Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen

De feriening Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) is op 19 desimber 1981 oprjochte yn kafee 'De Hinde' te Hylpen.

Fan 1982 oant 1984 wie der ien klasse dêr't alle skippen oan meidienen. Yn 1985 kaam der ek in B-klasse by. De lêste trije dielnimmers fan it klassemint yn de A-klasse degradearje en de earste trije dielnimmers fan it klassemint yn de B-klasse promovearje. Yn 1993 wienen der safolle ynskriuwers dat der in C-klasse by komme moast.

Yn 1995 is der in aparte klasse oprjochte foar lytse skûtsjes. Dat binne skûtsjes mei in maksimale lingte fan 17,10 meter. Dy klasse waard de b-lyts neamd. De C-klasse wie doe net mear nedich. De earste út it klassemint fan de b-lyts koe ek promovearje nei de grutte A-klasse. Peter de Koe hat yn 1997 dat rjocht brûkt om yn 'e A-klasse mei te dwaan.

Yn 1999 is de namme fan de lytse b-klasse feroare nei lytse a-klasse. Tagelyk is de B-klasse opdield yn B1 en B2. Dêrmei soenen nije dielnimmers flugger yn de A-klasse komme kinne as mei yn C-klasse. Mei in C-klasse hat in nije dielnimmer nammentlik op syn minst 3 jier nedich om yn de A-klasse meifarre te kinnen.

Dochs hat de IFKS yn 2002 wer in C-klasse ynsteld. Dêrtroch binne der no 4 klassen:

  • Grutte A-klasse
  • Lytse a-klasse
  • B-klasse
  • C-klasse
Foarearst 2022
Seil-
teken
Namme Plak Skipper Boujier Ton Werf
E Eelkje II Heech Jeroen de Vos 1914 30,37 Ljouwert, Roos & van der Meijden
Eeltje Baas Makkum Klaas Kuperus 1904 49 Ljouwert, v.d. Werff
B Freonskip Blauhús Hartman Witteveen 1909 40 Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff
GO Grytsje Obes Koudum Arjen de Jong 1914 44 Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff
Ingelskman Rotterdam Sikke Heerschop 1907 35 Drachten, de Piip
Ea It Doarp Eastermar Eastermar Geale Tadema 1911 50 Ljouwert, v.d. Werff
Jonge Jasper Frjentsjer Froukje Osinga 1911 34 Drachten, de Piip
  Lytse Lies De Gaastmar Tony Brundel 1910 35 Drachten, de Piip
Ora et Labora Heeg Sietse Broersma 1912 42 Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff
Raerder Roek Raerd Sijmen Kalsbeek 1906 35,23 Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff
Redbad Warkum Wietse Bandstra 1911 42 Frjentsjer, Draaisma
Sterke Jerke Earnewâld Pieter-Jilles Tjoelker 1923 51 Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff
Us Heit Rotterdam Wytse Heerschop 1902 40 Drachten
  Ut en Thûs Snits Floriaan Zwart 1910 38 Frjentsjer, Brandsma
Z Waaksdom De Jouwer Ulbe Zwaga 1913 49 Drachten, v.d. Werff, Langewyk
‘t Swarte Wief de Tynje Jaap Hofstee 1909 48 Wergea, v.d. Werff
as in 2022
Seil-
teken
Namme Plak Skipper Boujier Ton Werf
De Reuzen Akkrum Andries Brouwer 1911 34 Warten, Bijlsma
  Hoop Doet Leven Ljouwert Koos van Drunen 1910 34 Snits, v.d. Werff
Hoop en Vertrouwen Snits Brandt de Vries 1913 33,36 Ljouwert, Roos & van der Meijden
  Hoop Op Zegen Ljouwert Chris van den Berg 1909 36 Snits, v.d. Werff
It Abbegeaster Skûtsje Abbegea Henk Frankena 1905 29 Wergea, v.d. Werff
Lutgerdina Smeltekop Eemnes Bernd de Cneudt 1904 30,90 Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff
  Lytse Earnewâldster Earnewâld Geale Postma 1908 28 Warten, Bijlsma
Lytse Famke De Lemmer Herke Boskma 1923 32 Drachten, Bûtenstfallaat, v.d. Werff
Nije Dei Heech Harm van der Weiden 1903 30 Ychtenbrêge, Bos
[1] Nooit Volmaakt De Lemmer Jochem van der Vaart 1896 30 Briltil
Ha Stad Harlingen Harns Sikke Tichelaar 1909 34,89 Koatstertille, v.d. Werff
Tiid sil’t leare Amsterdam Hille Wichers 1905 32 De Gaastmar, Wildschut
  Twa Famkes Drachten Pieter Jansma 1912 32,71 Wergea, de Onderneming
Vriendschap Akkrum Sander Meeter 1911 23,66 Drachten, de Piip
Welvaart Ealahuzen Tsjibbe van der Veer 1910 36 De Gaastmar, Wildschut

Kampioenskip

bewurkje seksje

De feriening organisearret it IFKS dat acht dagen beslacht; sân wedstryddagen en de rêstdei of opvang op woansdei.

plak dei
Hylpen sneon
Starum snein
Heech moandei
Sleat tiisdei
Rêstdei (of Opfang Ychtenbrêge) woansdei
Ychtenbrêge tongersdei
De Lemmer freed
De Lemmer (finale) sneon

Kampioenen (Grutte A-klasse)

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hat nij seilteken fan in kanon