In eksplosyf (mt.: eksplosiven; fan it Frânske explosif) of springstof is in reäktive stof mei in grutte hoemannichte potinsjele enerzjy dy't ûnder de juste omstannichheden in ûntploffing feroarsaakje kin: in hommels frijkommen fan lûd, ljocht, hjitte en hege druk. In springstoflading is in ôfmetten hoemannichte eksplosyf materiaal, dy't út ien yngrediïnt bestean kin, mar ek út in mingsel fan twa of mear stoffen. It begryp 'eksplosyf' moat net betize wurde mei stoffen dy't net ûntplofber, mar inkeld ûntbrânber of brânber binne, sûnder dat se dêrby ûntploffe (kinne). Dat ferskil is lykwols soms dizenich, mei't beskate stoffen ûnder guon omstannichheden ûntbrânber of brânber binne, mar ûnder oare omstannichheden ûntplofber.

It gefaresymboal foar eksplosive stoffen (WMS-etikettearring).

By de potinsjele enerzjy dy't opslein is yn in beskaat soarte eksplosyf kin it gean om (bygelyks):

Der binne twa kategoryen eksplosive materialen, yndield neffens de faasje fan ekspânsje nei de ûntploffing. As dy ekspânsje supersoan is (flugger giet as de faasje fan it lûd), sprekt men fan in heecheksplosyf, en de ûntploffing wurdt dan in detonaasje neamd; as de ekspânsje subsoan is (minder fluch giet as de faasje fan it lûd), sprekt men fan in leecheksplosyf, wêrby't de ûntploffing in deflagraasje hjit. Springstof kin ek yndield wurde nei syn gefoelichheid. Gefoelige stoffen dy't maklik ta ûntploffing brocht wurde kinne troch in relatyf lytse hoemannichte druk of hjittens, wurde primêre eksplosiven neamd. Stoffen dy't relatyf ûngefoelich binne, en dêrtroch in stik feiliger, wurde sekundêre of tertiêre eksplosiven neamd.

Der bestiet in breed ferskaat oan stoffen dy't it fermogen hawwe om te ûntploffen; folle minder wurde spesifyk produsearre om as eksplosiven brûkt te wurden. De soarten springstof dy't dêr net foar útornearre binne, is yn 'e regel wat mei: se binne te gefaarlik, te gefoelich, te giftich, te djoer of te ynstabyl of falle te gau of te maklik útinoar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.