Natueriis is de faze fan wetter as it beferzen is sadat der bygelyks op reedriden wurde kin. Der binne in soad ferskiningsfoarmen en nammen foar iissoarten:

  • Alvestêde-iis - iis dat op syn minstens 15 sintimeter dik is, de feilige standertmaat fan de Alvestêdeferiening. Stikken mei sterk wikseljende omstannichheden wurdt ek wol alvestêde-iis neamd.
  • Balken - izersterk iis mei skuorren yn dik swart iis. De spannings yn it iis feroarsaakje barsten. Knallen en kreakjen tsjutte de goede kwaliteit oan.
  • Bobbeliis - iis dat net sljocht is
  • Bomiis - iis mei lucht der ûnder. Faak oan de kant fan sleatsjes. Bomiis ûntstiet troch in wikseljend peil wêrtroch't bomiis faak skean by de wâl op leit. Ek iis mei grutte wite luchtbellen der ûnder wurdt bomiis neamd. Der is net goed op te riden
  • Bûteriis - plakkaten mei troebel gielich of roastbrún iis, faak by de wâl fan sleatten en fearten. De kleur komt fan it izer yn it boaiemwetter dat út de wâlskanten wei op it gewoane iis rint. It iis is net al te hurd.
  • Donoriis - iis dat fan oare plakken helle wurdt om wekken dy't net befrieze wolle te tichtsjen. Fjouwerkante blokken soargje dat sokke plakken letter noch wol te beriden binne.
  • Driuwiis - driuwt op it wetter nei teiwaar. Op rom wetter kin sok iis begjinne te kroadzjen en kin dan by de wâl opskowe.
  • Dûbeltsjesiis - iis mei lytse luchtbeltsjes op natueriisbanen. De beltjes wurde makke troch wetterplanten; ek yn sompige gebieten dêr't moerasgas nei boppen komt. "In dûbeltsje fine" is in term foar fallen op it iis troch bern.
  • Feaniis - deeglik hurd en griis iis yn feangebieten. Sels nei teiwaar koe der noch goed op riden wurde.
  • Fondantiis - min skomiis mei in soad brobbeltsjes en wat krêmich fan kleur. Der falt min op te riden, de redens snije der yn sadat men gau falt.
teiend iis
gersiis
  • Gersiis - as stikjes gers troch it iis hinne stekke. Benammen op lâniis as der lang gers ûnder groeit. Sublimaasje en slitaazje kinne ek soargje dat it gers oan it oerflak komt.
  • Grûniis - ûntstiet yn beweechlik net te djip wetter as de temperatuer hurd sakket. Yn it tsjokke wetter foarmje har iispylkjes. As dy massaal en klompsgewiis boppedriuwen komme, ûntstiet in út losse dielen opboude iisflier dy't oan de ûnderkant hurd oangroeie kin. It troebele grûniis is faak tige sterk en der kin goed op riden wurde.
  • Healsliten iis - iispakket út in eardere froastperioade dat weromkomt yn in nije iisflier, wol sterk, mar net egaal. Troch teien ûntsteane faak rûne gatten en dobkes yn it âlde iis. Se freegje omtinken fan reedriders.
  • Hynste-iis - twa betsjuttings: betrouber iis dat sterk genôch is om der mei hynders op te gean óf yn de betsjutting fan min iis. Reedriders kinne der net goed op ride, mar hynders mei of sûnder beslide kinne der wol op rinne.
  • Izeliis - der leit in laachje izel op it iis. It oerflak is wat ûnigaal. As der genôch izel op 'e dyk falt kin ek op strjitten riden wurde. It izellaachje slyt der wol hurd ôf.
  • Jarre-iis - iis yn de jarresleat by de dongbult. It iis is net betrouber en kin omraken stjonke.
  • Keunstiis - iis dat keunstmjittich makke is op keunstiisbanen. It is tige glêd en sljucht.
  • Kistwurk - as op marren en grutte plassen de wyn oanhellet skowe grutte skossen by elkoar op. It binne gefaarlike plakken foar reedriders.
  • Kwalsteriis - Min iis mei in ûneffen boppelaach. Untstiet by wikseljend friezen en teien. De beferzen dridze soarget foar in soad falpartijen fan reedriders. De izers snije djip yn 't iis.
  • Nachtiis - iis sûnder wryt of slyt en dus ek by nacht betrouber.
  • Pakiis - op-inoar pakt driuwiis fan in grut oerflak.
  • Ridersiis - iis dat geskikt is om op te riden.
  • Roffeliis - of 'waarme-fuotten-iis'. Untstiet as rommer wetter yn ien dei tichtfriest by winich waar. Troch de bewegende weachjes ûntsteane roffels op it iis. Derfalt min op te riden en op guon plakken kin der wolris klúnd wurde moatte.
  • Sân- en stofiis - op it iis leit in laachje sân of stof, meast út it easten. It is troch de wyn oer it iis jage en makket de redens stomp.
  • Skierroeksiis - tin laachje iis
  • Sko-iis - op inoar skowend driuwiis
  • Skosse-iis - bestiet út oan elkoar ferzen skossen, bygelyks op it Prinses Margrietkanaal en lytsere kanalen êr't noch in skip trochfard is. Der falt min op te riden.
  • Snie-iis - mei ynbakte of oankoekte snie. De kleur is troebel en grauwyt. As de snie ier yn de froastperioade fallen is, kin der noch wol goed op riden wurde.
  • Soaliis - stikkenfearn iis yn it farwetter. Oer it iis kin as de froast knap tabakt hat wol berûn mar hast net beriden wurde.
  • Souderiis - ek buordpapieren souder, in iislaachje mei wetter der ûnder en dêrnei in twadde iislaach.
  • Swart iis - of spegeliis/glydiis is hurd en glêd iis fan stabile kwaliteit. Troch de trochskinendheid liket it iis swart.
  • Tei-iis - iis dat nei in tei-ynfal skûl giet ûnder in laachje wetter. It hinget fan de iissoarte derûnder ôf oft der noch op riden wurde kin. Op bûtenwetter is it nuodlik om oer te riden. Iis teit faak folle hurder as dat wetter befriest.
  • Wurkiis - iissoarten dêr't net goed op riden wurde kin, dêr't op bealge wurde moat om foarút te kommen op redens.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: