Playboy (tydskrift)

(Trochferwiisd fan Playboy Magazine)

Playboy, ek wol Playboy Magazine, is in neakenblêd, fral ornearre foar heteroseksuële manlju, oprjochte yn 1953 troch Hugh Hefner (1926-2017). In playboy is immen dy't yn jet-set-fermiddens ferkeart, faak achter froulju oan sit en meast koarte ferhâldings hat. It blêd jout foto's fan neakene froulju, saneamde Playboy Playmates, ôfwiksele mei ynterviews en politike- en kulturele analyzes.

Playboy
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk, ferskaat
sjenre neakenfotografy
frekwinsje 1x de moanne
bestean 1953 – no
oprjochter Hugh Hefner
plak haadred. Beverly Hills (Kalifornje)
útjouwer Playboy Enterprises, Inc.
oplaach 1.008.000 (2014)
ISSN 0032-1478
offisjele webside
www.playboy.com

Bysûnderheden

bewurkje seksje

It earste nûmer fan Playboy hie Marilyn Monroe op de omslach (en op de middenside-centerfold). It bleat hat altyd mear eroatysk as pornografysk west. De oplaach is, faaks troch de maklike tagong ta seks en eroatyske ôfbyldings op ynternet, tige tebekrûn. Yn 1972 waard fan in nûmer mear as 7 miljoen ferkocht. Yn 2005 wie de oplage fan de Amerikaanske útjefte noch mar 3 miljoen. Hugh Hefner's dochter Christie Hefner is tsjintwurdich de direkteur fan Playboy.

De Nederlânske en Belgyske ferzje besteane sûnt maaie 1983. Foar it Nederlânske nûmer posearre de doe 36-jierrige, neakene Jerney Kaagman. Covergirl fan dat nûmer wie Ellen Soeters. Playboy hat ek in edysje foar froulju, nammentlik Playgirl, mar dy wurdt net yn it Nederlânsk útjûn.

Yn 2005 ferskynde in wittenskiplik artikel oer de feroarings fan lichemsferhâldings fan de centerfoldmodellen yn de lêste 50 jier[1]. Der waard konludearre dat der gjin oertsjûgjende oanwizings binne foar in trend nei gruttere slankens; wol waarden ferskowings sjoen yn it oantal kearen dat fiif ferskate lichemstypen ôfbyld wienen.

Ynternasjonale edysjes

bewurkje seksje

Bekende Amerikaanske Playboymodellen

bewurkje seksje
 
Marilyn Monroe
 
Bettie Page

Guon modellen waarden troch in fotoreportaazje yn Playboy Magazine wrâldferneamd. Oaren stiene der ien kear yn en waard dêrnei noait mear wat fan fernaam.
List fan súkselfolle karriêrefroulju:

Bekende Nederlanners yn Playboy Magazine

bewurkje seksje
 
Rebecca Loos
 
Do

Karút bekende Nederlanners dy't ferskynden yn de Nederlânske útjefte fan Playboy Magazine:

Bekende Flamingen neaken yn Playboy Magazine

bewurkje seksje
 
Aria Giovanni (2007)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • D.M. Garner, P.E. Garfinkal, D. Schwartz en M. Tompson: 'Cultural expectations of thinning in women', Psychological Reports, 47 (1980), s. 483-491.
  1. T. Seifert: 'Anthropomorphic characteristics of centerfold models: trends towards slender figures over time. Int J Eat Disord.', april 2005; 37(3):271-4.