Lieke van Lexmond
Lieke van Lexmond (IJsselstein, 6 febrewaris 1982) is in Nederlânsk aktrise, presintatrise, model en sjongster. Hja is benammen bekend wurden troch har rollen as Eva Prins en Charlie Fischer yn 'e soapsearjes Goudkust en Goede Tijden, Slechte Tijden. Yn 2009 wûn se de Gouden Televizier-Ring yn 'e kategory Televizier Talent Award. Yn 2012 stoppe Van Lexmond by Goede Tijden, Slechte Tijden om har mear ta te lizzen op presintearjen. Fierders spile se ek yn films as Volle Maan, Penny's Shadow en Michiel de Ruyter.
Lieke van Lexmond | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Lieke van Lexmond | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 6 febrewaris 1982 | |
berteplak | IJsselstein (Utert) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1987 – no | |
prizen | Gouden Televizier-Ring 2009 | |
offisjele webside | ||
www.liekevanlexmond.nl |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeVan Lexmond waard yn 1982 berne yn IJsselstein, yn 'e provinsje Utert. Doe't se fiif jier wie, sette se útein mei it dwaan fan modellewurk. Op har sânde begûn se mei aktearjen. Se wie te sjen yn reklamespotsjes foar û.m. Royco, Melkunie, Aviko, Bristol, Campina, it Land van Ooit en nútsjesmoar fan Calvé. Doe't se yn 'e fyfde klasse fan 'e HAVO siet, op it Cals Kolleezje yn Nieuwegein, skreau se har yn by it castingburo fan Harry Klooster, wêrnei't se geregeldwei rollen oanbean krige. Fierders spile se op it Cals Kolleezje yn skoalmusicals as Cats (1996) en Hair (1997).
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeTillefyzje
bewurkje seksjeVan Lexmond briek yn 1998 mei sechstjin jier troch as aktrise mei har rol as Eva Prins yn 'e soapsearje Goudkust, dy't útstjoerd waard troch SBS 6. Se fertolke dy rol oant en mei 2001, en wie yn dyselde perioade yn gastrollen ek te sjen yn tillefyzjesearjes as Kees & Co, Het Klokhuis, Costa!, IC en Spangen. Yn 2002 waard Van Lexmond frege oft se tydlik de rol fan Charlie Fischer yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden, op RTL 4, oernimme wolle soe fan Aukje van Ginneken, dy't op dat stuit yn it sikehûs lei. Sadwaande spile se dy rol dat jiers trije moannen lang.
Neitiid tsjinnen har net daliks nije rollen oan, en Van Lexmond gie dêrom oan it wurk as sekretaresse. Yn 'e rin fan 2003 waard se troch de makkers fan Goede Tijden, Slechte Tijden wer foar de rol fan Charlie Fischer frege, mar diskear foar ûnbeskate tiid. Van Lexmond pakte dat oanbod oan, en soe dy rol neitiid tsien jier lang spylje, oant se harsels yn 2012 út 'e searje skriuwe liet. Op 19 jannewaris fan dat jier wie se foar it lêst te sjen as Charlie Fischer. Har reden om op te hâlden wie dat se har mear op presintearwurk talizze woe.
Op Aldjiersjûn 2005 die Van Lexmond mei oan in spesjale útstjoering fan it realitytillefyzjeprogramma Dancing with the Stars, en yn 2006 naam se diel oan it twadde seizoen fan dat programma. Beide kearen dûnse hja mei Remco Bastiaansen, mei wa't se úteinlik it sechsde plak berikte. Yn 2009 naam Van Lexmond de presintaasje fan Dancing with the Stars oer fan Sylvana Simons. Yn juny 2008 die Van Lexmond fierders mei oant it trêde seizoen fan Ranking the Stars, van Paul de Leeuw. Datselde jiers presintearre hja by 't simmer Nederland Vertrekt, yn 'e mande mei û.m. Beau van Erven Dorens, Froukje de Both en Robert ten Brink.
Fan jannewaris 2009 ôf hearde Van Lexmond ta de fêste ferfangers fan Winston Gerschtanowitz yn it rabberijprogramma RTL Boulevard. Dy simmer wie se ien fan 'e presintators fan it RTL 4-programma Ik Kom bij Je Eten. Op 23 oktober 2009 wûn Van Lexmond de Gouden Televizier-Ring yn 'e kategory Televizier Talent Award, wêrby't se Eva Jinek en Valerio Zeno fersloech. Fan maart 2011 ôf die se mei Froukje de Both de presintaasje fan TV Makelaar. Op 27 oktober fan dat jier kaam se by RTL Nederlân yn fêste tsjinst. Neitiid presintearre se foar RTL û.m. The Ultimate Dance Battle, X-Factor Backstage, Het Zesde Zintuig en Stabilo Spellingstrijd.
Yn 2012 ûntfong Van Lexmond de Nickelodeon Kids' Choice Award yn 'e kategory favorite stjer Nederlân & Belgje. Yn 2013 die se mei oan it programma Op Zoek naar God, fan 'e Evangelyske Omrop. Dêrfoar liet se har mei fjouwer oare bekende froulju yn it kleaster fan 'e Sint-Paulusabdij yn Oosterhout opslute. Nei dêr in wike trochbrocht te hawwen, joech se oan dat se yndie op in beskate wize de oanwêzichheid fan God ûnderfûn hie. Fan 2013 ôf wie Van Lexmond fierders as sjuerylid belutsen by de talintejacht Everybody Dance Now en as presintatrise by de talintejacht So You Think You Can Dance: The Next Generation. Ek spile se mei Peaske 2014 in ferslachjouster yn The Passion. En fierders die se yn 2014 de presintaasje fan Expeditie Poolcirkel en fan 2015 ôf ek fan 'e programma's Mijn Leven in Puin en Lelijke Eendjes.
Op 6 novimber 2015 waard troch RTL Nederlân bekendmakke dat Van Lexmond tegearre mei Ruben Nicolai op RTL 5 de talintejacht Idols presintearje soe, dy't nei goed acht jier op 'e Nederlânske tillefyzje weromkearde. Yn 2016 die se mei oan It Takes 2, in sjongprogramma op RTL 4. As aktrise spile Van Lexmond yn 2016 en 2017 de rol fan ferpleechkundige Noor yn 'e sikehûssearje Centraal Medisch Centrum. Yn septimber 2017 naam se diel oan The Big Music Quiz, dêr't se yn it ferliezende team siet.
Yn 2018 die Van Lexmond mei oan it realityprogramma Het Perfecte Plaatje, wêryn't se sjen liet hoe goed oft se fotografearje koe. Datselde jiers presintearre se de datingshow Undress for Love, wêryn't de kandidaten foar de kamera út 'e klean giene. Yn maart 2019 waard bekendmakke dat Van Lexmond fan 'e hjerst fan dat jier ôf Wendy van Dijk ferfange soe as presintatrise fan it RTL 4-programma The Voice Senior. Fan dyselde tiid ôf presintearre se ek de programma's Ons Huis Vol Spullen en De Battle. Dat lêste programma kaam behalven yn Nederlân ek yn Belgje op 'e tillefyzje.
Film
bewurkje seksjeYn 1993 spile Van Lexmond foar earst yn in film. Dat wie Prime Time, mei û.o. Huub Stapel en Esther Roord. Dy film waard lykwols fanwegen finansjele swierrichheden nea ôfmakke. Har debút op it wite doek makke Van Lexmond sadwaande yn 2002 yn Volle Maan, wêryn't se de rol fan Esmé hie, de freondinne fan 'e stoere Bobbie (spile troch Michiel Huisman). Yn 'e tekenfilm Garfield: The Movie, út 2004, wurke Van Lexmond mei oan 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje troch har stim te lienen oan 'e kat Arlene. Ek by Monsters vs. Aliens (2009) en Cars 2 (2011) wie se as stimaktrise belutsen.
Yn 2011 hie Van Lexmond de rol fan reisliedster Ineke yn 'e famyljefilm Penny's Shadow, dy't grutdiels op It Amelân opnommen waard. Dêrby wurke se gear mei har âlde GTST-kollega's Rick Engelkes, Liza Sips en Tanja Jess. Yn 2012 spile Van Lexmond de rol fan suster Louisa yn 'e bernefilm Achtste-groepers Huilen Niet. Fierders wie se yn 2014 te sjen as Lisa yn Toscaanse Bruiloft, en yn 2015 fertolke se de rol fan Wendela Bicker, de frou fan 'e Hollânske riedpinsjonaris Johan de Witt, yn 'e histoaryske spektakelfilm Michiel de Ruyter, oer de santjinde-iuwske Nederlânske seeheld mei deselde namme. Yn 2016 spile Van Lexmond de rol fan Marijke yn 'e lichtfuottige komeedzjefilm Rokjesdag, en yn 2020 wie se te sjen as Roos yn 'e film Casanova's.
Muzyk
bewurkje seksjeYn 1997 wie Van Lexmond leadsjongster fan har skoalband Easy Freeze. Yn 1998 naam Van Lexmond mei oare akteurs fan 'e soapsearjes Goudkust, Goede Tijden, Slechte Tijden en Onderweg naar Morgen (wêrûnder Josefine van Asdonk, Froukje de Both, Tanja Jess en Jeroen Post) en fierders mei guon presintators fan TMF (lykas Tooske Breugem en Fabiënne de Vries) en mei bokser Regilio Tuur it nûmer Hoop Doet Leven op. Dat wie yn it ramt fan 'e nasjonale helpaksje foar Midden-Amearika, dat troffen wie troch de orkaan Mitch. Mei har Goudkust-kollega Jasmine Sendar brocht Van Lexmond yn 2000 in single út ûnder de namme Bibi & Eva (nei harren rollen), mei as titel Tell Me, Tell Me. Fierders song Van Lexmond mei Sendar en Chantal Janzen yn 2002 it nûmer Break Away foar de soundtrack fan 'e film Volle Maan.
Yn 2006 song Van Lexmond op it album Petje Af fan Ali B mei by it nûmer Je Bent Gewaarschuwd. Der giene in skoft geroften dat dat liet ek as single útbrocht wurde soe, mar dat kaam der net fan. Yn it foarjier fan 2008 waard Van Lexmond troch it bedriuw Argeweb frege om in reklamespotsje yn te sjongen. Dat ferske, mei as titel Alles Altijd, dat skreaun wie troch komponist Tjeerd Oosterhuis en tekstskriuwer Jim Stolze, waard sa populêr dat it yn april fan dat jier ek wier-wier as single ferskynde. It berikte it 36e plak yn de Nederlânske Top 40 en it 29e plak yn 'e Single Top 100. Yn 2012 naam Van Lexmond tegearre mei sjonger Xander de Buisonjé in liet op mei as titel Zo Ver Weg, foar syn album Xander in Concert. Yn 2013 song se mei oare RTL-wurknimmers as RTL Boulevard United yn it ramt fan 'e troansôfstân fan keninginne Beatrix it nûmer Koningin van Alle Mensen, dat in gouden plaat waard en it 6e plak yn 'e Top 40 berikte en it 1e plak yn 'e Single Top 100.
Oare aktiviteiten
bewurkje seksjeYn 'e moannen jannewaris, april en maaie 2004 wie Van Lexmond yn 'e mande mei û.m. Sonja Silva, Jasmine Sendar en Charly Luske te sjen yn 'e musical Costa! in Concert. Yn 'e simmer fan 2006 presintearre se in radioprogramma op 'e radiostjoerder RTL FM. Van Lexmond posearre twaris neaken foar it manljusblêd Playboy: yn 'e krystedysje fan 2007 en yn 'e edysje fan oktober 2008.
Priveelibben
bewurkje seksjeVan Lexmond hie foarhinne relaasjes mei toetsenist en komponist Jeroen Rietbergen en mei akteur Mark van Eeuwen. Mei dy lêste gie se yn 2009 as goede freonen útinoar. Yn 2013 krige se in relaasje mei Bas van Veggel, mei wa't se op 25 juny 2016 yn Itaalje troude. Se krigen twa soannen, berne yn septimber 2014 en april 2017.
Van Lexmond leaut yn astrology en feroarsake opsjen doe't se begjin 2021 de Bestoarming fan it Kapitoal yn Washington, D.C. troch oanhingers fan Donald Trump besocht te ferklearjen út 'e stân fan Mars.
Yn oktober 2021 ûntstie opskuor om Van Lexmond hinne doe't út ûndersyk fan it tillefyzjeprogramma Keuringsdienst van Waarde bliken die dat guon fan 'e fia har bedriuw ferkochte "ealstiennen" nep wiene. Sa wie ferhjitte ametist ferkocht as sitryn en in stikje glês as wite jade. Yn it Algemeen Dagblad en Het Parool ferskynden artikels wêryn't dat omskreaun waard as oplichting. Van Lexmond sei dat se gjin saakkundige wie op it mêd fan ealstiennen en dat se it net witte kinnen hie. Boppedat hie se de keapers fuortendaliks finansjeel kompinsearre.
Diskografy
bewurkje seksje- singles
- 2000 – Tell Me, Tell Me (mei Jasmine Sendar as Bibi & Eva)
- 2008 – Alles Altijd
- 2013 – Koningin van Alle Mensen (as lid fan RTL Boulevard United)
Filmografy
bewurkje seksjeAs aktrise
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1998 | Kees & Co. | Chantal | gastrol; ôfl. Je Leeft Maar Twee Keer |
1998–2001 | Goudkust | Eva Prins | fêste rol; 221 ôfl. |
2001 | Het Klokhuis | ferskate rollen | gastoptreden; 1 ôfl. |
2001 | Costa! | Brenda | gastrol; ôfl. Zwoele Nachten met een Pop-idool |
2001 | Dok 12 | Daniëlle | gastrol; ôfl. Dodelijke Damesacht |
2002 | IC | Daisy Meinen | gastrol; ôfl. Het Bloed Kruipt |
2002 &2003–2012 | Goede Tijden, Slechte Tijden | Charlie Fisher | fêste rol, oarspr. as ynfalster; 1.111 ôfl. |
2003 | Spangen | Angela | gastrol; ôfl. Scheuren |
2010 | De TV Kantine | Wednesday Addams | gastrol; 1 ôfl. |
2014 | The Passion 2014 | ferslachjouster | tillefyzjespecial |
2016–2018 | Centraal Medisch Centrum | Noor Damen | fêste rol; 18 ôfl. |
2019 | De TV Kantine | Iris Frederix | gastrol; 1 ôfl. |
2020 | De TV Kantine | Vivienne van den Assem | gastrol; 1 ôfl. |
films | |||
1993 | Prime Time | Kootje | net foltôge, net útbrocht |
1999 | Mooie Meisjesmond | ûnbekend | koarte film |
2000 | Ready While You Wait | ûnbekend | koarte film |
2002 | Volle Maan | Esmé | |
2003 | De D van Dag | Saskia | koarte film |
2004 | Garfield: The Movie | Arlene | tekenfilm; as stimaktrise by de Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2009 | Monsters vs. Aliens | Susan Murphy | tekenfilm; as stimaktrise by de Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2011 | Penny's Shadow | Ineke | |
2011 | Cars 2 | Holley Shiftwell | tekenfilm; as stimaktrise by de Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2012 | Achtste-groepers Huilen Niet | suster Louisa | |
2014 | Toscaanse Bruiloft | Lisa | |
2015 | Michiel de Ruyter | Wendela Bicker | |
2016 | Rokjesdag | Marijke | |
2019 | De Brief voor Sinterklaas | Anna | |
2020 | Casanova's | Roos | |
2022 | Zwanger & Co. | Merel |
As presintatrise, dielnimster, sjuerylid
bewurkje seksjeFilmografy as presintatrise, dielnimster, sjuerylid | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
2003–2004 | Kids for Animals | presintatrise | |
2005–2006 | Dancing with the Stars | dielnimster | mei Remco Bastiaansen |
2006 | Showgallery | presintatrise | |
2008 | Ranking the Stars | panellid | |
2008 | Nederland Vertrekt | presintatrise | mei û.o. Beau van Erven Dorens, Froukje de Both en Robert ten Brink |
2009 | RTL Boulevard | presintatrise | |
2009 | Dancing with the Stars | presintatrise | |
2009–2012 | Ik Kom bij Je Eten | presintatrise | |
2011–2012 & 2016 | TV Makelaar | presintatrise | mei Froukje de Both |
2011 | The Ultimate Dance Battle | presintatrise | |
2011 | X-Factor Backstage | presintatrise | |
2011 | Junior Eurovisiesongfestival 2011 | sjuerylid | |
2012–2013 | Het Zesde Zintuig: Plaats Delict | presintatrise | |
2012 | Popfestival Zand | presintatrise | |
2012–2013 | Stabilo Spellingstrijd | presintatrise | |
2012 | Mijn Vieze, Vette, Vervelende Verloofde | presintatrise | |
2012 | S.O.S. Lieke | presintatrise | |
2013 | Op Zoek naar God | dielnimster | |
2013–2015 | Everybody Dance Now | sjuerylid | |
2013 | So You Think You Can Dance: The Next Generation | presintatrise | |
2014 | Expeditie Poolcirkel | presintatrise | |
2015–2016 | Mijn Leven in Puin | presintatrise | |
2015 | Blind naar de Top | presintatrise | mei Dennis Weening |
2016 | Back to the Zeros | presintatrise | |
2016–2018 | Lelijke Eendjes | presintatrise | |
2016–2017 | Idols | presintatrise | mei Ruben Nicolai |
2018 | Undress for Love | presintatrise | |
2018 | Het Perfecte Plaatje | dielnimster | |
2019 | Het Zit in de Familie | presintatrise | |
2019–2022 | The Voice Senior | presintatrise | |
2019 | Ons Huis Vol Spullen | presintatrise | |
2019 | Nu of Nooit | presintatrise | |
2019 | De Battle | presintatrise |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Lieke van Lexmond
- (in) Folsleine filmografy fan Lieke van Lexmond yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|