Joke Folmer
Johanna Maria (Joke) Folmer (Hoofddorp, 9 july 1923 - Skiermûntseach, 11 desimber 2022) wie in Nederlânsk koerierster yn de Twadde Wrâldkriich.
Joke Folmer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johanna Maria Folmer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 9 july 1923 | |
berteplak | Hoofddorp | |
stoarn | 11 desimber 2022 | |
stjerplak | Skiermûntseach | |
wurkpaad | ||
reden bekendheid |
Koerierster yn de twadde wrâldkriich |
Kriichsjierren
bewurkje seksjeKoart nei har berte gie Folmer mei mei har âlden nei Nederlânsk-Ynje. Dêr bleau se oant har sechstjinde. Yn de tiid fan de Dútske oanfal op Nederlân yn 1940 wie sy santjin jier en siet op it lyseum yn Seist. Fia it besoargjen fan húswurk by in Joadsk freondintsje kaam sy yn kontakt mei it ferset en waard koerierster foar de groep Fiat Libertas. Sy smokkele mear as trijehûndert minsken oer de grins, ûnder wa 120 alliearde piloaten. Yn septimber 1943 waard de groep ferret en stadichoan oprôle. Joke Folmer waard ta de dea feroardiele en opsletten yn ûnder oare it Oranjehotel, de finzenis yn Utert en kamp Vught. Har eksekúsje waard behindere troch de ûntromming fan kamp Vught op Mâle Tiisdei. Sy gie as Nacht-und-Nebelfinzene nei in rige fan Dútske finzenissen, ûnder oare dy yn Waldheim. Trochdat se faak op transport wie hawwe har deafonnispapieren har nea ynhelle. De finzenen út Waldheim waarden op 6 maaie 1945 troch de Russen befrijd. Har weromreis nei Nederlân wurdt beskreaun yn it boek "The Walls Came Tumbling Down" fan Jet Roosenburg, dy't ek yn Waldheim bedarre wie.
Nei de kriich organisearre se tegearre mei Nel Lind reünies wêrby't Britske en Kanadeeske loftmachtfeteranen nochris de flechtrûtes ôfleinen fan Nederlân nei de Switserske of Spaanske grinzen.
Joke Folmer ferstoar op 11 desimber 2022, yn 'e aldens fan 99 jier op Skiermûntseach.
Underskiedingen
bewurkje seksjeSy krige ûnder oare de folgjende ûnderskiedings foar har fersetswurk:[1]
- De Amerikaanske Medal of Freedom mei gouden palm (1946),
- De Britske George Medal (1947),
- Yn 1951 krige hja de Brûnzen Liuw foar har fersetswurk,
- It Fersetsbetinkingskrús.
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- Joke Folmer Boodschappenmeisje van het verzet - Dokumintêre diel 1, Omrop Fryslân
- Joke Folmer - Dokumintêre diel 2, Omrop Fryslân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|