Bitcoin

kryptofaluta

Bitcoin () is in kryptofaluta dy't yn 2009 ta stân kaam troch Satoshi Nakamoto (skûlnamme fan in ûnbekende persoan of groep). It útgongspunt fan de betinkers wie it mooglik meitsjen fan digitale betellings tusken brûkers, sûnder dat dêr in tredde partij by belutsen wurdt. In wichtich ûnderskied tusken Bitcoin en oare faluta is dat Bitcoin net troch in sintrale bank beheard wurdt en dêrom beskerme is tsjin politike ynfloeden. De earste Bitcoinbetelling fûn plak op 3 jannewaris 2009.

Logo fan Bitcoin

Keppeling om utens

bewurkje seksje