Mariûpol
Mariûpol (Oekraynsk: Маріуполь; Russysk: Мариуполь; Gryksk: Μαριούπολι, Marioupoli) is in havenstêd yn it súdeasten fan de Oekraïne en leit oan de kust fan de See fan Azov by de mûning fan de rivier de Kalmiûs. It is yn grutte de tsiende stêd fan de Oekraïne en de twadde fan de Oblast Donetsk. De stêd hat 461.810 ynwenners (2013).
Mariûpol | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Oekraïne |
Oblast | Donetsk |
Sifers | |
Ynwennertal | 461.810 (2013) |
Oerflak | 244 km² |
Befolkingstichtens | 2058/km² |
Oar | |
Stifting | 1778 |
Tiidsône | UTC+2 |
Simmertiid | UTC+3 |
Koördinaten | 47° 5´N 37° 32´W |
Webside | marsovet.org.ua |
Tusken 1948 en 1989 hjitte de stêd Zjdanov (Russysk: Жданов), ta eare fan de Sowjet-politikus Andrej Zjdanov. Mariûpol hat in frij heech oantal Griken. It is ek in fekânsje-oarde. Yn de rin fan 2014 rekke de stêd belutsen by de strideraasjes tusken krêften fan de ôfskiedende pro-Russyske Folksrepublyk Donetsk en it Oekraynske leger. Op 24 jannewaris 2015 waard de stêd troffen troch in raketoanfal fan de seperatisten, wêrby 30 minsken om it libben kamen.[1]
Skiednis
bewurkje seksjeMariûpol wie in it begjin fan de sechtjinde iuw ferneamd as in boarch fan de Kozakken, neamd Kalmiûs. De delsetting waard yn 1778 in stêd nei in migraasje fan Griken fan de Krim en dizzen neamden de stêd Mariûpol.
Yn 2022 waard Mariûpol by de Russyske ynfal yn de Oekraïne troch de Russen belegere en fierhinne mei de grûn lyk makke. Nei 82 dagen striid joegen de lêste Oekraynske ferdigeners har op 16 maaie oer.
Befolking
bewurkje seksjeMariûpol bestiet út 48,7% Oekraïners, 44,4% Russen en 4,3% Griken. Nettsjinsteande it grutte tal Oekraïners, sprekt dochs 89,6% Russysk en 9,9% Oekraynsk as earste taal.
Ekonomy
bewurkje seksjeDe stêd is in wichtich yndustrieel sintrum en East-Jeropeesk seehaven. De stêd hat twa stielfabriken (Ilyich Iron and Steel Works of Mariupol en Azovstal), dy in grutte bydrage leverje foar de Oekraynske útfier. It yndustrygebiet fan Mariûpol produsearret 37,5% fan de útfier fan de Oblast Donetsk en 7% fan de Oekraynske útfier.
Berne yn Mariûpol
bewurkje seksje- Archip Kûindzjy (1841-1910)
- Andrej Zjdanov (1896-1948)
Boarnen, noaten en referinsjes
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mariupol fan Wikimedia Commons. |