In tomme omleech is in gebeart dat troch minsken makke wurdt mei de hân. Dêrby wurde de fingers ta in fûst opkrôle en wurdt de fûst mei kant fan 'e pink nei boppen holden. De tomme wurdt dan sydlings fan 'e hân útstutsen, sadat er omleech wiist. Mei dat gebeart wurdt ôfkarring of ôfwizing útdrukt.

It tomme-omleechgebeart.

By it meitsjen fan it tomme-omleechgebeart wurdt de earm almeast wat by it lichem wei holden, wat feroarsake wurdt troch de draaiïng fan 'e earm dy't makke wurde moat om 'e tomme omleech wize te litten. As men kommunisearret mei immen dy't fierder fuort is, wurdt de hân by it meitsjen fan it gebeart ornaris noch fierder by it lichem wei en op hollehichte holden om it gebeart op ôfstân better ûnderskiedber te meitsjen. As men it gebeart ekstra fersterkje wol, kin men it mei beide hannen tagelyk meitsje.

It tsjinstelde fan 'e tomme omleech is de tomme omheech, dy't op deselde wize makke wurdt, mar dan mei de tomme nei boppen ta wizend. Dêrmei wurdt goedkarring of ynstimming útdrukt.

Behalven libbensliif komt it tomme-omleechgebeart ek foar as piktogram, û.m. foar kommunikaasje fia de kompjûter of de mobile tillefoan:

De tradysje wol dat de tomme omleech fuortkomt út 'e Romeinske Tiid, doe't by de gefjochten fan gladiators yn 'e arena it publyk (of, as dy oanwêzich wie, de Romeinske keizer) kieze mocht wa fan 'e gladiators libjen bliuwe mocht. Dy kar waard oanjûn mei in tomme omleech (dea) of in tomme omheech (libben). It is lykwols eins net bekend hokker gebeart der doe krekt makke waard, mei't it inkeld oerlevere is ûnder de term pollice verso ("tommegebeart"). De tomme omleech en tomme omheech binne moderne ynterpretaasjes fan dy omskriuwing.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.