Jurassic Park III
Jurassic Park III is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm út 2001 ûnder rezjy fan Joe Johnston, mei yn 'e haadrollen Sam Neill, William H. Macy en Téa Leoni. It wie de trêde film út 'e Jurassic Park-filmsearje en teffens it earste diel út dy rige dat basearre wie op in orizjineel senario. It ferhaal folget paleöntolooch dr. Alan Grant, dy't ek ien fan 'e haadpersoanen yn 'e earste Jurassic Park-film wie. Diskear wurdt er troch in rûzjemeitsjend skieden pear foar harren karke spand om mei te wurkjen oan in syktocht nei harren teenagesoan, dy't fermist wurdt op Isla Sorna, in eilân dat bewenne wurdt troch dinosauriërs. Jurassic Park III krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie krekt as syn foargongers in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film besleat de earste Jurassic Park-trilogy. in folgjend diel yn 'e Jurassic Park-searje, mei as titel Jurassic World, kaam út yn 2015. Dêrmei sette de Jurassic World-trilogy útein.
Jurassic Park III | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joe Johnston | |
produsint | Kathleen Kennedy Larry J. Franco | |
útfierend produsint |
Steven Spielberg | |
senario | Peter Buchman Alexander Payne Jim Taylor | |
kamerarezjy | Shelly Johnson | |
muzyk | Don Davis | |
filmstudio | Amblin Entertainment Universal Pictures | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Sam Neill William H. Macy Téa Leoni | |
byrollen | Alessandro Nivola Trevor Morgan Michael Jeter Laura Dern | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 july 2001 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-horrorfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 92 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $93 miljoen | |
opbringst | $368,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Jurassic Park | |
● foarich diel | The Lost World: Jurassic Park | |
● folgjend diel | Jurassic World |
- Dizze side giet oer de film. Foar oare betsjuttings, sjoch: Jurassic Park III (betsjuttingsside).
Plot
bewurkje seksjeTwa Amerikanen, de tolvejierrige Eric Kirby en Ben Hildebrand, de frijer fan syn mem, geane te parasailen boppe de Stille Oseaan by in eilannegroep in ein út 'e kust fan Kosta Rika. It doel is om sa deun mooglik by Isla Sorna te kommen, sadat se de dinosauriërs sjen kinne dy't dêr libje. Isla Sorna is nammentlik Site B, it eilân dêr't de eksintrike miljonêr en sakeman John Hammond troch in kombinaasje fan kloanen en genetyske manipulaasje miljoenen jierren lyn útstoarne dinosauriërs wer ta libben brocht hat om se op in oar eilân, Isla Nublar, tichter foar de Kostarikaanske kust, te fertoanen yn in safarypark dat Jurassic Park hiet. Dy ûndernimming einige acht jier earder yn triennen (sjoch: Jurassic Park), en nei't letter de dinosauriërs op Isla Sorna ûntdutsen waarden (sjoch: The Lost World: Jurassic Park), krige dat eilân de status fan wyldreservaat en ferbean gebiet. De boat dêr't de parasailende Eric en Hildebrand mei in tou oan ferbûn binne, fart troch in mistbank hinne, wurdt dan omraak hinne en wer skuort, en as er wer ta de mist útkomt, is de bemanning ferdwûn. Foar't de boat op 'e rotsen fart, makket Hildebrand it tou los, wêrnei't hy en Eric besykje te lânjen op Isla Sorna.
Acht wiken letter docht paleöntolooch dr. Alan Grant yn Montana in nije ûntdekking oer de yntelliginsje fan Velociraptors,* dy't folle grutter blykt te wêzen as dat earder tocht waard. Se hiene nammentlik in resonearjende strôtbal, dy't harren it fermogen joech ta heechweardige kommunikaasje. Sa'n evolúsjonêre ûntwikkeling wiist der sterk op dat Velociraptors tige sosjale bisten wiene. Mei trochdat der no libbene dinosauriërs op 'e wrâld omrinne, hat Grant grutte muoite om finansiering foar syn opgravings gear te skraabjen. Hy giet op besite by syn kollega Ellie Sattler, dy't no troud is mei Mark, in liedingjaande by it Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken. Mei him hat se twa lytse bern, in poppe en it jonkje Charlie fan trije. Ellie sprekt Grant moed yn en seit dat er har altyd om help freegje kin. Werom by de opgraving brûkt Grant syn assistint Billy Brennan in 3D-printer om in Velociraptor-strôtbal nei te meitsjen.
*) De Velociraptors út 'e Jurassic Park-filmsearje komme net oerien mei de leden fan it echte skaai fan dinosauriërs mei dy namme. Dy wiene ntl. in stik lytser en dêrmei ek oansjenlik minder gefaarlik. Koart foar't de earste film útkaam, waard by paleöntologysk ûndersyk lykwols de Utahraptor ûntdutsen, dy't wol deeglik yn hege mjitte oerien kaam mei de Velociraptor út 'e film. Fierders geane paleöntologen der troch nije ûntdekkings no fan út dat Velociraptors eins oerdutsen wiene mei fearren ynstee fan dat se keal wiene mei in skobbe hûd, lykas yn 'e film.
Dyselde deis wurdt Grant opsocht troch Paul en Amanda Kirby, in stienryk troud pear dat oanbiedt om syn paleöntologyske opgravings te finansieren. Yn ruil dêrfoar wolle se dat er as in soarte fan toergids mei giet as se mei it fleantúch leech oer Isla Sorna skeare, dêr't se troch Kirby syn kontakten yn it Kostarikaanske regear tastimming foar krigen hawwe. Grant hat dêr hielendal gjin sin oan, mar om't er syn opgraving út jildgebrek oer trije wiken opdoeke moat, stimt er mei tsjinnichheid ta. Dat, mei Billy stapt Grant yn it priveefleantúch fan 'e Kirbys, dêr't behalven Paul en Amanda Kirby ek piloat Nash, ko-piloat Udesky en in oare man, Cooper, yn sitte. Cooper hâldt út dat er mei de Kirbys befreone is fia harren tsjerke. As de flecht oer it eilân begjint, negearje Nash en Udesky formele warskôgings fan 'e Kostarikaanske oerheid, dy't oer de radio binnenkomme, dat se ferbean loftrom binnengeane. By de toer oer it eilân docht al rillegau bliken dat de Kirbys en de oare ynsittenden gjin inkele belangstelling hawwe foar wat Grant oer de dinosauriërs te fertellen hat. As der praat fan is om op it eilân te lânjen, en Grant him dêr sterk tsjin oankantet, slacht Cooper him bewusteleas.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As er wer bykomt, ûntdekt Grant dat it fleantúch yndie op Isla Sorna oan 'e grûn set is. It docht bliken dat Paul Kirby gjin miljonêr is mar in winkel yn kokens en tegels hat yn Enid (Oklahoma); hy en Amanda binne net troud mar skieden en Cooper is gjin fromme tsjerkegonger, mar in behurde hierling, krekt as Nash en Udesky. De trip nei Isla Sorna is gjin rekreätive lofttoer oer it eilân, mar in rêdingsaksje foar Eric, de tolvejierrige soan fan 'e Kirbys, en foar Amanda har freon Ben Hildebrand, dy't acht wiken lyn by it parasailen boppe Isla Sorna ferdwûn binne. De Kirbys hawwe wikenlang om 'e nocht besocht en krij help fan 'e oerheden fan 'e Feriene Steaten en Kosta Rika, oant se úteinlik besleaten om sels mar in rêdingsaksje op tou te setten. Paul Kirby woe der immen by hawwe dy't earder op Isla Sorna west hie, mar it is him ûnbekend dat der twa eilannen mei dinosauriërs binne, en dat Grant syn aventoer yn Jurassic Park (sjoch: Jurassic Park) plakfûn hat op Isla Nublar, en net op Isla Sorna. It hiele belûken fan Grant by de misje berêst sadwaande op in misfetting, mei't er like min fan Isla Sorna ôfwit as de Kirbys sels.
Koart nei't se lâne binne, komt in reuseftich bist (oan it lûd te hearren) de groep benei. Grant advisearret om fuortendaliks wer op te stiigjen, en de oaren wolle wol omlyk. Cooper, dy't te fier ôfdwaald is, wurdt op ûnmeilydsume wize efterlitten. As it tastel opstiigje sil, ferskynt in ferwûne Cooper op 'e lâningsbaan. Hy wurdt pakt en ferslynd troch in ûnbidige Spinosaurus aegypticus, dy't ek it fleantúch út 'e loft stompt. It tastel makket in needlâning yn it oerwâld oan 'e ein fan 'e lâningsbaan, wêrby't it folslein fernield rekket. De Spinosaurus aegypticus efterfolget wat it bist as syn proai sjocht, skuort Nash út it stikkene fleantúch en fret him op. Grant, Billy, Udesky en de Kirbys naaie út, mar komme in Tyrannosaurus rex tsjin, wêrfoar't se wer weromflechtsje moatte. Dêrtroch liede se beide reuseftige rôfdieren nei inoar ta, wat liedt ta in konfrontaasje wêrby't de Spinosaurus aegypticus de Tyrannosaurus rex deadet. Grant stelt neitiid fêst dat der op 'e list fan InGen, it bedriuw efter it wer ta libben wekjen fan 'e dinosauriërs, neffens him gjin Spinosaurus aegypticus stie. Hy is benijd wat der noch mear efterholden is.
Grant kundiget oan dat er linea recta nei de kust giet om te sjen dat er fan it eilân ôf komt. De oan ien wei troch ûnderling rûzjemeitsje Kirbys binne it dêr net mei iens. Udesky stelt in kompromis foar troch om Eric en Hildebrand te sykjen yn 'e rjochting dy't Grant útgiet. Dêr kin eltsenien mei libje. Underweis fine se troch klearebare tafal it parasail fan Eric en Hildebrand, dat yn 'e beammen heakjen bleaun is. Teffens fine se it lyk fan Ben Hildebrand, of wat dêr nei twa moannen yn in troch dinosauriërs bewenne tropysk reinwâld noch fan oer is. Hy is blykber omkommen doe't er nei syn lâning heech yn 'e beammen stykjen bleau en net loskomme koe. Billy, dy't sels graach parasaile mei, stelt fêst dat it parasail noch brûkber is en nimt it mei. In eintsje fierderop komme se by in stikmannich nêsten fan Velociraptors lâns, dêr't se gau-gau fan ruten spylje. Dêrnei sjogge se fan in hichte ôf yn 'e fierte de âlde, al acht jier ferlitten basis fan InGen op it eilân. Dêr geane se op oan.
Yn 'e slim fertutearze gebouwen docht de telekommunikaasje-apparatuer it net mear. In Velociraptor komt harren oer it mad en de groep kin mar kwealk ûntkomme troch it bist op te sluten. De Velociraptor ropt lykwols de oare leden fan syn troep te help, en mei syn allen efterfolgje se de minsken oer in stikje iepen flakte en dwers troch in keppel Corythosaurus en Parasaurolophus hinne nei it oerwâld. Dêr jeie de Velociraptors de groep útinoar, komme Udesky oer it mad en ferwûnje him slim, mar deadzje him net. As Amanda út in beam wei sjocht dat Udesky noch libbet, wylst de Velociraptors fuortgien binne, wol se him te help komme, mar it docht bliken dat de yntelliginte bisten in falstrik set hawwe mei Udesky as lokies. Amanda kin mar kwealk it faaie libben derôf rêde. Neitiid deadzje de Velociraptors Udesky echt.
Op in oar plak yn 'e bosk observearret Grant de ûnderlinge kommunikaasje fan 'e Velociraptors en komt ta de konklúzje dat de bisten earne om sykje. Sy wurde him gewaar en besingelje him, mar hy wurdt rêden troch in mysterieus figuer yn provisoaryske kamûflaazjeklean, dat inkele triengasgranaten tusken de Velociraptors smyt, sadat de bisten op 'e flecht slane. Grant syn rêder blykt de fernimstige Eric te wêzen, dy't acht wiken allinnich op Isla Sorna witten hat te oerlibjen troch de foarrieden yn 'e InGen-basis te plonderjen en beskûl te sykjen yn 'e lege tank fan in op 'e side lizzende tankwein.
De oare deis, nei't se in nacht yn 'e beammen trochbrocht hawwe, geane Billy en de Kirbys wer op 'en paad nei kust, derfan útgeande dat Grant dêr ek hinne gean sil as er noch libbet. Dat kloppet: Grant, dy't mei Eric yn 'e tankwein sliept hat, nimt de jonge op sleeptou en giet ek op 'e kust oan. Underweis yn it oerwâld heart Eric ynienen de ringtone fan syn heite satellyttillefoan. De beide groepen fine inoar sa wer, mar Paul Kirby seit dat er de satellyttillefoan útliend hie oan Nash, dy't opfretten is. As de ringtone ynienen folle tichterby klinkt, docht bliken dat it apparaat noch yn 'e Spinosaurus aegypticus sit, dy't harren fannijs efternei komt. De groep wit lykwols in observatoarium binnen te flechtsjen, mei muorren en doarren dy't tsjin it geweld fan 'e Spinosaurus aegypticus bestân binne. Wylst se wat bekomme, ûntdekt Grant dat Billy twa Velociraptor-aaien stellen hat, mei as doel om se te ferkeapjen en fan it jild de fierdere paleöntologyske opgravings yn Montana te finansieren. Hy wurdt poerlulk en feecht syn assistint flink de mantel út, mar as er de aaien fuortsmite wol, betinkt er him. It liket der sterk op dat de Velociraptors nei de aaien sykje, en Grant hopet de bisten mei de aaien ôfliede te kinnen as se de groep ûnferhope nochris yn it nau driuwe soene.
Oan 'e efterkant liedt út it observatoarium in draaitrep omleech in djippe rivierkleau yn. De groep giet dy kant út om oan 'e Spinosaurus aegypticus te ûntkommen. Sûnder euvelmoed geane se dêrby in reuseftige foliêre yn dêr't Pteranodons finzen sitte, grutte wjuktte reptilen út 'e tiid fan 'e dinosauriërs. Ien fan dy bisten falt de groep oan en fljocht fuort mei Eric, dy't er by syn nêst oan syn jongen opfuorje wol. Billy set der mei it parasail efteroan en wit de jonge te rêden, mar sels wurdt er nei syn delkommen yn 'e rivier troch de Pteranodons oanfallen en, sa liket it, opfretten. De rest fan 'e groep, no weriene mei Eric, wit út 'e foliêre te ûntkommen, mar Amanda slút de doar net goed ôf. Fierderop fine se in ferlitten boat op 'e rivier, wêrfan't se de motor oan 'e praat witte te krijen. Se litte har mei de boat fierder de rivier ôfsakje.
Dy jûns nei tsjuster hearre se de ringtone fan Kirby syn satellyttillefoan wer, dy't diskear komt út in ûnbidige bulte dampende dong fan 'e Spinosaurus aegypticus op 'e igge fan 'e rivier. Se witte de satellyttillefoan dêrút op te graven. Kirby jout it apparaat oer oan Grant en warskôget him om net de Amerikaanske oerheid te skiljen, mei't hy en Amanda dêr alhiel gjin help fan krigen hawwe doe't se dêr ferlet fan hiene. Grant tinkt in skoftke nei en skillet dan Ellie op, mar de tillefoan wurdt opnommen troch de trijejierrige Charlie. Grant freget him de tillefoan oan syn mem te jaan, mar it jonkje rekket al rillegau ôflaat troch in tekenfilm op 'e tillefyzje. Underwilens wurdt de boat oanfallen troch de Spinosaurus aegypticus, dy't ek treflik swimme kin, en Grant rekket de satellyttillefoan kwyt wylst hy en de Kirbys beskûl sykje yn in koai oan board dy't bedoeld is foar it ferfier fan dinosauriërs.
Op 't langelêst, as er de oer it dek hinne en wer glydzjende de satellyttillefoan wer te pakken kriget, hat Charlie oan 'e oare kant fan 'e line einlings de tillefoan by syn mem brocht. Ellie heart Grant roppen fan "De rivier! Site B!", foar't de Spinosaurus aegypticus in earferdôvjend brullen hearre lit en de koai yn 'e rivier reaget sadat Grant en de Kirbys kopke-ûnder geane. Paul Kirby wit út 'e koai te ûntsnappen en liedt de Spinosaurus aegypticus mei gefaar foar eigen libben ôf sadat Amanda, Eric en Grant ek frijkomme kinne. Grant brûkt in loftkûgelpistoal dat er op 'e boat fûn hat om 'e oalje fan 'e kapseisde boat, dy't op it rivierwetter driuwt, yn 'e brân te setten. De flammen jeie de Spinosaurus aegypticus op 'e flecht.
De oare moarns, as se de rin fan 'e rivier streamôf nei de kust folgje, wurde Grant en de Kirbys hommels ynsletten troch de Velociraptors. It wyfke dat oan it haad fan 'e troep stiet, konfrontearret Amanda, skynber om't se derfan útgiet dat sy, as de iennichste frou, de liedster fan 'e minsklike groep wêze moat. Grant langet har de stellen aaien oer en Amanda jout dy werom oan 'e Velociraptors. Grant fynt yn Billy syn tas ek der útprinte replika fan 'e strôtbal fan in Velociraptor werom, en makket dêr leven mei troch derop te blazen. Dat bringt de Velociraptors yn betizing, en as se boppe har it lûd fan in helikopter hearre, pakke se gau de aaien op en spylje fan ruten. Grant en de Kirbys hastigje har de lêste pear hûndert meter nei it strân ta, dêr't in hiele amfibyske operaasje oan 'e gong is en Mark, Ellie har man, mei in megafoan oan harren ropt. It docht bliken dat er sawol de Amerikaanske Marine as it Amerikaansk Marinierskorps meibrocht hat foar de rêdingsaksje. Se wurde nei in helikopter ta dirigearre, dêr't in swierferwûne, mar noch libbene Billy al oan board brocht is. Wylst se it eilân yn 'e helikopter ferlitte, wurde se foarby flein troch in stikmannich Pteranodons, dy't no út harren foliêre ûntsnapt binne en har frij oer de wrâld ferspriede kinne.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
dr. Alan Grant | Sam Neill |
Paul Kirby | William H. Macy |
Amanda Kirby | Téa Leoni |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Billy Brennan | Alessandro Nivola |
Eric Kirby | Trevor Mogan |
Udesky | Michael Jeter |
Ellie Sattler | Laura Dern |
Cooper | John Diehl |
Nash | Bruce A. Young |
Mark | Taylor Nichols |
Ben Hildebrand | Mark Harelik |
Enrique Cardoso | Julio Oscar Mechoso |
Charlie | Blake Bryan |
Cheryl | Sarah Danielle Madison |
Hannah | Linda Park |
foarsitter sympoasium | Sonia Jackson |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeJurassic Park III waard regissearre troch Joe Johnston, in freon fan Steven Spielberg, dy't belangstelling krigen hie foar it meitsjen fan in ferfolchfilm nei't Spielberg yn 1993 de oarspronklike film Jurassic Park regisearre hie. De twadde film, The Lost World: Jurassic Park (1997) stie ek ûnder rezjy fan Spielberg, mar dêrnei hie dyselde syn nocht en koe Johnston foar de trêde film plaknimme yn 'e regisseursstoel. Hy wurke dêrby op basis fan in senario fan Peter Buchman, Alexander Payne en Jim Taylor dat, oars as de skripten fan 'e earste beide films, net op in roman fan Michael Crichton basearre wie. Nettsjinsteande dat kamen der personaazjes yn foar út Crichton syn wurk en teffens bestiene guon fan 'e sênes út stikken út syn roman Jurassic Park dy't net yn 'e earste film opnommen wiene.
De earste ferzje fan it senario foar Jurassic Park III waard yn 1999 skreaun troch Craig Rosenberg. Dat hie in plot dy't in stikmannich op Isla Sorna strâne rekke teenagers folge. Nei't Johnston oansteld wie as regisseur waard dat skript ôfwiisd. Buchman skreau in twadde ferzje, mei twa ferhaallinen: de rêdingsaksje fan Grant en de Kirbys op Isla Sorna, en Pteranodons dy't fan it eilân ûntkomme nei it fêstelân fan Kosta Rika en dêr dea en ferdjer siedzje. Likernôch fiif wiken ear't de opnamen foar de film úteinsetten, besleaten Johnston en Spielberg, dy't as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje hie, om it ferhaal te ferienfâldigjen. Payne en Taylor waarden oan it wurk set om it senario jitris te werskriuwen. Op oanrieden fan David Koepp, dy't de skripten foar de earste beide films skreaun hie, waard de ferhaalline oer Pteranodons yn Kosta Rika skrast, sadat de film him folslein talizze koe op 'e rêdingmisje op Isla Sorna. Neitiid eide ek Buchman it senario nochris oer en fierders levere ek John August bydragen, mar hy waard dêrfoar net erkend mei in fermelding op 'e ôftiteling.
As produsinten wiene Kathleen Kennedy en Larry J. Franco by it projekt belutsen foar de filmstudio's Amblin Entertainment en Universal Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $93 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Shelly Johnson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Don Davis.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Jurassic Park III setten op 30 augustus 2000 útein en duorren fiif moannen. Der waard op lokaasje filme yn Hawaï en Kalifornje. Yn Hawaï fûnen opnamen plak op Oähû (op it Fleanfjild Dillingham en de Heeia Kea Ranch) en op Kauaï (yn 'e Hanaleidelling en by de foarke yn 'e rivier de Wailua). De loftbylden fan Isla Sorna waarden eins filme by de kliffen oan 'e woeste noardkust fan it Hawaïaanske eilân Molokaï. Yn Kalifornje waarden de sênes opnommen mei de lêzing fan Grant (yn it Oksidintaal Kolleezje yn Los Angeles), de paleöntologyske opgraving (yn Irwindale), de training fan Nash en Cooper (by El Mirage Lake), de foarfallen binnendoar yn 'e InGen-basis op Isla Sorna (in pakhûs yn Los Angeles) en de foarfallen by Ellie Sattler thús (in hûs yn South Pasadena). Ek waard der filme op 'e backlot fan it filmstudiokompleks Unversal Studios Hollywood.
Neffens de ferzje fan it senario fan novimber 2000 soene Grant en de Kirbys oan 'e ein fan 'e film op it strân fan Isla Sorna oppikt wurde troch Ellie mei in helikopter. Dy ein waard lykwols net spektakulêr genôch fûn. Sadwaande waard yn desimber 2000 fan Ellie har man Mark in heechpleatste oerheidsfunksjonaris makke, mei de ynfloed om 'e Amerikaanske Marine en it Amerikaansk Marinierskorps by de rêdingsaksje te belûken. Deselde feroaring yn it skript makke it ek mooglik om Billy wer ta libben bringen, dy't yn eardere ferzjes fan it skript syn konfrontaasje mei de Pteranodons net oerlibbe hie. Yn jannewaris 2001 waard de nije ein filme op it strân fan Kauaï, mei twa Sikorsky SH-60 Seahawk-helikopters, fjouwer lâningsfartugen en tachting echte mariniers, allegear te lien fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Jurassic Park III waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 16 july 2001 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 18 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 12 juny 2001 by platemaatskippij Decca Records. Jurassic Park III waard op 11 desimber 2001 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd en kaam yn 2011 út op blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Jurassic Park III mingde resinsjes. Sa joech Owen Gleiberman fan it tydskrift Entertainment Weekly de film in 6 op in skaal fan 1 oant 10. Hy priizge Jurassic Park III om't de film neffens him gjin falske pretinsjes hie, mar syn krityk wie dat de plot sa "rûtinemjittich" wie en dat de personaazjes "saaier as saai" wiene. Neffens him ûntbriek it de film oan Steven Spielberg syn "tsjoenderij" en syn "balletlichte pinsielstreek". De foaroansteande filmkritikus Richard Roeper joech Jurassic Park III op 'e Amerikaanske tillefyzje in tomme omleech, mar syn kollega Roger Ebert joech de film just in tomme omheech.
Yn neifolgjende resinsje fan Jurassic Park III yn 'e Chicago Sun-Times omskreau Ebert de film sels as "de bêste kaskreaker fan 'e simmer". Hy parte oan Jurassic Park III 3 fan 4 stjerren ta, en skreau: "[De film] is net sa ûntsachoproppend as de earste film of sa kompleks as de twadde, mar op syn eigen B-filmwize is it in hiel aardich lyts achtbaanritsje." Dêr heakke Ebert oan ta: "Ik kin [dizze film] net priizgje om't it hege keunst is, mar ik moat fakmanskip ek net oer de holle sjen, en op basis dêrfan kin ik him wol oanrikkemandearje."
Yn lettere jierren waard Jurassic Park III faak in stik better beoardiele as by syn útkommen yn 2001. Guon lettere resinsinten beskôgje de film sels as better as syn foargonger The Lost World: Jurassic Park (1997). Neffens Simon Brew, dy't yn 2007 foar de webside Den of Geek skreau, beskikt Jurassic Park III oer "in effisjinsje en in fokus" dy't miste yn The Lost World: Jurassic Park. En yn 2015 skreau Justin Harp fan Digital Spy dat Jurassic Park III "noch altyd tige it besjen wurdich en fisueel yndrukwekkend [is], en boppedat is der in protte wille oan te belibjen." Ferskate lettere resinsinten fûnen it grutste minpunt fan 'e film de abrupte ein.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jurassic Park III in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 185 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is dûnkerder [fan toan] en flugger fan tempo as syn foargongers, mar dat makket de oanhâldende kreätive delgong fan 'e franchise net alhiel goed." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jurassic Park III in goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 30 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeJurassic Park III brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $181,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $187,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $368,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $93 miljoen betsjut dat in winst fan $275,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Jurassic Park III de op sân nei meast opbringende film fan 2001.
Prizen
bewurkje seksjeJurassic Park III waard nominearre foar de Saturn Awards foar bêste science fiction-film en bêste special effects en de Satellite Awards foar bêste special effects en bêste lûd. Komponist Don Davis wûn mei syn soundtrack foar de film de BMI Film Music Award.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Jurassic Park (filmsearje) | |
---|---|
Jurassic Park (1993) • The Lost World: Jurassic Park (1997) • Jurassic Park III (2001) • Jurassic World (2015) • Jurassic World: Fallen Kingdom (2018) • Battle at Big Rock (2019, koarte film) • Jurassic World: Dominion (2022) |