Dearing oan, rint de operaasje út op in fiasko. Grady wit Delacourt te efterheljen, mar dy kin him inkeld fertelle dat er Maisie en Bêta ôflevere hat by Santos foar't er troch in dinosaurus ferslynd wurdt. As Dearing nei in lange efterfolging Santos befreget, seit dy dat Maisie en de jonge Velociraptor al ûnderweis binne nei it haadkertier fan Biosyn. Dearing ûntkomt oan 'e Atrociraptor dy't efter har oan sit trochdat se help kriget fan 'e swarte Amerikaanske piloate Kayla Watts. Grady wit nei in spektakulêre wyldemansrit op 'e motor troch de nauwe strjitsjes fan Valletta mei twa oare Atrociraptors op 'e hakken krekt op 'e tiid Watts har al opstiigjende fleantúch by te heljen. Watts, dy't troch Delacourt ynhierd wie om Bêta nei Malta te fleanen, hat spyt fan har belutsenens by de saak en stimt deryn ta om Grady en Dearing nei de Dolomiten te bringen.

Underwilens binne Sattler en Grant oankommen yn it haadkertier fan Biosyn, dêr't se ferwolkomme wurde troch Lewis Dodgson, de algemien direkteur fan it bedriuw. Se krije in rûnlieding fan it haad public relations Ramsay Cole, dy't harren omstandich warskôget net de lift nei de kelders fan it kompleks te nimmen, mei't besikers dêr net komme meie. Se treffe Ian Malcolm, dy't no foar Biosyn wurket, mar temûk plannen makket om it bedroch fan it bedriuw oan it ljocht te bringen. Hy jout Sattler stikem syn kaaikaart en flústeret har ta wêr't se yn 'e kelders krekt wêze moat. Sattler en Grant ynfiltrearje mei de kaaikaart de kelders, dêr't se in kweekkeamer fan persiis deselde prehistoaryske sprinkhoannen ûntdekke as dy't de rispinge yn 'e Feriene Steaten desimearje.

As Maisie en Bêta yn it haadkertier fan Biosyn oankomme, wurde se daliks nei de kelders brocht, dêr't dr. Henry Wu oan it wurk is. Hy is in genetikus dy't foarhinne foar InGen wurke en oan 'e widze fan it werombringen fan 'e dinosauriërs stie. Yn it ferline hat er sjen litten dat er gjin skrupules hat, mar de de sitewaasje mei de ûnútrûgbere sprinkhoannen, dy't ta de hongerdea fan miljoenen minsken liede kin, hat er dochs wol spyt fan, ek al wurdt er troch Dodgson ûnder druk set om syn wurk fuort te setten. Hy fertelt Maisie dat wat har altyd ferteld is oer har komôf net wier is. Hy leit út dat har mem Charlotte Lockwood in briljante genetika wie, dy't harsels kloand hat om Maisie te krijen. Mar it genoom fan Maisie hat se feroare om 'e genetyske oandwaning út te bannen dêr't sysels úteinlik oan beswykt is. As Wu it DNA fan Maisie bestudearje kin om út te finen hoe't Charlotte dat dien hat, kin er de sprinkhoannen mei in soartgelikense genetyske modifikaasje binnen ien generaasje útrûgje.

It fleantúch fan Watts kriget fan Biosyn gjin tastimming om te lânjen, en as se dochs trochset, lit Dodgson, oan wa't trochdien is dat Grady en Dearing oan board binne, it systeem útsette dat de fleanende dinosauriërs by fleantugen wei hâldt. It fleantúch fan Watts wurdt dêrnei oanfallen troch in reuseftige Quetzalcoatlus, dy't sa'n skea oan 'e motors tabringt dat it tastel delstoart. Dearing, dy't de iennichste sjitstoel hat, wurdt út it fleantúch lansearre en komt yn in tuskenbeiden reinwâld del, dêr't se hast deamakke wurdt troch in Therizinosaurus. Underwilens oerlibje Grady en Watts it delkommen fan it fleantúch op it iis fan in beferzen marke, wêrnei't se hast ferskalke wurde troch in Pyroraptor. Lang om let fine Grady en Watts Dearing werom op it stuit dat hja ta proai driget te fallen oan in Dilophosaurus.

Yn 'e kelders fan it Biosyn-haadkertier nimme Sattler en Grant DNA ôf fan ien fan 'e reuzesprinkhoannen, sadat se letter bewize kinne dat de bisten by Biosyn wei komme. Underwilens wit Maisie op in ûnbewekke momint te ûntkommen oan Wu en Dodgson, wêrnei't se Bêta frijlit en dan troch in fentilaasjeskacht útnaait. Se belânet yn in gong dêr't se Sattler en Grant tsjin it liif rint, dy't har op sleeptou nimme. As se Cole treffe, docht bliken dat dyselde in klokkelieder is dy't gearwurket mei Ian Malcolm. Hy bringt harren nei in hyperloop (in elektrysk treintsje) ta dat har oer in ûndergrûnsk spoar streekrjocht op it fleanfjild fan Biosyn ôfsette sil.

Troch de ûntsnapping fan Maisie wurdt troch Biosyn-meiwurkers lykwols it klandestine útstapke fan Sattler en Grant nei de kelders ûntdutsen op âldere bylden fan befeiligingskamera's. Dodgson, dy't net foar it ferstân hat dat Maisie har by Sattler en Grant jûn hat, jout opdracht om 'e hyperloop stil te setten by in âlde myn mei in kilometers lang gongestelsel. Dêr wurde Sattler, Grant en Maisie oanfallen en efterfolge troch in stikmannich Dimetrodon oant se krekt op 'e tiid ûntkomme kinne. Se wurde bûten de myn opwachte troch Malcolm yn in terreinauto, wêryn't se fjouweresom besykje te ûntkommen. De auto rekket lykwols fan it paad en slacht oer de kop, wêrnei't er útrôlet nei it plak dêr't Dearing, Grady en Watts har taflecht socht hawwe. Maisie wurdt weriene mei har pleechâlden en Sattler, Grant en Malcolm jouwe har by Grady-en-dy.

Underwilens besiket Dodgson bewiismateriaal te ferneatigjen troch de sprinkhoannen yn it laboratoarium yn 'e kelder dea te brânen. De brânende swaarm ûntsnapt lykwols en it resultaat is dat it hiele Biosyn-reservaat yn ljochte lôge komt te stean. Grady, Dearing, Maisie, Watts, Sattler, Grant en Malcolm geane werom nei it haadkertier fan Biosyn, dêr't Cole him by har jout nei't er Dodgson it mannewaar opsein hat. Watts stelt in helikopter fan Biosyn om 'e groep út it kompleks te evakuëarjen. Yn 'e kelders fange Grady, Grant en Maisie de jonge Velociraptor Bêta. Dodgson besiket mei in tasfol dinosaurusembryo's yn 'e hyperloop te ûntkommen nei it fleanfjild, mar Sattler en Dearing lizze it kompjûtersysteem fan Biosyn plat sadat se it systeem dat de fleanende dinosauriërs by fleantugen weihâldt, wer aktivearje kinne. De hyperloop komt dêrtroch sûnder stroom te sitten, en Dodgson rekket strâne yn 'e tunnel. Trije Dilophosaurus krije him op it each, bringe him om hals en frette him op.

Wannear't de groep wer byinoar is en fuort sil, freget Henry Wu harren om him mei te nimmen, sadat er syn grutte flater wer goedmeitsje kinne sil. As Maisie seit dat har mem dat wollen hie, stimme de oaren dermei yn. Njoggenresom besykje se de helikopter op it binnenplak fan it Biosyn-kompleks te berikken, mar se komme fêst te sitten mank in gefjocht om dominânsje tusken de nije Giganotosaurus fan Biosyn (de grutste rôfdinosaurus dy't ea libbe hat) en de Tyrannosaurus rex fan it oarspronklike Jurassic Park. Wylst de minsken flechtsje en yn 'e helikopter fuortfleane, wit de Tyrannosaurus rex lang om let de striid te winnen mei de help fan in Therizinosaurus.

 
Bryce Dallas Howard.
 
Chris Pratt.
 
Laura Dern.
 
Sam Neill.

Yn 'e neisleep fan alle trelit tsjûgje Sattler, Grant, Malcolm en Cole tsjin Biosyn yn harksittings foar it Amerikaanske Kongres. Sattler kriget einlings foar it ferstân dat Grant al dy jierren gefoelens foar har koestere hat, en sy beiden begjinne in romantyske relaasje. Troch it DNA fan Maisie út te plúzjen, efterhellet Wu in metoade om 'e genetyske koade fan 'e sprinkhoannen oan te passen; hy lit in drager fan in nije sykte frij by in swaarm, sadat it mei koarten dien wêze sil mei de sprinkhoannepleach. Grady, Dearing en Maisie geane nei hûs en werienje Bêta mei Blue. Wylst dinosauriërs, minsken en moderne bisten leare moatte gear te libjen en de Ierde te dielen, ferklearje de Feriene Naasjes de eardere Biosyn-delling ta in ynternasjonaal dinosaurusreservaat.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje                         akteur/aktrise
Claire Dearing Bryce Dallas Howard
Owen Grady Chris Pratt
Maisie Lockwood Isabella Sermon
dr. Ellie Sattler Laura Dern
dr. Alan Grant Sam Neill


byrollen
personaazje akteur/aktrise               
dr. Ian Malcolm Jeff Goldblum
Kayla Watts DeWanda Wise
dr. Lewis Dodgson Campbell Scott
Ramsay Cole Mamoudou Athie
Barry Sambène Omar Sy
dr. Henry Wu B.D. Wong
Rainn Delacourt Scott Haze
Soyona Santos Dichen Lachman
Franklin Webb Justice Smith
dr. Zia Rodríguez Daniella Pineda
CIA-agint Wyatt Huntley Kristoffer Polaha
CIA-analist Jeremy Bernier Caleb Hearon
Denise Roberts Freya Parker
U.S. Fish and Wildlife-aginte Shira Varada Sethu
Malteeske hierling Dimitri Vegas

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Jurassic World: Dominion waard yn febrewaris 2018 oankundige, mar de produksje waard mear as in jier opholden troch de beheinings dy't de filmyndustry oplein waarden omreden fan 'e koroanapandemy. De film waard regissearre troch Colin Trevorrow nei in senario fan himsels en Emily Carmichael, foar in diel op basis fan personaazjes út 'e roman Jurassic Park fan Michael Crichton. Trevorrow wie ek as filmprodusint by it projekt belutsen, tegearre mei Frank Marshall. Se wurken datoangeande yn opdracht fan 'e filmstudio's Amblin Entertainment, Universal Pictures, The Kennedy/Marshall Company en Perfect World Pictures. Yn 'e mande mei Steven Spielberg en Alexandra Derbyshire hie Trevorrow fierders as útfierend produsint ek it algemien tafersjoch oer de produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $185 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Schwartzman, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.

De opnamen foar Jurassic World: Dominion setten op 24 febrewaris 2020 útein, mar moasten yn maart stillein wurde fanwegen in nij oprinnen fan gefallen fan besmetting mei it koroanafirus. De filmmakkers besochten it twongen skofthâlden nuttich te brûken troch alfêst postproduksjewurk te dwaan oan 'e sênes dy't al opnommen wiene. Op 6 july 2020 waarden de opnamen ferfette, mar de produksje hold allegeduerigen lêst fan 'e beheinings dy't yn it ramt fan 'e bestriding fan 'e pandemy oplein waarden. Sa moasten der alderhanne feilichheidsmaatregels yn acht nommen wurde (dy't mei-inoar $9 miljoen kosten), moasten leden fan 'e crew yn karantêne nei't se posityf test hiene foar koroana en koene guon akteurs fanwegen reisbeheinings de filmset yn Malta net berikke. Uteinlik waarden de opnamen op 7 oktober 2020 foltôge, nei krapoan 100 filmdagen.

Jurassic World: Dominion waard foar it meastepart op lokaasje filme. De sênes yn 'e besnijde Sierra Nevada fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje waarden opnommen yn 'e winter yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. De sêne by de houtseagerij waard filme yn Merritt (Britsk-Kolumbia). Binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire, dêr't op it backlot ek it beferzen marke oanlein waard dêr't yn 'e film Kayla har fleantúch delstoart (de bergen yn 'e fierte waarden letter mei special effects tafoege). Oare filmlokaasjes yn Ingelân wiene it natoergebiet Hawley Common en de bosk Minley Woods yn Hampshire, en it wâld Winterfold Forest yn Surrey, dêr't de blokhutte fan Owen en Claire boud waard. In boerespultsje yn 'e neite fan Aylesbury gie troch foar de pleats yn Teksas dêr't Ellie Sattler de sprinkhoannepleach ûndersiket.

Yn Malta waarden yn 'e haadstêd Valletta û.m. de efterfolgings fan Claire en Owen troch de Atrociraptors filme. In auto-ûngemak waard opnommen yn Floriana en de sêne by it paleöntologysk fynplak fan Alan Grant yn Utah waard eins filme by it Malteeske plak Mellieħa. Foar de sênes yn it haadkertier fan Biosyn waarden ferskate lokaasjes brûkt, wêrûnder de Blavatnik School of Government en it Wolfson College (beide ûnderdiel fan 'e Universiteit fan Oxford). Black Park, fuort njonken de Pinewood Studios, waard brûkt foar de bûtenkant fan it Biosyn-gebou, yn 'e mande mei twa lokaasjes yn Britsk-Kolumbia: Squamish, in foarstêd fan Vancouver, en Cathedral Grove, in bosk op Vancouvereilân. De Grande Dixence-daam, in keardaam yn Switserlân, en de Dolomiten fan noardlik Itaalje, waarden letter mei special effects op 'e eftergrûn tafoege.

Foar de dinosauriërs yn 'e film waarden mear animatroanyske rekwisiten brûkt (18 stiks fan ferskate grutte) as yn eardere dielen fan 'e Jurassic Park-filmsearje. Yn Jurassic World: Dominion waarden foar it earst ek dinosauriërs mei fearren yntrodusearre, lykas Pyroraptor en Therizinosaurus. It ûntbrekken fan in fearrekleed by de dinosauriërs dy't dat neffens moderne ynsichten wol hiene, wie yn eardere films ien fan 'e grutte punten fan krityk fan paleöntologen. De animatroanyske rekwisiten, wêrûnder in reuseftigen-ien fan in Giganotosaurus, waarden boud troch Industrial Light & Magic (ILM), it special effects-bedriuw fan George Lucas. Dat fersoarge ek ferskate animatroanyske sprinkhoannen fan 76 sm lang.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Jurassic World: Dominion waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 23 maaie 2022 yn Meksiko-Stêd yn premiêre, en iepene dêrnei op 10 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 3 juny by platemaatskippij Back Lot Music. Jurassic World: Dominion kaam op 14 july 2022 beskikber as digitale download en waard op 16 augustus fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray. Op dvd en blu-ray wie de koarte film Battle at Big Rock tafoege as bonusmateriaal.

De bioskoopferzje fan Jurassic World: Dominion hie in spyldoer fan 146 minuten. De ferzje dy't útbrocht waard op dvd en blu-ray wie in extended cut dy't fjirtjin minuten langer wie, mei in spyldoer fan 160 minuten. In diel fan it tafoege materiaal bestie út in prolooch fan fiif minuten dy't earder as in soartemint trailer útbrocht wie. Filmkritisy wiene net bêst te sprekken oer Jurassic World: Dominion, mar de extended cut waard alteast sjoen as in grutte ferbettering fan 'e bioskoopferzje.

Fan 'e filmkritisy krige Jurassic World: Dominion oer it algemien negative resinsjes. Sa joech Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune de film 2 fan 4 stjerren ta. Hy omskreau it as it swakste diel fan 'e Jurassic Park-filmsearje. Yn it tydskrift Rolling Stone skreau David Fear dat de film, yn ferliking ta it oarspronklike Jurassic Park "oanfielt as in kontraktuele ferplichting". Neffens it blêd Variety wie Jurassic World: Dominion "fan 'e trije Jurassic World-films […] it minst flau en it meast fermaaklik. Mar dat wol net folle sizze." Mark Feeney fan The Boston Globe skreau: "De film hat syn mominten en de special effects binne geweldich, mar dit safolste ritsje op 'e draaimole fielt wurch oan. [De film] is ek te lang en in grut part derfan docht it him mar oan tiid."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jurassic World: Dominion in leech goedkarringspersintaazje fan 29%, basearre op 394 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] is miskien yn guon opsichten justjes better as syn direkte foargongers, mar de franchise is in hiel ein delsakke yn ferhâlding ta syn klassike begjin." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jurassic World: Dominion in goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 59 resinsjes.

Jurassic World: Dominion brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $379,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $626,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.003,8 miljoen (oftewol goed $1 miljard). Ofset tsjin it budget fan $185 miljoen betsjut dat in winst fan $818,8 miljoen, hoewol't dêr de sûnder mis mânske marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Jurassic World: Dominion de op twa nei meast opbringende film fan 2022 (nei Avatar: The Way of Water en Top Gun: Maverick). Deadline Hollywood kwalifisearre dy prestaasje as "ferbjusterjend", de negative resinsjes fan 'e filmkritisy yn acht nommen.

Jurassic World: Dominion waard nominearre foar de Saturn Awards foar bêste science fiction-film en bêste special effects. De film waard ek nominearre foar in Annie Award, fjouwer People's Choice Awards en twa Kids' Choice Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Jurassic Park (filmsearje)
Jurassic Park (1993) • The Lost World: Jurassic Park (1997) • Jurassic Park III (2001) • Jurassic World (2015) • Jurassic World: Fallen Kingdom (2018) • Battle at Big Rock (2019, koarte film) • Jurassic World: Dominion (2022)