Gerrit Noordzij
Gerrit Noordzij (Rotterdam, 2 april 1931 – Meppel, 17 maart 2022) wie in Nederlânske typograaf en letterûntwerper.
Gerrit Noordzij | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 april 1931 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 17 maart 2022 | |
stjerplak | Meppel | |
wurkpaad | ||
wurksum as | letterûntwerper en typograaf | |
jierren aktyf | 1960 - no | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Wurkpaad
bewurkje seksjeNoordzij sette mei syn karriêre útein as grafysk ûntwerper en as boekbinerslearling. Hy ûntwurp boeken foar tsientallen útjouwerijen, mar fan 1978 ôf benammen foar Utjouwerij Van Oorschot. Fierder hat er de akte fan troansôfstân troch keninginne Juliana en de trouakte foar prinses Beatrix ûntwurpen, withoefolle affysjes, postsegels, munten en makke er tekeningen, houtgravueres, kopergravueres, ynskripsjes yn stien en glês. Hy skreau kompjûterprogramma’s (foar Canon) en ferskate boeken oer syn fak. Teffens skreau en redigearre Noordzij it Ingelsktalige tydskrift Letterletter fan de Association Typographique Internationale.
Fan 1960 oant 1990 wie Gerrit Noordzij dosint letterûntwerpen oan de Keninklike Akadeemje fan Byldzjende Keunsten (KABK) yn De Haach. De Gerrit Noordzijpriis waard nei him ferneamd. Hy wie yn 1996 de earste dy't dy priis krige foar syn fertsjinsten op it mêd fan letterûntwerpen en typografy en syn ynspirearjende lessen oan studinten fan de oplieding Grafyske en Typografyske Foarmjouwing yn de 30 jier dat er dêr dosint wie. De utrikking wie by de ynternasjonale ATypI konferinsje dy't troch de KABK yn 1996 foar de Association Typographique Internationale yn De Haach organisearre waard.
Yn novimber 2011 krige Noordzij de Laurens Janszoon Costerpriis, dy't om it jier útrikt wurdt oan in persoan of ynstelling dy't him nuttich makke hat yn de wrâld fan it boek.
Noordzij stoar yn de âldens fan op 90 jier.[1]
Publikaasjes
bewurkje seksje- Zeis en sikkel - De kunst van het maaien
- The stroke of the pen
- Das Kind und die Schrift
- De streek
- De staart van de kat
- Theorie van het schrift
- Vergeetboek
- De handen van de zeven zusters
Oer Gerrit Noordzij
bewurkje seksje- Het primaat van de pen: een workshop letterontwerpen met Gerrit Noordzij / [gearst. Anno Fekkes ... et al.; red. en ynterviews Mathieu Lommen; byldred. Bart de Haas ... et al.]. De Haach, 2001.
- Dutch type / [compilation and text] Jan Middendorp; [ed. assistance and index: Catherine Dal ; English text ed. troch: John Kirkpatrick]. Rotterdam, 2004.
- Gewone letters Gerrit’s early models, / [auteurs: Albert-Jan Pool, Frank Blokland, Aad van Dommelen, Huug Schipper, Petr van Blokland; inisjatyf: Geen Bitter, Uitgeverij de Buitenkant, Amsterdam, 2013, ISBN 978-94-90-9133-97
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |