Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021)

De bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal fûn plak op 6 jannewaris 2021 troch tûzenen breinroere oanhingers[1] fan de doetiidske presidint Donald Trump, nei't er harren dêr ta oanset hie nei in fjurrige taspraak. Hja besochten it tellen fan de stimmen fan it Kieskolleezje troch it Kongres en dus de befêstiging fan Joe Biden as presidint, nei't er Trump by de presidintsferkiezings op 3 novimber 2020 ferslein hie, te fersteuren en ûndien te meitsjen[2]. In mannichte bruts troch de barrikaden hinne dy't de plysje opsetten hie om it Kapitoalkompleks hinne, en bestoarmen it gebou. Tagelyk waarden alle oanwêzige Kongresleden en harren stêf evakuearre[3]. De bestoarmers giene plonderjend en fernielend troch it gebou. De rebûlje feroarsake fiif deaden en 140 ferwûnen[4].

Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021)
ûnderdiel fan Protesten tsjin de Amerikaanske presidintsferkeizings fan 2020
Bestoarming fan it Kapitoal op 6 jannewaris 2021
Bestoarming fan it Kapitoal op 6 jannewaris 2021
bysûnderheden
type oanslach demonstraasje
• boargerlike ûnrêst: rebûlje, fandalisme, plonderings, fernielings, oanfallen
• polityk ûndermynjen: propaganda ("De Grutte Leagen"), gearspanningsteoryen, yntimidaasje, oansetten fan in opstân, it oernimmen fan de wetjouwende macht
doelwyt It Amerikaanske Kapitoal
datum 6 jannewaris 2021
lân Feriene Steaten
plak Washington D.C.
dieders
tal dieders 390 arrestearre
wapens piipbommen
motyf • it tellen fan de stimmen fan it Kieskolleezje te fersteuren en ûndien te meitsjen
• it tefoaren kommen fan de ynauguraasje fan Joe Biden
slachtoffers en skea
deaden 5
ferwûnen 138 aginten, ûnbekend tal bestoarmers
skea $ 30 miljoen, fysike skea

Troch de rebûlje waard de gearkomste fan de Senaat en it Hûs fan Offurdigen fjouwer oere lang útsteld[5] en nei it kommen fan fersterking fan de feiligenstsjinsten koe de mannichte weromkrongen wurde en de gearkomste koe dêrnei fierder gean. It resultaat fan it Kieskolleezje waard yn de rin fan dy nachts bekrêftige[6].

Fiif minsken rekken dea by de rebûlje. Trije persoanen kamen om it libben om't se yn de knipe kamen troch de mannichte. Ien frommes waard troch in plysje-agint yn boarger deasketten, nei't se troch in barrikadearre doar besocht te dringen, en ien plysje-agint waard troch Trump-oanhingers yninoar slein, dêr't er letter oan syn ferwûnings oan ferstoar[7][8].

Ynearsten drúskjend, rôp Trump yn in twitterfideo, ûnder druk set, syn oanhingers op om nei hûs te gean[9]. De rebûlje late ta ynternasjonale reaksjes. In wike nei de rebûlje waard Trump foar de twadde kear impeacht[10].

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Steve Doig, It is difficult, if not impossible, to estimate the size of the crowd that stormed Capitol Hill. The Conversation. Oproppen op 17 jannewaris 2021.
  2. Reeves, Jay; Mascaro, Lisa; Woodward, Calvin (11 jannewaris 2021). Capitol assault a more sinister attack than first appeared. Associated Press. Oproppen op 12 jannewaris 2021.
  3. "Fernield":
    • Trump supporters storm Capitol; DC National Guard activated; woman fatally shot. The Washington Post. 7 jannewaris 2021.
    • Pallini, Thomas (7 jannewaris 2021). Photos show the aftermath of an unprecedented and destructive siege on the US Capitol that left 4 rioters dead. Business Insider.
      "Plondere":
    • Daly, Matthew; Balsamo, Michael (8 jannewaris 2021). Deadly siege focuses attention on Capitol Police. Associated Press. Oproppen op 9 jannewaris 2021.
  4. Evelyn, Kenya (9 jannewaris 2021). Capitol attack: the five people who died. The Guardian.
  5. Watch Live: Protesters Swarm US Capitol Steps as Congress Counts Electoral Votes. NBC4 Washington. 6 jannewaris 2021. Oproppen op 6 jannewaris 2021.
  6. Capitol riots: Congress certifies Joe Biden's victory after chaotic scenes, bbc.com, 8 jannewaris 2021
  7. Republican Trump supporters murdering Officer Sicknick while he tries to defend the Capitol. Twitterberjocht Ron Filipkowski, 10 jannewaris 2021
  8. Georgia woman trampled to death in Capitol riot was obsessed with pro-Trump conspiracies, The Raw Story, 8 jannewaris 2021
  9. Zilbermints, Regina (6 jannewaris 2021). Trump tells rioters "go home", repeats claims that election "fraudulent". The Hill. Oproppen op 6 jannewaris 2021.
  10. Fandos, Nicholas (13 jannewaris 2021). The House impeaches Trump for 'incitement of insurrection,' setting up a Senate trial. The New York Times. Oproppen op 14 jannewaris 2021.