Johannes Franciscus Maria (Hans) Brian (Amsterdam, 19 jannewaris 1940Son, 7 juny 2022) wie in Nederlânsk rugbyspiler, - coach, sportsjoernalist, sportkommentator en telefyzjepresintator.

Hans Brian
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Franciscus Maria Brian
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 jannewaris 1940
berteplak Amsterdam
stoarn 7 juny 2022
stjerplak Son
wurkpaad
wurksum as Sport kommentator
medium tillefyzje
wurksum by NOS
jierren aktyf 1976-2005
Hans Brian
sporter
sportive ynformaasje
sport Rugby
trener Jierren 60,
bûnscoach Nederlânsk rugbyteam
debút 1956
karriêre-ein 1963

Brian spile fan 1956 ôf rugby by AAC en kaam fan 1959 ôf út foar it Nederlânske rugbyteam. Yn 1963 moast er fanwegen in blessuere ophâlde. Hy die de ALO en wie yn de jierren 1960 bûnscoach fan it Nederlânske rugbyteam. Ek sette er him yn foar de begelieding fan rugbytrainers en - skiedsrjochters. Yn 1970 gie Brian op de sportredaksje fan De Telegraaf wurkjen. Yn 1976 makke hy de oerstap nei de NOS. Dêr waard Brian sportkommentator en hie njonken rugby ek hockey as spesjalisaasje wêrby't hy ferskate grutte finales bekommentariearre. Ek wie er fêste kommentator by tafeltennis, badminton en auto- en motorsport; de TT Assen, Formule 1 en Parys-Dakar. Hjirneist wie er earst wurksum as gymlearaar ûnder oare op in middelbere skoalle yn Eindhoven. En dêrnei hie er in stêffunksje op de kommunikaasje-ôfdieling fan DAF. Tussen 1985 en 1987 presenteerde Brian voor de NCRV de spelshow It's All in the Game. Yn 2005 hold er op by de NOS. Brian waard yn 2007 lid fan fertsjinste fan de Nederlânske Rugby Bûn en yn 2016 waard dat opwurdearre ta earelid. Hy wie ek yn 2004 beneamd ta lid fan fertsjinste fan de KNHB.