Koerier

(Trochferwiisd fan Koerierster)

In koerier (fan it Frânske courrier) of boadskipper is immen dy't yn opdracht (d.w.s. foar in oar) berjochten of lytse hoemannichten guod besoarget. It âldste dokumintearre gebrûk fan in organisearre koerierstsjinst foar it ferstjoeren fan brieven datearret fan 2400 f.Kr., doe't de farao's fan it Alde Egypte koeriers yn 'e tsjinst hiene dy't nije wetten en oare regeljouwing yn it hiele lân bekendmeitsje moasten. Oarspronklik beweegden koeriers har geandefoets of op it hynder fuort. De bekendste koerier út 'e skiednis is de Grykske soldaat Feidippides, dy't nei de Slach by Maraton, yn 490 f.Kr. fan Maraton nei Atene draafde om it nijs fan 'e Grykske oerwinning op 'e Perzen oer te bringen. (Yn oantins fan dat feit wurdt dyselde ôfstân fan 42,195 km tsjintwurdich noch altyd draafd troch lju dy't in maraton ôflizze.)

In Japanske militêre koerier op 'e fyts, dy't efterfolge wurdt troch Russyske kozakken te pearde (1904).
De koerierster yn de Prinsetún fan Tineke Bot

Yn 'e njoggentjinde iuw waarden der yn 'e measte lannen troch de oerheid koerierstsjinsten ynsteld dy't har spesifyk taleine op 'e besoarging fan post; dêrút kamen de hjoeddeiske postrinners fuort. In koerier is tsjintwurdich in ferfierder dy't op oanfraach en sa fluch mooglik alderlei guod teplak bringt, lykas iten (in pizzakoerier) of pakjes (in pakkettsjinst). Soms kin de opdrachtjouwer dêrby kieze foar ferskate snelheden fan ferfier, wêrby't de fluchste besoarging it measte jild kostet. Foar de iene opdrachjouwer is nammentlik de fluggens fan besoarging it wichtichste, wylst in oar (of deselde yn in oare sitewaasje) bêst wat langer wachtsje wol of kin om wat minder te beteljen. Koeriers meitsje hjoed oan 'e dei gebrûk fan alderhanne ferfiermiddels, fan fytsen en scooters oant bestelbuskes en frachtweinen. As it guod út in oar lân komme moat, wurdt in diel fan 'e reis faak yn it fleantúch ôflein.

De froulike foarm fan 'koerier' is koerierster, mar dat wurd hat in spesifike bybetsjutting. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden nammentlik koerierstsjinsten foar it ferset benammen útfierd troch jonge froulju. Foarbylden fan guod dat hja oerbrochten, binne: bonkaarten, ferfalske identiteitsbewizen en teffens soms wapens of eksplosiven. Dat wie gefaarlik fan wurk, want as se pakt waarden troch de Dútsers, draaiden se in raar gat yn.

Fanwegen it feit dat koeriers histoarysk berjochten oerbrochten, binne ferskate kranten (dy't ommers ek tynge dogge fan in ferskaat oan dingen) nei dit berop ferneamd. Sa waard yn Fryslân ûnder de Twadde Wrâldoarloch in fersetskrante oprjochte mei as namme De Koerier. Nei de befrijing ûntstie dêrút de Heerenveense Koerier. Dy bestie oant 1952 en gie doe oer yn de Friese Koerier, dy't oant 1969 fuortbestie en doe opgie yn 'e Ljouwerter Krante. In oar foarbyld is de Corriere della Sera (de "Koerier fan de Jûn" of "Jûnskoerier"), dat ien fan 'e wichtichste kranten fan Itaalje is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.