Jurassic World: Fallen Kingdom

Jurassic World: Fallen Kingdom, soms oantsjut as Jurassic World II, is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm en rampefilm út 2018 ûnder rezjy fan J.A. Bayona, mei yn 'e haadrollen Bryce Dallas Howard en Chris Pratt. It is de fyfde film út 'e Jurassic Park-filmsearje en it twadde diel fan 'e Jurassic World-trilogy. De titel betsjut "Sjuerawrâld: Fallen Keninkryk", en ferwiist nei it Sjuera, in geologysk tiidrek doe't de dinosauriërs de wrâld behearsken. It ferhaal folget Claire Dearing en Owen Grady, de haadpersoanen út 'e film Jurassic World (2015), by harren weromkear nei Isa Nublar, it eilân foar de kust fan Kosta Rika dêr't dinosauriërs libje. As dêr in fulkaanútbarsting driget dy't alle libben op it eilân útwiskje sil, biedt in rike filantroop oan om in rêdingsaksje te finansieren. Ienris op Isla Nublar ûntdekke Claire en Grady dat se bedragen binne. Jurassic World: Fallen Kingdom krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie yn 'e bioskopen in reuseftich kommersjeel súkses. In sechsde diel yn 'e Jurassic Park-rige, mei as titel Jurassic World: Dominion, kaam út yn 2022.

Jurassic World: Fallen Kingdom
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur J.A. Bayona
produsint Frank Marshall
Patrick Crowley
Belén Atienza
útfierend
   produsint
Colin Trevorrow
Steven Spielberg
senario Derek Connolly
Colin Trevorrow
kamerarezjy Óscar Faura
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Amblin Entertainment
Universal Pictures
Legendary Pictures
Perfect World Pictures
The Kennedy/Marshall Company
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Bryce Dallas Howard
Chris Pratt
byrollen Rafe Spall
Daniella Pineda
Justice Smith
Isabella Sermon
Ted Levine
James Cromwell
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 21 maaie 2018
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-horrorfilm
taal Ingelsk
spyltiid 128 minuten
budget en resultaten
budget $170–187 miljoen
opbringst $1.310,4 miljoen
filmsearje
filmsearje Jurassic Park
● foarich diel Jurassic World
● folgjend diel Jurassic World: Dominion

Ien of twa jier nei it jammerdearlik losbrekken fan 'e dinosauriërs yn it safarypark en ferdivedaasjepark Jurassic World, op it eilân Isla Nublar, dat yn 'e Stille Oseaan in ein út 'e kust fan Kosta Rika leit (sjoch: Jurassic World), giet in lyts team fan hierlingen werom nei it eilân. Harren doel is om it DNA op te fandeljen fan 'e Indominus rex, de troch genetyske manipulaasje út ferskate histoaryske soarten dinosauriërs en oare bisten gearstalde nije haadattraksje, dy't ta de ûndergong fan it park late. De oerbliuwsels lizze op 'e boaiem fan 'e lagune fan Isla Nublar, mei't it bist úteinlik opfretten is troch de Mosasaurus dy't yn 'e lagune holden waard. Om ûntsnapping fan 'e Mosasaurus ûnmooglik te meitsjen, is de lagune mei in reuseftige ûnderwetterpoarte ôfsletten is fan 'e iepen see.

De hierlingen, dy't yn in miny-ûnderseeër de lagune yngeane, binne der lykwols fan oertsjûge dat dêr safolste letter neat mear yn libben wêze kin, en litte de poarte iepenstean. Se finen it skelet fan 'e Indominus rex werom, seagje der in stikje bonke ôf en litte dat oan in boei nei it wetteroerflak driuwe, dêr't it oppikt wurdt troch harren maten yn in helikopter. De operaasje liket in ûnferdield súkses te wêzen, mar de oannames fan 'e hierlingen binne op in krúsjaal punt mis: de Mosasaurus libbet noch en hy hat honger. Hy ferslynt de miny-ûnderseeër yn ien hap en fret letter ek noch in hierling op dy't oan in touljedder ûnder de helikopter hinget. De oaren spylje halje-trawalje fan ruten mei it stik bonke fan 'e Indominus rex. De poarte bliuwt iepenstean en de Mosasaurus ûntsnapt nei iepen see.

Ien of twa jier letter wurdt dúdlik dat de fulkaan op Isla Nublar op útbarsten stiet. Yn 'e Feriene Steaten ûntstiet in maatskiplik en polityk debat oer de fraach oft de dinosauriërs op it eilân rêden wurde moatte fan 'e fulkaanútbarsting dy't harren oars perfoarst ferdylgje sil. Yn in harksitting foar de Amerikaanske Senaat yn Washington, D.C. tsjûget dr. Ian Malcolm, in wiskundige dy't yn it ferline sels ferskate aventoeren mei de dinosauriërs oerlibbe hat (sjoch: Jurassic Park en The Lost World: Jurassic Park), dat de "ûnútstoarne" dinosauriërs it resultaat binne fan kloanen en genetyske manipulaasje troch de minske. Hy is fan miening dat dat folslein mis west hat en in misbrûk fan 'e wittenskip troch John Hammond, de betinker fan it hiele spul. It is dêrom net mear as in weromsetting nei de natuerlike sitewaasje sa't dy bestean moatte soe om 'e dinosauriërs op Isla Nublar omkomme te litten. Hy komt ta dy konklúzje op poer wittenskiplike grûnen. De liedende senator Sherwood is it mei him iens, mar om folslein oare redens: hy sjocht yn 'e fulkaanútbarsting de hân fan God, dy't de minske te plak wiist. Der wurdt besletten dat de Amerikaanske oerheid net besykje sil de dinosauriërs te rêden.

Underwilens hat Claire Dearing, de eardere bedriuwsliedster fan it safarypark Jurassic World, de Dinosaur Protection Group oprjochte, in aktivistyske stifting dy't krewearret foar it rêden fan 'e bisten. Nei't dúdlik wurdt dat de Amerikaanske polityk datoangeande gjin hân útstekke sil, wurdt Claire útnûge foar in petear mei sir Benjamin Lockwood, de eardere sakepartner fan John Hammond. Hja besiket him op syn lângoed, djip yn it tuskenbeiden reinwâld fan Noardlik Kalifornje. De sike en oan in rolstoel klústere Lockwood en syn jonge assistint Eli Mills bringe har dêre op 'e hichte fan in plan om 'e dinosauriërs fan Isla Nublar te evakuëarjen nei in nij eilânreservaat, dêr't se fierders gewurde litten wurde sille. Harren plannen binne al fierfoardere, en der is in team útstjoerd nei Isla Nublar, mei't der gjin tiid te ferliezen is om't de fulkaanútbarsting eltse dei begjinne kin. Se hawwe lykwols ferlet fan Claire om yn it kompjûtersysteem fan it âlde safarypark te kommen, dêr't se de lokaasje fan 'e dinosauriërs op it eilân mei fêststelle kinne (mei't de bisten allegear foarsjoen binne fan in ymplantearre stjoerderke). Claire is tige optein oer de rêding fan 'e dinosauriërs, dy't har dierber binne, en seit daliks har help ta.

Om Blue, de lêste oerlibjende Velociraptor* fan Jurassic World, te fangen, is de help fan Claire har âlde frijer Owen Grady nedich, dy't de tige yntelliginte Blue grutbrocht hat en in bân mei it bist hat. As Claire him opsiket, docht bliken dat Grady hielendal net sit te springen om werom nei Isla Nublar ta, en dat er der poerbêst mei libje kin as de fulkaan de dinosauriërs útrûget, mei't er dat it bêste foar de minske fynt. Claire kundiget lykwols oan dat sy yn elts gefal nei it eilân sil foar de rêdingsoperaasje. Ut noed om har (al seit er dat net) jout Grady him ek by ekspedysje. Dy bestiet fierders út twa oare leden fan 'e Dinosaur Protection Group, paleo-bistedokter Zia Rodriguez en kompjûterekspêr Franklin Webb. By oankomst op Isla Nublar wurdt it fjouwertal ûnthelle troch hierling Ken Wheatley, dy't de lieding oer de operaasje hat. Franklin kriget it kompjûtersysteem fan it safarypark wer oan 'e praat en Claire fiert har hânôfdruk yn om yn it systeem te kommen. Op dy wize kin de lokaasje fan Blue op it eilân fêststeld wurde.
*) De Velociraptors út 'e Jurassic Park-franchise komme net oerien mei de leden fan it echte skaai fan dinosauriërs mei dy namme. Dy wiene ntl. in stik lytser en dêrmei ek oansjenlik minder gefaarlik. Koart foar't de earste film útkaam, waard by paleöntologysk ûndersyk lykwols de Utahraptor ûntdutsen, dy't wol deeglik yn hege mjitte oerien kaam mei de Velociraptor út 'e film. Troch nije ûntdekkings geane paleöntologen der no fan út dat Velociraptors eins oerdutsen wiene mei fearren ynstee fan dat se keal wiene mei in skobbe hûd, lykas yn 'e films.

Grady giet der mei Zia, Wheatley en in stikmannich oare hierlingen op út om Blue te fangen. Hy wit it fertrouwen fan 'e Velociraptor werom te winnen, mar Wheatley-en-dy besykje it bist te ferdôvjen ear't Grady dêr it teken foar jûn hat. De sitewaasjes eskalearret en Blue falt ien fan 'e hierlingen oan, dy't syn pistoal lûkt en mei skerp begjint te sjitten. De Velociraptor rekket swierferwûne. Grady is poerrazen en keart him tsjin Wheatley, dy't him delsjit mei in ferdôvingspylkje. Zia wurdt gizele en twongen om Blue te fersoargjen en yn libben te hâlden. Underwilens begjint de langferwachte fulkaanútbarsting. De oare hierlingen litte Claire en Franklin efter yn it kontrôlesintrum fan it park wylst se yn harren fiertugen útnaaie nei it skip dat klearleit om 'e fongen dinosauriërs te ferfieren.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Claire en Franklin bliuwe opsletten yn it kontrôlesintrum efter, dat troch in tunnel dy't yn ferbining stiet mei it park binnenkrongen wurdt troch in rôfdinosaurus. Se witte nauwerneed troch in lûk te ûntkommen nei it dak, dat diel útmakket fan 'e berchskeante om't it kontrôlesintrum yn it binnenste fan 'e berch boud is. Dêr sjogge se dat in pyroklastyske wolk by de fulkaan del rôlet yn harren rjochting. Underwilens is Grady wer bykommen út syn ferdôving en hat er himsels fan in lavastream witten te rêden. Mei in grutte kliber dinosauriërs fan alderhanne soarte flechtet er foar de pyroklastyske wolk út. Claire en Franklin jouwe har by him. Mei-inoar witte se krekt op 'e tiid de kust te berikken, dêr't se fan in heech klif ôf yn see springe.

Nei't se in ein fierderop wer oan lân gien binne, sjogge se hoe't de hierlingen mei frachtweinen en helikopters de fongen dinosauriërs halje-trawalje nei it frachtskip oerbringe. Grady, Claire en Franklin folgje de hierlingen nei de haven en witte dêr oan board fan it skip te kommen op it alderlêste momint foar't de lavastreamen de pier berikke. Yn alle trelit wurdt harren ynfiltraasje fan it skip net opmurken troch Wheatley-en-dy. Neitiid hâlde Grady, Claire en Franklin har katoen yn it rom, dêr't de ferdôve dinosauriërs yn koaien ferfierd wurde. Se fine Zia werom, dy't noch altyd ferwoeden besiket om it libben fan Blue de Velociraptor te rêden. Wylst de kwezelige Franklin har mei tsjinnichheid helpt om 'e skotwûne ticht te meitsjen, nimme Claire en Grady bloed ôf fan in slomjende Tyrannosaurus rex, dêr't Zia oan Blue, dy't in protte bloed ferlern hat, in bloedtransfúzje fan jout.

Underwilens heart yn it lânhûs fan Benjamin Lockwood yn Noardlik Kalifornje Maisie, de njoggenjierrige pakesizzer fan Lockwood, har pake syn assistint Eli Mills oan 'e tillefoan praten mei Wheatley. Wat Mills seit, makket har erchtinkend, dat se begjint him te folgjen en harket sa in petear ôf tusken Mills en de feilingmaster Eversoll oer de planning fan in klandestine feiling om 'e fongen dinosauriërs fan Isla Nublar by opbod te ferkeapjen. Maisie giet mei dy ynformaasje nei har pake, dy't har lykwols net leauwe wol en mar wakker fynt dat se in libbene fantasij hat.

It famke giet sadwaande sels op ûndersyk út en ûntdekt dat Mills it laboratoarium yn 'e kelders fan it lânhûs, dêr't har pake en John Hammond tritich jier lyn úteinset binne mei de genetyske manipulaasje fan dinosauriërs, wer yn operasjonele steat brocht hat. Se harket dêr in petear ôf tusken Mills en genetikus Henry Wu, in wittenskipper sûnder skrupules, waans feardichheden op it mêd fan kloanen en genetyske manipulaasje oan 'e widze stien hawwe fan sawol it âlde Jurassic Park as fan it nijere Jurassic World. It docht bliken dat Mills it jild fan 'e feiling brûke wol foar it finansieren fan it fierdere ûndersyk fan Wu. It doel dêrfan is de ûntwikkeling fan in nije dinosaurus dy't se de Indoraptor neame. Dat bist is yn gelikense mjitte gearstald út it DNA fan 'e eardere Indominus rex, dat Mills fan 'e boaiem fan 'e lagune fan Isla Nublar rêde litten hat, en dat fan 'e Velociraptor. Wu hat lykwols ferlet fan it spesifike DNA fan Blue om it fermogen fan 'e Indoraptor om befellen op te folgjen, te fergrutsjen. Se wolle fan 'e Indoraptor it ultime, sels-tinkende oarlochswapen meitsje, dat se foar grou jild ferkeapje kinne.

Maisie komt, yn har besykjen om in sideplak te finen sadat se net troch Mills en Wu ûntdutsen wurdt, te tichtby de koai mei it prototype fan 'e Indoraptor dat Wu al ûntwikkele hat (mar dat gjin befellen opfolgje wol). Har gjalp as it bist har besiket te pakken, ferriedt har. Mills slút har op yn har sliepkeamer en oarderet Lockwood syn húshâldster Iris om har opsletten te hâlden. Underwilens is sir Benjamin Lockwood sels, nei oanlieding fan wat Maisie him ferteld hat, ek op ûndersyk útgien en hat er ûntdutsen dat Mills him bedragen hat en fraude begien hat mei syn jild. Hy ropt Mills by him en oarderet him om himsels oan te jaan, om't er dan in myldere straf krije sil. Ynstee pakt Mills in kjessen en fermoardet de sike âldman dêrmei troch him te ferstikken.

It frachtskip mei de fongen dinosauriërs bejout him net nei in nij eilânreservaat, mar fart streekrjocht nei de kust fan Noardlik Kalifornje, dêr't de dinosauriërs op frachtweinen laden en nei it lângoed fan Lockwood riden wurde. Grady en Claire dogge har foar as frachtweinsjauffeurs om út te finen wêr't it konfoai hinne sil. Franklin wurdt trappearre, mar hy wurdt oansjoen foar in lid fan 'e bemanning fan it skip en wit de organisaasje fan 'e hierlingen te ynfiltrearjen. By oankomst op it lângoed wurde Grady en Claire opmurken en yn 'e kelders fan it lânhûs by de dinosauriërs finzen set. Grady lokket in heal fersufte Stygimoloch út om mei syn hurde kop harren sel iepen te brekken.

Underwilens klimt Maisie út it finster fan har sliepkeamer en wit nei in nuodlike tocht oer it dak fan it lânhûs de sliepkeamer fan har pake te berikken, dy't se lykwols dea op bêd oantreft. Fan har skûlplak yn 'e itenslift ôf heart se hoe't Mills koart dêrnei de keamer yn komt, beart dat er Lockwood dea oantroffen hat en Iris derby ropt. Mei't er alle folmachten fan Lockwood hat, en ek de fâdij oer Maisie op him oegean is, kin er no dwaan wat er wol. It earste dat er docht is Iris dien jaan. Maisie flechtet nei de kelders, dêr't se Grady en Claire tsjin it liif rint en har by harren jout. Se fertelt harren oer de feiling, dy't yn 'e tuskentiid al úteinset is. Ferskate dinosauriërs wurde troch Eversoll foar miljoenen dollars oan 'e heechste bieder ferkocht. Grady en Claire, mei Maisie om harren it paad te wizen, begluorkje de feiling út in skûlplak wei. Yn it skoft helje Mills en Eversoll it prototype fan 'e Indoraptor fan stâl om dêrmei te pronkjen. As ien fan 'e oanwêzigen der in heech bod op útbringt, beslút Mills om, tsjin 'e beswieren fan Wu yn, it bist te ferkeapjen.

Grady is wisberet dat dit konstruëarre bist it lângoed net ferlitte mei, om't er derfan oertsjûge is dat dat skriklike gefolgen hawwe soe. Hy lokket de frij omstippende Stygimoloch nei de feilingseal ta, dêr't it bist gaos oanrjochtet ûnder de oanwêzigen en in ravaazje ûnder de ynboel. Grady en Claire hawwe in lulke konfrontaasje mei Mills, dy't himsels noch altyd besiket skjin te praten troch oaren de skuld fan alles op 'e lea te skowen. Ut klearebare wraaksucht fertelt er ek dat Lockwood nea in pakesizzer hân hat; nei't syn dochter by in ferkearsûngemak omkommen wie, hat er syn kennis fan genetyske manipulaasje brûkt om har te kloanen. Dat wie de reden dat Lockwood en John Hammond spul krigen en útinoar giene.

De measte gasten flechtsje ûnderwilens nei bûten ta om fan ruten te spyljen, mar Eversoll en in stikmannich oaren sykje beskûl yn 'e lift. Wheatley komt neitiid de lege feilingseal binnen. Hy hat himsels ûnderwilens in ûnmeilydsume bistemishannelder betoand, dy't tosken út 'e bekken fan libbene dinosauriërs skuort om der trofeeën fan te meitsjen. As er de Indoraptor sjocht, wol er dêr ek in tosk fan hawwe. Hy ferdôvet it bist en giet de koai yn, mar it docht bliken dat de yntelliginte Indoraptor him te fiter hat: it bist hâldt him sliepende, mar is noch klearwekker. As Wheatley him in tosk út 'e bek skuorre sil, byt er him in earm ôf en fret him dan hielendal op. De Indoraptor ûntsnapt út syn noch iepensteande koai om yn 'e lift Eversoll te ferslinen.

Neitiid giet it bist efter Grady, Claire en Maisie oan yn in seal mei de dinosaurusskeletten dy't Lockwood yn syn lange libben gearfandele hat. Claire rekket ferwûne as er ien fan syn klauwen yn har boppeskonk set, mar in útnaaiende Maisie lokket de Indoraptor by fersin by de oaren wei as se in gjalp jout. Grady giet der efteroan om it famke te rêden. Underwilens is Franklin yn it laboratoarium yn 'e kelders trochkrongen, dêr't er Wu ferdôvet mei ien fan dy syn eigen pylkjes. De gewisseleaze wittenskipper wurdt lykwols rêden en yn feilichheid brocht troch guon fan Wheatley syn mannen. Franklin wit Zia te befrijen, dy't op har beurt Blue los lit as de hierlingen harren driigje yn te sluten. De Velociraptor, dy't nei alles wat er de lêste tiid belibbe hat, net in al te bêst sin hat, makket fluch wurk fan 'e hierlingen en set dan it lânhûs yn.

Maisie hat beskûl socht yn har sliepkeamer, mar de Indoraptor wit har dêr te finen. As it bist har fersline sil, kringt Grady de keamer yn mei in fjoerwapen dat er bút makke hat op ien fan 'e hierlingen, en sjit dat leech op 'e dinosaurus. It docht lykwols bliken dat de skobben fan it bist fierhinne kûgelwarjend binne, dat it wapen is nutteleas. Grady wurdt rêden as Blue, dy't syn rookspoar folge hat, de keamer binnenkomt en de striid mei de Indoraptor oanbynt. Grady en Maisie flechtsje út it finster, it dak op, dêr't se troch de Indoraptor efterfolge wurde oant se twongen wurde har op it glêzen dak fan Lockwood syn 'museumseal' te bejaan. Claire, dy't harren nei it dak folge is, docht war om 'e Indoraptor troch it glês kneppelje te litten, mar dat mislearret. Dan ferskynt Blue wer, dy't de Indoraptor op 'e hûd springt. It mienskiplike gewicht fan 'e beide dinosauriërs is tefolle foar it glêzen dak, dat se sakje dertroch. De Indoraptor wurdt speetst op 'e hoarnen fan ien fan 'e dinosaurusskeletten yn 'e 'museumseal' en komt om. Blue, dy't boppe-op 'e Indoraptor delkomt, oerlibbet de fal ûnskansearre.

Troch alle skea dy't oan it laboratoarium ûnder it lânhûs tabrocht is, begjint der blausoer yn 'e kelders te lekken, dat de noch yn koaien fêstsittende de dinosauriërs dêre driget te fergassen. Grady, Claire en Maisie bejouwe harren nei de kontrôlekeamer, dêr't se weriene wurde mei Zia en Franklin. Claire iepenet alle koaien en stiet yn bestân om 'e bûtendoar fan 'e kelders te iepenjen, sadat de dinosauriërs ûntsnappe kinne nei de wyldernis fan Noardlik Kalifornje. Grady trunet har oan om dêr nochris goed oer nei te tinken, mei't dat betsjutte soe dat de Amerikaanske befolking mei de frij omrinnende dinosauriërs yn kontakt komme soe. Claire beslút dan om derfan ôf te sjen en mei triennen yn 'e eagen sil se tasjen hoe't de dinosauriërs omkomme troch it blausoer. Mar op in ûnbewekke stuit drukt Maisie, dy't har troch de ûntdekking dat se sels ek in kloan is sterk mei de dinosauriërs identifisearret, op 'e knop dy't de bûtendoar iepenet.

De dinosauriërs ûntflechtsje yn panyk de kelders en ûntsnappe de wyldernis yn. Dêrby rinne se Mills en guon fan syn hierlingen ûnder de foet. De hierlingen komme om, mar Mills siket mei it weardefolle stik bonke fan 'e Indominus rex beskûl ûnder syn auto. As er neitiid foar it ljocht komt en om him hinne sjocht, docht bliken dat de Tyrannosaurus rex noch op 'e loer leit. It bist ferslynt Mills en fertrapet de bonke. Grady besiket Blue safier te krijen dat it bist mei him giet, sadat er it nei in feilich hinnekommen bringe kin, mar Blue kiest derfoar om 'e oare dinosauriërs te folgjen, de wyldernis yn.

Yn 'e neisleep fan it hiele debakel hâldt de Amerikaanske Senaat in nije harksitting. Dr. Ian Malcolm tsjûget dêr fannijs. Hy ferklearret dat mei it loslitten fan dinosauriërs op it fêstelân fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten in nij tiidrek oanbrutsen is, wêryn't de minske him oanpasse moat oan 'e nije wurklikheid en leare moat mei de dinosauriërs gear te libjen. Wylst er syn sechje docht, binne der bylden te sjen fan dinosauriërs dy't troch de wyldernis tsjogge, de Mosasaurus dy't surfers by in Kalifornysk strân opfret en Blue dy't de bûtenwiken fan San Francisco berikt.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Bryce Dallas Howard.
 
Chris Pratt.
haadrollen
personaazje               akteur/aktrise
Claire Dearing Bryce Dallas Howard
Owen Grady Chris Pratt


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Eli Mills Rafe Spall
Zia Rodriguez Daniella Pineda
Franklin Webb Justice Smith
Maisie Lockwood Isabella Sermon
Ken Wheatley Ted Levine
sir Benjamin Lockwood James Cromwell
Eversoll Toby Jones
dr. Henry Wu B.D. Wong
Iris Geraldine Chaplin
dr. Ian Malcolm Jeff Goldblum (cameo)
senator Sherwood Peter Jason

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Jurassic World: Fallen Kingdom waard regissearre troch J.A. Bayona nei in senario fan Colin Trevorrow en Derek Connolly. Trevorrow hie de foargeande film yn 'e Jurassic Park-rige regissearre, mar fûn dat de folgjende films troch oare regisseurs makke wurde moasten sadat der hieltyd mei nije eagen nei de franchise sjoen wurde soe. As produsinten wiene Frank Marshall, Patrick Crowley en Belén Atienza by it projekt belutsen foar de filmstudio's Amblin Entertainment, Universal Pictures, Legendary Pictures, Perfect World Pictures en The Kennedy/Marshall Company. Trevorrow en Steven Spielberg hiene as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $170 oant 187 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Óscar Faura, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.

 
Cragside, in lânhûs yn it Ingelske Noardumberlân, waard brûkt foar de bûtenkant fan 'e filla fan Lockwood, yn noardlik Kalifornje.

De opnamen foar Jurassic World: Fallen Kingdom setten op 24 febrewaris 2017 útein en duorren oant en mei 8 july fan dat jier. In grut diel fan 'e film waard opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire, omreden fan 'e grutte ôfmjittings fan 'e soundstages dy't dêr beskikber wiene. De bûtendoarsênes by de filla fan Lockwood waarden opnommen by Cragside, in lânhûs yn Noardumberlân, yn it noarden fan Ingelân. Lykas yn eardere films út 'e Jurassic Park-rige, waarden in protte bûtendoarsênes op Isla Nublar opnommen yn Hawaï, benammen op it haadeilân Oähû. Dêr waard û.m. filme by it Fleanfjild Dillingham, yn 'e haven fan He‘eia en op it strân fan Hālona Cove.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Jurassic World: Fallen Kingdom waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 21 maaie 2018 yn Madrid yn premiêre, en iepene dêrnei op 22 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. Jurassic World: Fallen Kingdom draaide doe al yn 'e bioskopen yn Singapoer en Maleizje, dêr't de film op 7 juny al útkommen wie, en yn it Feriene Keninkryk, Yndia, Itaalje, Súd-Koreä en Angoala, dêr't er op 8 juny yn premiêre gien wie. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 15 juny 2018 by platemaatskippij Back Lot Music. Jurassic World: Fallen Kingdom kaam op 4 septimber 2018 beskikber as digitale download en waard op 18 septimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Jurassic World: Fallen Kingdom mingde resinsjes. Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety fûn de film mar sa-sa, hoewol better as Jurassic World. Lindsey Bahr fan it parseburo Associated Press skreau: "Jurassic World: Fallen Kingdom giet te sink as men tefolle oer it ferhaal neitinkt, en dochs is it wol wat in aardige, healwize en spannende rit, dy't punten oangeande nostalgy ôffinkt as wiene it items op in boadskippelistke." Yn The Boston Globe skreau Ty Burr: "It is genôch foar in leuke jûn fol spanning yn 'e bioskoop, mar it ûnbrekt de film fierders oan fan alles: karakter, mystearje, ferwûndering, gefaar."

 
Hālona Cove, op Oähû, dêr't de sêne filme waard wêryn't Claire, Grady en Franklin wer op Isla Nublar oan lân komme nei't se fia de see oan in pyroklastyske wolk ûntkommen binne.

Yn it blêd Rolling Stone wie Peter Travers kritysker, doe't er skreau: "dit ferfolch jout de sfear ôf dat it makke is om't it moast, feroarsake troch filmmakkers dy't sa synysk binne dat se miene dat it publyk alles wol keapje wol as it mei in T-rex te krijen hat." Sam Machkovech fan Ars Technica neamde Jurassic World: Fallen Kingdom "in B-film as de tekening fan in skoalbern, besteande út dinosauryske moardpartijen, cartooneske smjunten en gatten yn 'e plot." Yn The Washington Post skreau Travis M. Andrews dat de film "it ûnmooglike berikt hat troch dinosauriërs saai te meitsjen." Oan 'e oare kant fan it spektrum omskreau Scott Mendelson fan Forbes de film as "prachtich" en "foar it measte part om fan te genietsjen".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jurassic World: Fallen Kingdom in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 422 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] heakket noch mar wer in diel oan 'e kaskreakerfranchise ta, dat smoarfol sit mei selsstannich bewegende eleminten, mar echt spannende mominten binne krap te besetten." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jurassic World: Fallen Kingdom in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 59 resinsjes.

Jurassic World: Fallen Kingdom brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $417,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $892,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.310,4 miljoen, oftewol rom $1,3 miljard. Ofset tsjin it budget fan $170 oant 187 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $1.123,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Jurassic World: Fallen Kingdom de op twa nei meast opbringende film fan 2018, nei Avengers: Infinity War en Black Panther. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan 'e film op $222,8 miljoen.

Jurassic World: Fallen Kingdom wûn de Teen Choice Awards foar favorite akteur yn in simmerfilm (Chris Pratt) en favorite aktrise yn in simmerfilm (Bryce Dallas Howard), en de Kids' Choice Award foar favorite regaadmakker (Pratt). De film waard fierders nominearre foar de Saturn Award foar bêste science fiction-film en de Teen Choice Award foar bêste simmerfilm, en teffens foar fjouwer People's Choice Awards.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Jurassic Park (filmsearje)
Jurassic Park (1993) • The Lost World: Jurassic Park (1997) • Jurassic Park III (2001) • Jurassic World (2015) • Jurassic World: Fallen Kingdom (2018) • Battle at Big Rock (2019, koarte film) • Jurassic World: Dominion (2022)