Anita Pointer
Anita Marie Pointer (Oakland, 23 jannewaris 1948 - Beverly Hills, 31 desimber 2022) wie in Amerikaansk sjongeres. Njonken June Pointer, Bonnie Pointer en Ruth Pointer wie se ien fan de fjouwer sjongeressen fan de soulgroep The Pointer Sisters.
Anita Pointer | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Anita Pointer (1974) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anita Marie Pointer | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 23 jannewaris 1948 | |
berteplak | Oakland | |
stoarn | 31 desimber 2022 | |
stjerplak | Beverly Hills | |
wurkpaad | ||
sjenre | R&B, Pop, Soul | |
sjongtaal | Ingelsk | |
grutste hit(s) | Fire, I'm So Excited | |
jierren aktyf | 1969-2015 |
Karriêre
bewurkje seksjeAs famke spile Anita Pointer altsaksofoan yn in skoalband fan de McRae High School. Yn 1969 naam se ûntslach as sekretaresse en foarme tegearre mei har susters The Pointer Sisters, dêr't sy oant 2015 diel fan útmakke. De frouljusgroep hie benammen ein jierren 70 en begjin jierren 80 in protte sukses. Yn 1987 brocht Anita Pointer har earste eigen solo-album út, Love For What It Is.
Priveelibben
bewurkje seksjeAnita Pointer waard berne as fjirde fan seis bern. Har heit Elton Pointer wie geastlike. Hoewol't se sels yn Kalifornje berne waard, kamen har âlden út Arkansas. Pointer hat meardere kearen boaske west en hie in dochter, dy't yn juny 2003 mei 37-jier ferstoar. Dêrnei brocht Anita Pointer har beppesizzer grut.
Anita Pointer ferstoar op 31 desimber 2022, yn 'e aldens fan 74 jier oan de gefolgen fan kanker
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
The Pointer Sisters | 26 maaie 1973 | The Pointer Sisters | Yes We Can Can, Wang Dang Doodle |
That's a Plenty | 13 febrewaris 1974 | Steam Heat, Fairytale | |
Steppin' | 19 maaie 1975 | How Long (Betcha' Got a Chick on the Side), Going Down Slowly | |
Having a Party | 24 oktober 1977 | Having a Party, I Need a Man | |
Energy | 24 oktober 1978 | Fire, Everybody Is a Star, Happiness | |
Priority | 29 augustus 1979 | Blind Faith, Who Do You Love | |
Special Things | 1 augustus 1980 | He's So Shy, Could I Be Dreaming, We've Got the Power, Where Did the Time Go | |
Black & White | 12 juny 1981 | Slow Hand, What a Surprise, Sweet Lover Man, Should I Do It | |
So Excited! | 29 juny 1982 | American Music, I'm So Excited, If You Wanna Get Back Your Lady | |
Break Out | 6 novimber 1983 | I Need You, Automatic, Jump (For My Love), Neutron Dance, Baby Come and Get It | |
Contact | 1 july 1985 | Dare Me, Freedom, Twist My Arm, Back in My Arms | |
Hot Together | 23 oktober 1986 | Goldmine, Sexual Power, All I Know Is the Way I Feel, Mercury Rising | |
Love for What It Is | 1987 | Anita Pointer | Overnight Success, More Than a Memory |
Serious Slammin' | 1 maart 1988 | The Pointer Sisters | He Turned Me Out, I'm in Love |
Right Rhythm | 12 juny 1990 | Friends' Advice (Don't Take It), After You, Insanity | |
Only Sisters Can Do That | 16 novimber 1993 | Don't Walk Away |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|