Marry Me (film út 2022)

Marry Me is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2022 ûnder rezjy fan Kat Coiro, mei yn 'e haadrollen Jennifer Lopez en Owen Wilson. De titel betsjut "Trou mei My". It ferhaal giet oer sjongster en superstjer Kat Valdez, dy't op it poadium by in konsert foar it each fan har fans trouwe sil mei har ferloofde, de sjonger Bastian. Mominten tefoaren ûntdekt se lykwols dat er har bedragen hat troch mei in oare frou om te slaan. Oerstjoer beslút se om ynstee te trouwen mei in willekeurige man út it publyk. Dat wurdt de saaie wiskundelearaar Charlie Gilbert, dy't troch omstannichheden mei in grut boerd yn 'e hannen stiet mei de tekst "Trou mei My" derop. Marry Me krige fan 'e filmkritisy mingde oant positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.

Marry Me
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Kat Coiro
produsint Elaine Goldsmith-Thomas
Jennifer Lopez
Benny Medina
John Rogers
senario John Rogers
Tami Sagher
Harper Dill
basearre op de grafyske roman
   fan Bobby Crosby
kamerarezjy Florian Ballhaus
muzyk John Debney
filmstudio Universal Pictures
Perfect World Productions
Nuyorican Productions
Kung Fu Monkey Productions
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Jennifer Lopez
Owen Wilson
byrollen Sarah Silverman
John Bradley
Chloe Coleman
Maluma
Michelle Buteau
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 febrewaris 2022
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk (ek in bytsje Spaansk)
spyltiid 112 minuten
budget en resultaten
budget $23 miljoen
opbringst $50,5 miljoen

Sjongster Kat Valdez is in superstjer fan it Latin-muzyksjenre dy't al twaris troud en wer skieden is, wat eltse kear breed útmetten waard yn 'e rabbersparse. Wannear't it liet Marry Me ("Trou mei My"), in duët fan Kat en har ferloofde, de ferneamde sjonger Bastian, in nûmer 1-hit wurdt, beslute se om harren houliksseremoanje op it poadium te hâlden by ien fan harren mienskiplike konserten, foar it each fan 'e oanwêzige fans en de streaming media.

Charlie Gilbert is in skieden wiskundelearaar dy't it der swier mei hat dat syn tolvejierrige dochter Lou har eins wat foar him skammet en dêrom op skoalle net mei him sjoen wurde wol. Charlie syn lesbyske freondinne Parker Debbs, dy't dekaan is op deselde skoalle, hat trije tagongskaartsjes foar it konsert dêr't Kat en Bastian mei-inoar trouwe sille. Se soe dêrhinne mei har minneresse en har bêste freondinne, mar no hawwe dy wat mei inoar krigen en hat Parker it kontakt mei beiden ferbrutsen. Se freget Charlie om mei har nei it konsert te gean, mar dy fielt dêr eins neat foar om't er hielendal neat hat mei Latin-muzyk. Parker kriget him lykwols safier troch derop te wizen dat er Lou meinimme kin om op dy manear de coole heit foar har út te hingjen. Parker hat in grut boerd makke mei yn koweletters de tekst "Marry Me" derop, dat se by it konsert omheech hâldt. As se foto's fan Charlie en Lou makket, triuwt se Charlie it boerd yn 'e hannen.

Underwilens ûntdekke Kat har manager Colin en har assistinte Melissa dat der op 'e sosjale media in fideo sirkulearret wêryn't te sjen is hoe't Bastian Kat bedraacht troch mei in oare frou om te slaan. Dat is Tyra, dy't foar Kat har posts op 'e sosjale media byhâldt. Krekt foar't Kat it poadium op sil foar de houliksseremoanje bringt Colin har fan it nijs op 'e hichte. Kat lit de muzyk stopje en de lampen oandwaan en hâldt oerstjoer in taspraak foar it publyk wêryn't se har ôffreget wêrom't sokke dingen har hieltyd wer oerkomme. Se komt ta de konklúzje dat dat is om't se hieltyd op 'e nij itselde docht. De útwei moat dan wêze om it tenei folslein oars oan te pakken.

Mei't it houlik mei Bastian net trochgiet, mar alles dochs al beävensearre is en klear stiet, beslút se in willekeurige man út it publyk te kiezen om mei te trouwen. Har kar falt op Charlie, dy't noch hieltyd mei it fergetten boerd mei "Marry Me" derop yn 'e hân stiet. Charlie wurdt op it poadium nûge en stimt yn mei it houlik om't er in deeglike keardel is en it him net oer it hert ferkrije kin om 'e pinige Kat noch in skop nei te jaan troch har ôf te wizen. De predikant freget oft Kat Valdez mei "de iene of oare fint" trouwe wol, en sy antwurdet "Ja". Dan freget er oft "de iene of oare fint" mei Kat Valdez trouwe wol, en Charlie seit: "No, okee dan."

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei de trouplechtichheid wegeret Kat mei Bastian en Tyra te praten, dy't har allebeide, los faninoar, te wurd wolle. Se giet fuort mei Charlie, dy't har ûnder de rit nei har hotel mei in pear grapkes besiket op te mûnterjen. Se nimme ôfskie en Kat giet mei in brutsen hert nei har hotelkeamer ta, wylst Charlie yn har limûsine thúsbrocht wurdt. Dêr wachtet Parker him op, dy't Lou ûnderwilens nei Charlie syn eks-frou ta brocht hat. De media witte net hoe't se it hawwe mei dizze ûnferwachtse gong fan saken en der wurdt rûnom op 'e tillefyzje en de sosjale media spekulearre oer de geastlike sûnens fan Kat.

De oare deis, nei't se wat bekommen is, moat Kat beslisse hoe't se no fierder wol. Colin wiist derop dat se troch stom lok in fatsoenlike keardel troffen hat mei in respektabele baan en in teenagedochter, dy't noch net yn in romantyske relaasje behelle wie en gjin strafblêd hat. Dat betsjut dat se foar it neist fan it houlik ôf kinne sûnder dat Charlie in rjochtsaak oanspanne sil om der finansjeel wizer fan te wurden yn it neidiel fan Kat. Mar Kat beslút, tige tsjin 'e rie fan Colin yn, om in fearnsjier troud te bliuwen om in positive draai oan 'e sitewaasje te jaan. Charlie stimt dêr mei tsjinnichheid mei yn, mar as Kat him derfan besiket te bewissigjen dat it gjin ynfloed op syn priveelibben hawwe sil, laket er har út, mei't de media syn adres al fûn hawwe en der no eltse kear as er bûtendoar komt tsien mikrofoanen ûnder syn noas treaun wurde.

Charlie moat bot wenne oan 'e oandacht fan 'e media, dy't er sa goed en min as dat giet besiket te negearjen. Hy fynt it neat te noflik om sa yn 'e skynwerpers te stean en hy besaut him oer Kat har libbenswize, dy't de mediabelangstelling krekt opsiket troch oan ien wei troch berjochten en fideo's te publisearjen fia de sosjale media. Ek wurdt se de hiele dei fan moarns ier oant jûns let folge troch in kameraman dy't alles filmet foar it gefal dat der ris wat bart dat Kat oan har fans sjen litte wol. Op har beurt merkt Kat dat de bedaarde, kalme Charlie, dy't totaal oars is as de temperamintfolle Latino-manlju dêr't se ornaris gedoente mei hat, eins in hiel oangenaam persoan is om tiid mei troch te bringen.

By in ferrassingsbesyk oan 'e skoalle dêr't Charlie wurket, moetet Kat foar it earst syn dochter Lou, dy't oanhelle is mei plankefrees sadat se op in poadium foar in grutte kloft folk befriest en net mear út har wurden komme kin. Kat besiket har te helpen troch te fertellen dat sysels ek wolris de tekst fan in liet fergetten is. Neffens har kaam dat trochdat se der tefolle by neitocht. Neitiid hat se har dûnsjen sa dreech makke dat se dêr al har oandacht by nedich is, sadat de liettekst fansels komt.

As de skoalle net folle letter in dûnsfeest foar de learlingen organisearret, dêr't Charlie tafersjoch hâlde moat, freget er Kat om mei him dêrhinne, as in soarte fan ôfspraakje. Sy stimt ta en sjongt foar de oanwêzigen sels ien fan har ferskes, begelaat op it gitaar troch de muzyklearaar Jonathan Pitts. Dy jûns, as it feest einiget, giet Kat mei Charlie nei hûs, dêr't se tútsje en úteinlings mei-inoar op bêd reitsje. De folgjende wiken hawwe se in echte leafdesrelaasje. Charlie daget Kat út om in wike te libjen sûnder de help fan har omfangrike entoeraazje fan assistinten, mei hilaryske gefolgen as blykt dat se har mei de simpelste dingen net sels rêde kin. Kat besiket Charlie de ienentweintichste iuw binnen te skuorren troch him yn 'e kunde te bringen mei sosjale media. Underwilens riedt Charlie in espeltsje fan syn learlingen, ûnder wa Lou, ta op in nasjonale wiskundewedstryd.

De knyntsjetiid is foarby as Bastian op in stuit ûnferwachts opdûkt om te fertellen dat syn en Kat har duët Marry Me nominearre is foar in Grammy Award. It is Kat har earste nominaasje foar in wichtige priis, dat se is begryplikerwize entûsjast. Charlie wrakselet mei syn jaloerskens om't Kat it yntime liet wer mei Bastian sjonge moat, mar hy besiket him deroerhinne te setten en Kat bewissiget him derfan dat har relaasje mei Bastian foargoed foarby is. Charlie beslút lykwols om net by de útrikking fan 'e Grammys oanwêzich te wêzen, mei't er it gefoel hat dat er foar joker stean sil as taskôger by in optreden fan Kat mei har eks-ferloofde. As er harren op 'e tillefyzje sjocht (dêr't de útrikkingsseremoanje live útstjoerd wurdt), mient er yndie noch in fûnk tusken har beiden oerslaan te sjen. Hy beslút dan om it mar oer te jaan, mei't er nea yn Kat har wrâld passe sil, wat mei Bastian sa oerdúdlik wol it gefak is. Dat hy makket it út mei Kat, wêrby't er har en himsels foarhâldt dat harren houlik dochs nea echt wie.

As se drôf is oer de ferbrutsen relaasje mei Charlie, slagget it Kat einlings en te'n lêsten om On My Way te skriuwen, in leafdesliet dêr't se al tiden mei ompakt. It komt boppe-oan yn 'e hitlisten te stean en wurdt in gruttere hit as Marry Me. As se mei Bastian te gast is yn it praatprogramma The Tonight Show, giet presintator Jimmy Fallon der yn ien fan syn fragen sûnder mear fan út dat Kat On My Way skreaun hat foar Bastian. Op dat stuit kriget Kat ynienen foar it ferstân dat se it liet eins skreaun hat foar Charlie en dat se him weromhawwe wol. Se korrizjearret de oanname fan Fallon en de media yn it algemien dat sy en Bastian wer in pearke binne en ferlit halje-trawalje de studio om Charlie te sykjen, dy't mei Lou en syn oare learlingen nei de wiskundewedstryd yn Peoria (Illinois) is.

Mei de ûnmisbere help fan Colin berikt Kat úteinlik Peoria, dêr't Charlie ûnderwilens Lou oer har plankefrees hinne besiket te helpen mei de dûnspaskes dy't Kat har leard hat. Dat slagget, en se jout it goede antwurd, mar it is bûten de tiid. Fan gefolgen wint it rivalisearjende team de finale. Lou is yn triennen, mar se fleuret op wannear't se Kat sjocht. Mei Charlie op it poadium giet Kat tusken it publyk stean en hâldt in boerd omheech mei de tekst: "Marry Me" ("Trou mei My"), en dan draait se it om en stiet der op 'e oare kant: "Again" ("Op 'e Nij"). Charlie wifket, mar op oantrúnjen fan Lou beslút er "ja" te sizzen. Charlie, Kat, Lou en Charlie syn bulldog Tank wurde neitiid in lokkich gesin.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Jennifer Lopez.
 
Owen Wilson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise 
Kat Valdez Jennifer Lopez
Charlie Gilbert Owen Wilson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Parker Debbs Sarah Silverman
Colin John Bradley
Lou Gilbert Chloe Coleman
Bastian Maluma
Melissa Michelle Buteau
Jonathan Pitts Stephen Wallem
Esther Taliyah Whitaker
José Diego Lucano
George Brady Noon
net George (Spencer) Connor Noon
Tristen Tristan-Lee Edwards
himsels presintator Jimmy Fallon
harsels sjoernaliste Hoda Kotb
coach Manny Utkarsh Ambudkar
Anikah de fisazjiste Jameela Jamil
Kofi de kameraman Khalil Middleton
Tyra Kat Cunning
Tank de bulldog Romeo

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Marry Me waard regissearre troch Kat Coiro nei in senario fan John Rogers, Tami Sagher en Harper Dill op basis fan 'e grafyske roman Marry Me fan Bobby Crosby út 2012. As produsinten wiene Lopez, Rogers, Elaine Goldsmith-Thomas en Benny Medina by it projekt belutsen foar de filmstudio's Universal Pictures, Perfect World Productions, Nuyorican Productions en Kung Fu Monkey Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $23 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Florian Ballhaus, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Debney. De opnamen foar Marry Me setten yn oktober 2019 útein op lokaasje yn New York en duorren oant en mei 22 novimber fan dat jier.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Marry Me waard fersoarge troch Universal Pictures. Hoewol't de opnamen al yn novimber 2019 foltôge wiene, bleau de film lang op 'e planke lizzen fanwegen de beheinings dy't oplein waarden oan bioskoopbesyk by de lockdowns yn it ramt fan 'e koroanapandemy. Uteinlik gie Marry Me pas op 9 febrewaris 2022 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 11 febrewaris yn 'e Amerikaanske bioskopen.

It byhearrende soundtrackalbum waard produsearre troch Jennifer Lopez en Maluma en ferskynde op 4 febrewaris 2022 by platemaatskippijen Universal Music Group en Sony Music Latin. De earste single fan it album, mei as titel Pa' Ti, waard útbrocht op 24 septimber 2020 en kaam op 'e hitlist Hot Latin Songs fan Billboard binnen op nûmer njoggen. Marry Me kaam op 13 maart 2022 beskikber as digitale download en fia de streamingtsjinst Amazon Prime Video, en waard op 29 maart fan dat jier ek útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Marry Me mingde oant positive resinsjes. Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety skreau: "de latte leit net heech foar romantyske komeedzjes, en dizze, ek al is er gauris healwiis, komt der krekt oerhinne." Yn The Hollywood Reporter skreau Angie Han: "Dyjingen fan jimme dy't hoopje dat de film it sjenre nei syn ekstrafagantste limyt triuwe sil, kinne skoan ris ferheard wêze oer hoe (relatyf) dimmen it leafdesferhaal útpakt. Mar soms is dat it genietfolste soarte mearke: ien dat sa oertsjûgjend is dat men in skoft ferjitte kin dat it mar in dream is."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Marry Me in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 213 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De rare ferhaalline fan Marry Me ûntlient frijwat eleminten oan eardere romantyske komeedzjes, mar de beide haadrolspilers fan 'e film, dy't goed oaninoar weage binne, meitsje it maklik om 'ja' te sizzen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Marry Me in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 46 resinsjes. Bioskoopgongers dy't nei it sjen fan 'e film oer harren ûnderfinings befrege waarden troch CinemaScore joegen Marry Me yn trochsneed in 81/2 op in skaal fan 1 oant 10.

Marry Me brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $22,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $28,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $50,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $23 miljoen betsjut dat in winst fan $27,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn 'e bioskopen yn Noard-Amearika ûnderfûn Marry Me frijwat konkurrinsje fan 'e remake-detektivefilm Death on the Nile.

Marry Me wûn de MTV Movie Award yn 'e kategory bêste liet foar On My Way (Marry Me) fan Jennifer Lopez. De film waard ek nominearre foar trije People's Choice Awards foar bêste komeedzjefilm, bêste froulike stjer (Jennifer Lopez) en bêste komeedzjefilmstjer (Jennifer Lopez).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.