Leontien Ceulemans

Johannah Leontina (Leontien) Ceulemans (Amsterdam, 8 jannewaris 1952 - Laren, 28 july 2022) wie in Nederlânske aktrise en presintatrise dy’t fral bekend wurden is as de earste nijslêzeresse fan it NOS-jeugdsjoernaal.

Leontien Ceulemans
akteur
Leontien Ceulemans
Leontien Ceulemans
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannah Leontina Ceulemans
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 8 jannewaris 1952
stoarn 28 july 2022 (70 jier)
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Se debutearre yn 1971 op it toaniel ûnder de namme Leontien Lukassen yn it blijspul Hartenvrouw fan William Douglas Home, nei't se earder in lytse rol hie yn de telefyzjesearje Joop ter Heul.

Se spile fierder ûnder oare yn:[1]

  • 1975 Oorlogswinter
  • 1976 Een Vuile Egoïst tsjinoer Guus Hermus
  • 1980 Benjamin in het leger
  • 1980 De meiden
  • 1991 Spel
  • 1992 Terug van weggeweest
  • 1994 De extravagante mr. Wilde
 
Leontien Ceulemans (1982)

Doe't sy trije jier wie makke se har debút al yn it radioprogramma Kleutertje Luister fan de AVRO. Nei in ferskaat oan optredens yn radio- en telefyzjeprogramma's (sa as Swiebertje en Oorlogswinter) waard se yn 1980 frege om it Jeugdsjoernaal te presintearjen.

Sy hat trije jier foar it Jeugdjournaal wurke en gie dêrnei fierder mei it presintearjen fan ferskate programma's foar de publike omrop. Se wie teffens presintatrise fan it Ingelsktalige programma European Business Weekly, tegearre mei Peter Hobday. By Veronica presintearre sy it seksprogramma Radio Romantica. Yn febrewaris 1991 stie Ceulemans yn Playboy Magazine. Ek hie hja in gastrol yn de RTL-soaprige Goede tijden, slechte tijden en wie se jierrenlang de voice-over by Kindernet.

Ceulemans spruts foar de Nederlânske ferzje fan Een luizenleven de stim yn fan de keninginne.

Leontien Ceulemans wie in dochter fan aktrise Hetty Berger en gitarist Jan Ceulemans.

Sy stoar yn de âldens fan 70 jier yn it Rosa Spier Hûs. Ceulemans joech har lichem ta foldwaan oan de wittenskip.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: