Monsters vs. Aliens (film)

Monsters vs. Aliens is in Amerikaanske kompjûteranimearre tekenfilm út 2009 ûnder rezjy fan Conrad Vernon en Rob Letterman. It is in bernefilm dy't ta de sjenres fan 'e science fiction-film, fantasyfilm en aksjekomeedzje rekkene wurde kin. De plot giet oer in stikmannich meunsters dy't de Ierde yn opdracht fan it regear fan 'e Feriene Steaten ferdigenje tsjin 'e snoade bedoelings fan in bûtenierdsk wêzen. As stimakteurs wiene by de film û.o. Reese Witherspoon, Hugh Laurie, Seth Rogen, Kiefer Sutherland, Stephen Colbert en Renée Zellweger belutsen. Monsters vs. Aliens, dat in produksje wie fan DreamWorks Animation, wie net súksesfol genôch om in ferfolch yn 'e foarm fan in lange film te rjochtfeardigjen, mar der waarden neitiid yn it ramt fan 'e Monsters vs. Aliens-franchise noch wol twa koarte films, in tillefyzjespecial en in tekenfilmsearje fan makke.

Monsters vs. Aliens
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Conrad Vernon
Rob Letterman
produsint Lisa Stewart
senario Maya Forbes
Wallace Wolodarsky
Rob Letterman
Jonathan Aibel
Glenn Berger
muzyk Henry Jackman
filmstudio DreamWorks Animation
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Reese Witherspoon
Hugh Laurie
Seth Rogen
Will Arnett
byrollen Rainn Wilson
Amy Poehler
Kiefer Sutherland
Stephen Colbert
Renée Zellweger
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 27 maart 2009
foarm lange animaasjefilm
sjenre science fiction-film, fantasyfilm,
   bernefilm
taal Ingelsk
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
budget $175 miljoen
opbringst $381,5 miljoen
prizen Saturn Award 2009
filmsearje
filmsearje Monsters vs. Aliens
● foarich diel B.O.B.'s Big Break
● folgjend diel Mutant Pumpkins from
   Outer Space

Yn 'e fierten fan it hielal ûntploft in ûnbekende planeet, mei as gefolch dat in frjemde meteoryt yn 'e rjochting fan 'e Ierde slingere wurdt. Underwilens stiet Susan Murphy út it Kalifornyske Modesto op it punt om te trouwen mei har ferloofde, waarman Derek Dietl. Krekt foar't de houliksseremoanje plakfine kin, slacht lykwols de meteoryt yn en rekket Susan. Mar ynstee dat se omkomt, begjint se grien te gloeien, wêrnei't har hier wyt kleuret en se begjint te groeien oant se fyftjin meter lang is. Susan wol noch hieltyd trouwe mei Derek, mar dyselde en har hiele famylje en al har freonen binne as de dea foar har. It Amerikaanske Leger komt fanwegen en ferdôvet har.

Susan wurdt wekker yn Area 52, in supergeheime legerbasis dy't tsjinnet as finzenis foar meunsters. (De namme is in ferwizing nei Area 51 dêr't it Amerikaanske Leger neffens komplotteoryen bûtenierdske wêzens fêsthâldt.) It kompleks stiet ûnder tafersjoch fan generaal W.R. Monger (fan it Ingelske wurd warmonger, "oarlochsstoker"). Susan moetet dêr de oare finzenen:

Susan, dy't omneamd wurdt ta Ginormica, mei gjin inkeld kontakt mear hawwe mei har famylje en freonen. It is de bedoeling dat se yn Area 52 bliuwe sil oant se fan âlderdom komt te ferstjerren. Se rekket yn in djippe depresje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op in mysterieus romteskip fier fuort yn it hielal wurdt in boasaardich bûtenierdsk wêzen mei de namme Gallaxhar der troch syn boardkompjûter op wiisd dat der kwantoanium, in uterst krêftige enerzjyboarne, op 'e Ierde is. Hy stjoert in roboatyske romtesonde om it spul op te heljen. As de sonde op 'e Ierde lânet, besiket de ympulsive en frijwat ûnnoazele presidint Hathaway fan 'e Feriene Steaten om kontakt te meitsjen. It iennichste wat er dêrmei berikt, is dat de robotsonde oan in tocht nei San Francisco begjint, wêrby't er alles op syn paad ferwoastget. Generaal W.R. Monger, dy't syn kâns skoan sjocht om gloarje te fergarjen, bepraat de presidint om syn meunsters frijheid te ûnthjitten as se de robotsonde tsjinhâlde kinne. Hathaway giet dêr inkeld mei akkoart om't er "net de skiednisboeken yngean wol as de man dy't presidint wie doe't de Ierde fergie."

As Susan en de oare meunsters yn San Francisco frijlitten wurde, ûntdekt de robotsonde it kwantoanium, dat as strieling yn Susan har lichem opnommen is. Hy besiket it har ôf te pakken, wat har dea betsjutte soe, en der begjint in efterfolging dwers troch de stêd, wêrby't in soad skea oanrjochte wurdt en in protte minsken yn gefaar brocht wurde. De efterfolging einiget op 'e Golden Gate Brêge, dêr't it de meunsters, troch gear te wurkjen, slagget om mei de robot ôf te weven, hoewol't de brêge dêrby folslein fernield wurdt.

Nei't Gallaxhar berjocht krigen hat dat de robotsonde ferneatige is, beslút er mei syn skip koerts nei de Ierde te setten om eigenhandich regaad te meitsjen. Underwilens keart de reuseftige Susan werom nei Modesto, dêr't se weriene wurdt mei har âldelju en freonen. Se nimt har nije freonen, de meunsters, op sleeptou, mar se ferfrjemdzje harren fan 'e minsken troch harren gebrek oan ûnderfining yn 'e sosjale omgong. Derek ferbrekt syn ferloving mei Susan, mei't er, sa seit er, net trouwe kin mei immen dy't him en syn hiele karriêre yn it skaad stelle soe. Fertard troch leafdesfertriet jout Susan har wer by de oare meunsters. Mei harren help komt se ta it besef dat har libben better is no't se in meunster is, en se nimt har foar om harsels nea wer troch immen lytsman meitsje te litten.

Op dat stuit ferskynt boppe harren it romteskip fan Gallaxhar, en wurdt Susan mei in lûkstriel oan board brocht. Insectosaurus besiket har te rêden, mar wurdt delsketten troch de plasmakanonnen fan it romteskip. Hy falt del en reägearret net mear, en de oare meunsters binne bang dat er dea is. Oan board fan it skip hat Gallaxhar de grutste muoite om mei Susan ôf te weven, dy't sa sterk is dat se har nearne troch tsjinhâlde lit, en dy't him troch syn hiele skip efterfolget. Uteinlik lokket er har nei de ekstraksjekeamer ta, dêr't er it kwantoanium út har lichem fuorthellet, sadat se wer ynkrimpt ta har normale postuer en al har krêft ferliest. No't er it kwantoanium hat, begjint Gallaxhar in ynvaazje fan 'e Ierde om 'e natuerlike rykdommen fan 'e wrâld te plonderjen. Om't er syn eigen thúsplaneet en syn hiele ras útmoarde hat, produsearret er dêrfoar in hiel leger kloanen fan himsels.

Underwilens wit generaal Monger mei list en bedroch dr. Cockroach, B.O.B. en Link oan board fan it bûtenierdske romteskip te bringen. De trije meunsters rêde Susan en klearje harrensels in paad nei de masinekeamer, dêr't dr. Cockroach it selsferneatigingsmeganisme fan it skip yn wurking stelt om 'e ynvaazje fan 'e kloanen tsjin te kearen. As se besykje te ûntkommen, reitsje de trije meunsters lykwols opsletten efter in automatysk tichtgeande feilichheidsdoar. Inkeld Susan is op 'e tiid troch de doar kommen, mar se wegeret har freonen efter te litten. Ynstee giet se nei de brêge dêr't se de konfrontaasje mei Gallaxhar oangiet. As de tiid begjint de driuwen en Susan in laserwapen bemachtiget, sjit se net op Gallaxhar, mar op 'e bol mei kwantoanium dy't er by him hat, sadat it spul derút rint en oer har hinne lekt. Dêrtroch groeit se op 'e nij út ta Ginormica en kriget se har meunsterlike krêft werom, dy't har by steat stelt om troch de feilichheidsdoarren hinne te kringen en har freonen te rêden. As se gjin oare kar hawwe as om út it skip te springen, wurde se opfongen troch generaal Monger op Insectosaurus, dy't net dea wie, mar ferpopt blykt te wêzen ta in reuseftige flinter. Efter harren ûntploft it skip, wêrby't Gallaxhar en syn leger fan kloanen omkomme.

Werom yn Modesto wurde Susan en de meunsters ferwolkomme as helden. Derek, dy't Susan har nij wûne rom foar eigen gewin brûke wol, fertelt har dat er har ferjûn hat en dat er no wol wer mei har trouwe wol, mar Susan hat dêr no gjin belangstelling mear foar en lit him dat op net mis te fersteane wize witte. Dêrop ferskynt generaal Monger mei it nijs dat in meunsterlike slak, dy't Escargantua neamd wurdt, hiel stadich ûnderweis is om Parys te ferwoastgjen, en de meunsters sette ôf om mei dy nije bedriging ôf te weven.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Susan Murphy / Ginormica Reese Witherspoon
dr. Cockroach Hugh Laurie
B.O.B. Seth Rogen
The Missing Link Will Arnett


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Gallaxhar Rainn Wilson
kompjûter fan Gallaxhar Amy Poehler
generaal W.R. Monger Kiefer Sutherland
presidint Hathaway Stephen Colbert
Derek Dietl, Susan har ferloofde Paul Rudd
Carl Murphy, Susan har heit Jeffrey Tambor
Wendy Murphy, Susan har mem Julie White
Insectosaurus Conrad Vernon
Katie Renée Zellweger
Cuthbert John Krasinski
ferslachjouwer Ed Helms

Monsters vs. Aliens begûn as it plan foar de ferfilming fan 'e horrorstrip Rex Havoc, wêryn't meunsterjager Rex Havoc en syn team fan ekspêrs, de saneamde 'Ass-Kickers of the Fantastic', it opnimme tsjin spûken, ghouls en oare mytyske wêzens. Yn 2002 liet filmstudio DreamWorks Animation al de auteursrjochten op 'e namme Rex Havoc fêstlizze. It úttreksel fan in plot út 2005 lit sjen dat it ferhaal doe feroare wie yn Rex Havoc dy't in team fan meunsters sammelet, wêrûnder Ick! ("Jakkes!"), dr. Cockroach, Insectosaurus en de 50.000 Pûn Weagjende Frou, om it tsjin bûtenierdske wêzens op te nimmen dy't de keabeltillefyzje ûntregelje wolle. Yn 'e dêropfolgjende jierren begûn de plot noch mear ôf te wiken fan it oarspronklike Rex Havoc-ferhaal, oant regisseurs Conrad Vernon en Rob Letterman it úteinlike ferhaal hielendal sels optochten.

De measte meunsters yn Monsters vs. Aliens komme fuort út B-films út 'e 1950-er jierren: Susan/Ginormica út Attack of the 50 Foot Woman (1958); dr. Cockroach út The Fly (1958) en The Curse of Frankenstein (1957); B.O.B. út The Blob (1958) en The Crawling Eye (1958); en Insectosaurus út 'e Japanske film Mothra (1961). Inkeld foar The Missing Link bestie neffens regisseur Vernon net sa'n direkte ynspiraasje. "Hy fertsjintwurdiget gewoan alles út 'e prehistoarje dat wer ta libben komt en minsken bang makket." Foar de efterfolging fan Susan troch de robotsonde yn San Francisco diene de filmmakkers in protte research om 'e stêd korrekt ôf te byldzjen. Ek filmen se animator Line Andersen, dy't in ferlykbere lichemsbou as Susan hie (lang, rank en atletysk), wylst se by in skaalmodel fan San Francisco lâns rûn om Susan har grutte yn ferhâlding ta de gebouwen yn 'e film better werjaan te kinnen.

It senario foar Monsters vs. Aliens waard skreaun troch Maya Forbes, Wallace Wolodarsky, Rob Letterman, Jonathan Aibel en Glenn Berger. De film waard produsearre troch Lisa Stewart, en Henry Jackman makke de filmmuzyk. Foar Monsters vs. Aliens wie in budget fan $175 miljoen beskikber. It wie de earste film fan DreamWorks Animation dy't streekrjocht yn stereoskopysk 3D-formaat makke waard ynstee fan yn 2D makke te wurden en pas nei foltôging omset te wurden ta 3D. Dêr gie $15 miljoen fan it budget oan op. Neitiid binne lykwols alle lange animaasjefilm fan DreamWorks op dizze wize makke.

Monsters vs. Aliens waard distribuëarre troch Paramount Pictures, en gie op 27 maart 2009 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. De film waard op 29 septimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray. Oan 'e dûbel-dvd- en blu-rayferzje wie de koarte film B.O.B.'s Big Break as bonus tafoege. Yn july 2014 kocht DreamWorks Animation de distribúsjerjochten werom fan Paramount, om se ûnder te bringen by 20th Century Fox, dat se trochskode nei Universal Pictures.

De filmkritisy joegen Monsters vs. Aliens oer it algemien tuskenbeiden resinsjes. Sa parte Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, de film 2½ fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "De bern sille it wol in goede film fine," ek al wied er der sels net botte wei fan, om't er it "net ryk oan humor" fûn. Yn it tydskrift Rolling Stone joech Peter Travers de film 3½ fan 4 stjerren, en skreau: "WALL-E hie mear sjarme, mear siel, mear alles. Mar der sit genôch fleurige ûndogenskens yn om jin mei tefreden te stellen, sels as je de puberteit al foarby binne."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Monsters vs. Aliens in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 213 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't dizze film net yn 'e buert komt fan 'e djipsinnigens fan 'e bêste animaasjefilms, hat Monsters vs. Aliens genôch humor en special effects om bioskoopbesikers fan alle leeftiden te fermeitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 35 resinsjes.

Monsters vs. Aliens brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $198,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $183,1 miljoen. Dêrmei kaam de totale opbringst út op $381,5 miljoen, wat, ôfset tsjin in budget fan $175 miljoen, delkomt op in winst fan $206,5 miljoen. Monsters vs. Aliens wie wrâldwiid de op twa nei meast opbringende animaasjefilm fan 2009, nei Up en Ice Age: Dawn of the Dinosaurs. It wie ek de meast opbringende film út 'e karriêre fan stimaktrise Reese Witherspoon oant Sing (2016) dêr yn 'e rin fan 2017 oerhinne gie.

Monsters vs. Aliens wûn yn 2009 de Saturn Award foar bêste animaasjefilm. De film waard ek nominearre foar trije Annie Awards, yn 'e kategoryen bêste animearre effekten yn in animearre produksje (Scott Cegielski); bêste storyboarding yn in lange animaasjefilm (Tom Owens); en bêste stimakteur yn in lange animaasjefilm (Hugh Laurie), mar wûn inkeld de Annie foar bêste storyboarding. Fierders waard de Monsters vs. Aliens ek nominearre foar in Kids' Choice Award foar favorite animaasjefilm, en waarden Seth Rogen en Reese Witherspoon beiden nominearre foar in Kids' Choice Award foar favorite stimakteur yn in animaasjefilm.

Nettsjinsteande it súkses fan Monsters vs. Aliens yn 'e Feriene Steaten en ferskate oare lannen, sei Jeffrey Katzenberg, de algemien direkteur fan DreamWorks Animation, yn 'e Los Angeles Times dat in ferfolch yn 'e foarm fan in langspylfilm der net yn siet, om't Monsters vs. Aliens it min dien hie yn inkele tige wichtige merken, nammentlik Frankryk en Japan. Hy heakke dêroan ta: "Der bestiet genôch konsensus ûnder ús distribúsje- en marketingminsken yn beskate dielen fan 'e wrâld dat it meitsjen fan in ferfolch itselde wêze soe as in rotsblok by in heuvel oprôlje." Yn april 2011 murk Katzenberg fierders noch op dat syn studio gjin plannen hie om yn 'e takomst noch parodyen op filmsjenres te meitsjen, lykas Shark Tale, Monsters vs. Aliens en Megamind. Hy sei dat dy films "allegear fan deselde oanpak en toan en soarte parody binne, en yn it bûtenlân net goed oerdraachber binne. We hawwe no sokke films net mear yn tarieding."

Hoewol't de Monsters vs. Aliens net súksesfol genôch wie om in ferfolch yn 'e foarm fan in oare langspylfilm te krijen, wie de film dochs it begjin fan in beskieden Monsters vs. Aliens-mediafranchise. Der waarden mei deselde haadpersoanen noch twa koarte films, in tillefyzjespecial, in tekenfilmsearje en in fideospultsje makke. Fan 'e koarte films wie ien, B.O.B.'s Big Break in prequel, dy't foarôfgeande oan Monsters vs. Aliens spilet, wylst de tillefyzjespecial, Monsters vs. Aliens: Mutant Pumpkins from Outer Space en de oare koarte film, Night of the Living Carrots op 'e langspylfilm folgen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.