Ronnie Hawkins
Ronald Cornett (Ronnie) Hawkins (Huntsville Arkansas, 10 jannewaris 1935 – Peterborough Ontario Kanada, 29 maaie 2022) wie in Amerikaanske Rock-'n-roll-artyst. Hy begûn syn karriêre yn Arkansas, Feriene Steaten, mar bruts pas echt troch doe 't er nei Ontario, Kanada ôfreizge. Hawkins hat yn totaal mear as fiifentweintich albums opnommen. Relatyf bekende nûmers binne Who Do You Love?, Hey Bo Diddley, en Susie Q, de lêste skreaun troch syn neef Dale Hawkins. Hawkins ferstoar yn 2022 yn de âldens fan 87 jier.
Ronnie Hawkins | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Ronnie Hawkins (2014) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ronald Cornett Hawkins | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 jannewaris 1935 | |
berteplak | Huntsville | |
stoarn | 29 maaie 2022 | |
stjerplak | Peterborough | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock-'n-roll, Blues | |
sjongtaal | Ingelsk | |
jierren aktyf | 1956–2022 |